zondag 27 november 2022

Sjonge

Ik rin fannemoarn op Skrok,

it binnenpaad fanôf de fûgelhut

Moaie loften om mij hinne

en lûden fan wetterfûgels yn de fierte.

Ik haw earkes yn en 

ik harkje lykas alle sneintemoannen

nei Prelude, it fersykplaten programma

mei geastlike muzyk.

Dat is noch oerbleaun fan myn kristlike opfieding.

Ik hear faak de Bliere Boadskipsjongers

of de Dobbers út Harich,

brassband de Bazuin of in koar út Urk of de Lemmer.

Wylst ik sa'n koar hear

en ik yn tinzen al dy mannen en frouen sjongen sjoch

út folle boarst en mei oertsjûging

dan tink ik werom oan dy tiid 

dat ik as jonge yn tsjerke siet.

Gjin wollen mar moatten.

Yn dy tiid wurdt er in nij lietenboek útbrocht

en al it tsjerkefolk moat der oan leauwe:

de nije lieten moatte ynstudearre wurde 

en dêrom stean der hieltyd twa  nije lieten op it boerd 

út de nije bondel.

It is dan gjin sjongen mear, 

it is wat mûlkje, wat prommelje of pûlemûlkje

of wat foar moai frysk wurd jim ek mar foar heare wolle.

Thús seit myn mem

dat se der neat oan fynt, dy nije lieten

Se wol de bekende lieten sjonge

út folle boarst

It is krekt as bij de konserten fan dizze tiid.

It leafst heart men de bekende hits

om dy mei te sjongen.

Dat sjoch ik freedtejûn ek bij the Gathering yn Neushoorn.

Ik fyn it prima






Geen opmerkingen: