Hjoed is it aksjedei foar Turkije en Syrie
beide troffen troch natoergeweld.
Mear as 35.000 deaden.
In aksjedei mar ek in dei fan ôfskie fan Anneke Hulzinga
It hie sa wêze moatten
dat krekt op dizze dei Anneke nei it hôf brocht wurdt.
At er wat te helpen wie mei aksjes yn Wommels
dan wie dêr altyd Anneke.
Anneke stie altyd klear.
Iets dwaan foar in oar, dy't it nedich hat.
Net allinne bij aksjes om guod of jild bij elkoar te krijen
mar ek as frijwilliger bij tal fan aktiviteiten yn Wommels.
Wommels sille Anneke ôfgriislik misse.
Ik bin der wis dat in sûne Anneke hjoed mei meidien hie
oan aksjes foar dy twa lannen.
Iets meitsje mei de beppesizzers en dan ferkeapje
of oars wat
It berjocht dat Anneke stoarn wie,
sloech freed, sneon en snein yn,
wannear je it ek mar hearden
as in ierdskodding.
In ierdskodding mei ien slachtoffer
Anneke stoarn? Hoe dan?
It is net wier!
Anneke, dy sportive, sojaal belutsen frou,
is samar wei.....
Sterkte foar Gerrit
en de bern,
de bernsbern
en oare famylje
Geen opmerkingen:
Een reactie posten