It sil wol moai wêze foar de bern, dy ferrekte snie.
Wat in gedoch sa yn it wykein, fyn ik.
Freedtejûn riidt der gjin bus
en kin ik net nei Neushoorn
In staking en/of snielijen, wat sil it sizze.
Feit is dat ik twa punkbands mist ha.
Dêr baal ik fan.
Sneon, ús fuotbaldei rint ek yn it hûndert
Moarns in tichte kantine
en middeis gjin fuotbal yn Easterein.
Hast alles ôflast.
Der bliuwt ien wedstriid op fytsôfstân oer
Arum 1- Bloksyl 1.....
Wêr't oars net in burdjier der oan tinke soe
om dêr hinne te gean.
stean ik middeis wol oan de line yn Arum
De snie hawwe se oan de kant skood
en in reedlik fjild bliuwt oer.
It wurdt 6-1 foar Arum.
en ik haw wolris tocht dat wij bij SDS
de meast irritante spiler yn it fjild ha.
Dat is ferkeard tocht.
Dat is Dani fan Arum,
hij daagt elkenien út
binnen en bûten it fjild.
In mislik fintsje
Geen opmerkingen:
Een reactie posten