It is freedtemoarn
Ik fyts oer Skrok nei Hinnaard
Healwei Skrok sil ik in man foarbij fytse
At ik hast neist him bin, seit er
'Ik hearde jo al oankommen'
Mei sa'n opmerking stean myn earen op skerp
en myn hier yn de nekke giet rjocht oerein stean.
Ik sil troch fytse sûnder wat te sizzen mar nee....
'Jo earen binne noch goed'", sis ik
'Dêr giet it net om, dit is in echte fyts' jout menear oan
' Dat is moai mar wat wolle jo dêr meisizze'
'Gewoan fytse is better' wit menear de wiisneus te melden
'Ha jo ek in auto, freegje ik him'
'Ja dy haw ik, at it wat minder waar is, brûk ik dy'
'Ja krekt', sis ik dan. 'ik riid gjin auto, ek net at it waar wat minder is.
'At it waar wat minder is, sit ik ek op myn e-bike
en dan sitte jo fêst yn in stjonkauto, is't net sa?'
De earen wiene dochs net supergoed of Eastyndysk,
hij hie gjin werwurd mar hij begong oer de leeftyd
"Minsken yn de 60 en jonger hoege gjin E-bike',
wie syn nije argumint
"Ik bin 70 west', ferdidigje ik mij ek noch.
Hij sjocht mij oan, of wol der sizze, dat liichst
en foardat der wer in argumint betinkt
set ik myn E-bike yn de turbo.
100 meter fierder hear ik him noch praten en roppen....
Geen opmerkingen:
Een reactie posten