De optocht bij de feesten yn Wommels
wie yn myn jeugd alle jierren .
Letter is it ien kear yn de twa jier wurden
en noch letter wikselt it ôf mei de taferielen yn de buert.
Mar werom nei de optocht yn Wommels yn de jierren 60 en 70.
De kleuterskoalle die altyd mei
en sa komt elkenien in kear op in wein.
Nei de kleuterskoalle hiene je "gelok "
at je bij in weinploech hearden,
want der wiene famyljes of buerten
dy't yn gearwurking mei in boer in wein makken
Falle je dêr bûten dan is dêr altyd noch de fyts.
De fersierde fyts.
Dy komt werom, at optochten bestean bliuwe.
At weinen net mear kinne, dan is dêr de fyts
Moai toch, al dy fersierde fytsen
foar jong en âld
Want âld mei ek meidwaan op de E-bike.
De fersierde E-bike
Wat in feest foar jong en âld.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten