2032 dagen hasto libbe.
Dy earste dagen fan dyn libben
wiene tagelyk de lêste dagen fan dyn libben.
Do wiest in "lief zorgenkind" sa stiet der yn de adfertinsje
fan begjin maaie 1961.
De rou-adfertinsje...
Wat dy soarch spesifyk west ha, wit ik net.
Oer de dea en de deaden waard net tefolle praten.
Seker net mei bruorren fan 6 en 8 jier.
Stil, swije, dat is better,
miskien giet dat aaklike gefoel fan gemis dan oer.
Dat aaklike gefoel is nea oer gien yn ús húshâlding.
It hat in stimpel drukt,
it hat syn spoaren efter litten
Wie der in skuldgefoel bij myn âlders,
omdat se net goed op him past hiene?
Wie it wol ferstannich
om ien dei nei de ferhuzing fan de Hofkamp nei de Molewâl
in jonkje fan 5 jier op syn autoped boartsje te litten
flak bij de grutte feart?
Of hawwe se wylst se drok mei it útpakken dwaande wiene
tsjin mij (6 jier) of myn broer (8 jier) sein:
let jim wat op Meindert
Wij hawwe it der nea oer hân,
want ja stil en swije dat wie better.
Op 5 oktober 2025 hiesto 70 jier wurden.
Op dy dei is it 23541 dagen lyn datsto ferdronkst yn de Boalserter Trekfeart.
23541 dagen dy't ik wol libbe hast en do net.
Ik kin der betiden net bij.
Wat hie der fan dy wurden,
wat hasto allegear mist,
dat binne fan dy fragen dêr't ik gjin antwurd op krij.
Hiesto fuotballe en keatst
of wiesto mear fan it fiskjen en aaisykjen?
Hiest in boekewjirm wurden
of in handige Harry. Of beide?
It útgean, wille meitsje, efter de froulju oan,
reizgje, in gesin stichte do bist der net oan ta kommen
Sa no en dan sjoch ik bij dyn stien op it tsjerkhôf yn Wommels.
Nea haw ik oan dyn jierdei tocht.
Ik moast sels opsykje wat dyn bertedatum wie.
Dit jier fier ik dyn 70ste jierdei
ek al hast al 65 kear dyn jierdei net fiere kinnen

Geen opmerkingen:
Een reactie posten