woensdag 1 maart 2023

Bakje bij Rients Smit

 Yn it maart nûmer fan Diggelfjoer

stiet ek no wer de rubryk "Bakje bij".

Alle moannen gean ik bij in âldere Wommelser op besite

en mei dêr ien side oer skriuwe.

Ik kom alle kearen mei in moai ferhaal werom

mar woarstelje  dan thús mei de beheinde romte 

dy't ik ynfulle mei.

Doe't ik bij Rients Smit wei kaam, en oan it skriuwen wie

haw ik dizze oplossing betocht.

Wat ik net kwyt kin yn it stikje yn Diggelfjoer 

en wol kwyt wol

set ik op myn bloch.

Dit stiet yn Diggelfjoer en de rest stiet hjir ûnder.




Oer de húshâlding

Heit en mem wennen yn Kûbaard,

earst op in pleatske, mar letter yn in arbeiderswenning

Heit wie boere-arbeider wurden. mem die fansels de húshâlding

Yn 1942 stoar syn broerke Jentsje, oan in longûntstekking 

noch 11 moannen âld 

Yn 1945 stoar syn broer Auke.


Ien fan de âldere sussen wennet yn Kanada.

Syn broer Jan hat mei syn gesin ek lang yn it Stroek wenne

Jan stoar yn 1997 op it keatsfjild, 

dat hat in soad yndruk makke op Rients


Sûnens

"Ik haw mei 6 wiken kinkhoest hân, deasiik

en neffens dokter Nammensma soe ik it net rêde.

Ik rêde it wol en hoop dit jier sels 88 te wurden

Ik haw nei myn wurksum libben in lichte beroerte hân,

trije wiken yn Bloemkamp, mar neat oerholden.

It rinnen wurdt wat minder, mar fiel mij fierder noch goed.


Oer de skoalle en it learen

"At ik no op de legere skoalle sitten hie,

dan hie ik net in besprekgefal west, 

mar hie  ik gewoan op it spesjaal ûnderwiis sitten

Ik koe net goed leare en yn dy tiid

koene je nei de legere skoalle (14 jier) gelyk oan it wurk.

Ik haw mij nei myn 30ste foaral ûntwikkele

en dêr bin ik wol grutsk op.

Ik haw mij in hiel soad dingen eigen makke.

Lykaas de kompjûter, dy stiet hjir al 30 jier yn hûs stiet.

Ik fyn it prachtich sa'n ding

en brûk it foaral om waar gegevens fêst te lizzen 

en fan alles op te sykjen


Fuotbalje

Ik mocht froeger net op fuotbal, 

dat is wol spitich, want ik fyn dat in moaie sport.

Doe't ik as jongfeint bij van der Plaats yn Boalsert wurke,

hiene wij 90 minuten skoft,

sadat de Boalserters nei hûs koene te iten.

Wij fan bûten moasten sjen dy tiid troch te kommen.

Wij fytsten dan nei Plein 1455

en fuotballen dêr in oerke tusken de middei.

Je kinne wol sizze dat ik it dêr leard ha.

Ik bin in echet strjitfuotballer dus.

Letter wol bij SDS yn it twadde en legere alvetallen.

Moaie herinneringen.

Philippus Hingst dêr mocht ik graach mei balje.

Kicky Smit dat wie myn bijnamme"

en dyn skynbeweging wie legendarysk

sis ik der efteroan.

Ek yn de seal noch fuotballe


Keatse

De Freulepartij keatse wie net foar mij weilein. 

Der wie romme kar doe en jonges as 

Yme Goslinga, Andries Wijbenga en Sake Bootsma wiene better

Ik haw in protte ledekeatst yn Wommels en Itens

en foaral in soad nei it keatsen ta west

Ek nei it keatsen mocht ik graach efkes hingjen bliuwe 

foar de gesellichheid bij de stimmingsmuzyk fan de Wiko's


FD en LC

Rients lêst beide kranten, 

mar op it Frysk Deiblêd hat hij in abonnemint.

"Dat sit yn my, de kristlike wearden

en ik wol ek dat dy krante bliuwt"

At er moarns it FD út hat 

docht hij syn deistige loopke nei de de Bining

wêr't syn suster en sweager wenje.

"In moai loopke om efkes yn beweging  te kommen"


Sosjale kontakten

Bij alles wêr't wij it oer hawwe  docht bliken 

dat de sosjale kontakten foar Rients hiel wichtich binne

Efkes in praatsje dat fynt hij weardefol

Oer de tiid dat hij wurke en nei Wolvegea ta moast seit er

dat hij it moai fûn dat er wer oare minsken kinne learde

Bij it keatsen efkes it fjild om

en bij it fuotabl efkes in bakje yn de kantine


Syn lêste wurkdei yn Wolvegea

Rients soe op 1 juny stopje

mar syn wurkjouwer hie oanjûn 

dat hij 31 desimber dêrfoar syn lêste wurkdei wêze soe.

Der wiene dy dei al net folle minsken op it wurk

en iterstiid siet Rients allinne yn de kantine.

It wie dêr de gewoante om middeis om 12.00 oere nei hûs te gean.

Dat hat Rients doe ek mar dien.

Yn maaie hat er dan wol offisjeel ôfskie nommen


Tsjerke

Rients is grifformeard en is (wie) trou tsjerkegonger

Troch koroana koe dat net en hij hat de trie net wer oppakt

"Ik harkje sneintemoarn betiid nei tsjerketsjinsten 

en geastlike muzykprogramma's op ynternet

Dat fyn ik wol sa moai no


Ferfele

Rients ferfeelt him nea. Der is altyd wol wat te sneupen

of út te sykjen.

Selden bij ien west, wêr't it kopiear/printapparaat

sa'n promininte plak ynnimt yn de keamer.

Lêst hij iets dat nijsgjirrich is, dan kopieart hij dat 

en komt it yn ien fan de mappen

Histoarje mei hij him graach yn ferdjipje


Rients seit ta dat bij noch wat stikjes bij mij yn de bus goait. 

Dat hat hij ek al earder dien.

Ik haw al wat histoaryske feiten oer Wommels fan him krigen.

"It moat net fuortwurde, joech hij dan oan.,








Geen opmerkingen: