Pakesizzer Nyck en ik sille meidwaan oan de Slachterin.
5 kilometer is it doel
want dy ôfstân is foar in jonkje fan 7 lang genôch
en foar in pake fan 71 soms te lang.
Wij hawwe in taktysk plan.
Sa'n trije kilometer wat lykop drave
en dan soe Nyck mei syn enerzjy foar syn eigen kânsen gean kinne.
It plan doocht, de útfiering net.
Nei 100 meter fanôf de start draaf ik allinne e
n sjoch yn de fierte it griene sjurt earst noch wol,
mar al gau net mear.
Wat in toptiid, in moaie medalje om (hij is 2de fan de kategory ûnder de 40)
en dan minuten lang wachtsje op pake.
Mar dy is ek dik tefreden mei syn tiid.
Underweis wetter krigen fan Brecht en op de meet Samme, Nyck en Brecht as supporter.
Fan de jongste pakesizzer Syb (3) de ynspirearjende fraach.
'pake, waarom ga je zo langzaam'.
Dêr haw ik gjin antwurd op.
Foto's fan Jellie Holtrop en Samme Hofstra
Wat in dei sa'n draverij
![]() |
| Wachtsje op it startsinjaal |
![]() | ||
Nyck as earste op Littenserbuorren
|
![]() |
| wylst Nyck al hast mei syn medalje om siet |
![]() |
| Myn fanklup stiet op de meet |

.jpg)






Geen opmerkingen:
Een reactie posten