Moandeitemiddei, in oere as ien,
Wij hawwe in boadskipke yn Spannum.
Hinnereis gean wij lâns de Boalserterfeart en Iens
Werom oer Kûbaard.
In oerke letter binne wij wer thús
en sit ik mei in boek op skurte
Ik hear in sirene en noch in sirene
Ik sjoch it swaailjocht yn in flits rjochting Warntille gean
P2000 seit, "persoon te water""Walperterwei"
Ik folch it nijs
Man overleden
Ik sjoch in foto.
Ik sjoch helpferlieners,
ik sjoch in wyt ôfskermdoek
Dêr fytsten wij in goed oere lyn lâns.
In man út Südwest Fryslân.
79 jier lês ik letter
"It sil dochs net dy man wêze,
dy't ik moarns faak tsjinkom.,
at ik rjochting Tsjom of Boalsert gean
en hij weromkomt"
Dy man mei dy blaue jas,
dy't altiten krom oer it stjoer leit
Dy man dy't ik simmers faak op de bou sjoch
en ek winters at er boerekoal ite wol.
De man dy't ús in kear rûnlieden hat yn de tsjerke yn Iens
en ús wat mear fertelle kin oer ús heit,
dy't ek fan Iens komt
De oare deis is de befestiging
Hij is it.
Wat in drama
Geen opmerkingen:
Een reactie posten