In âld kollegea, Janny, hat wat boeken stean
dy't se wol kwyt wol.
In boek is om te lêzen
en net om te bewarjen yn in souderkast.
Dat bin ik mei har iens
en sa nim ik wat boeken mei,
wêrfan ik tink dat ik se wol nijsgjirrich fyn.
Fryske boeken, dat wol.
De earste haw ik út.
Piter Terpstra skreau 'In flechteling'
Wat in ferskriklik moai boek!
Wêrom?
- It Frysk is prachtich mei in oantal moaie âlde wurden
- It ferhaal is byldzjend, ik sjoch it allegear foar mij
- In ferhaal oer in flechteling út Belgie dy't yn de earste wrâldkriich yn Gaasterlân telâne komt
- Ynformaasje oer sa't it doe gie yn Belgie
- Ynformaasje oer hoe't it yn Gassterlân wie yn dy tiid
- De ynfloed fan tsjerken yn Gaasterlân
- De striid tusken Walen en Flamingen dy't ek yn Gaasterlân troch giet
- De earmoede
- De iensumheid
- It fertriet
- De leafde
Ik sjoch dat Terpstra 125 boeken skreaun hat (Wiki)
en dat dit boek út 1999 is.
At immen it lêze wol,
jou it efkes oan, bij mij, \
want it is net de bedoeling
dat it bij mij op souder komt.
Trochjaan is better
Geen opmerkingen:
Een reactie posten