1954 is in bysûnder jier:
myn bertejier en tal fan oare útfiningen.
Der leit no in nijsgjirrich boek bij de boekhannel,
sa krekt foar de feestdagen fansels ,
mei as titel "Mijn eerste 18 jaar"
Der binne boeken fan 1947 oant 1982.
Ik haw dy fan 1954
Wat barde der allegear om mij hinne
dy earste 18 jier,
sûnder dat ik der meast fan witten ha.
1954, in jier fan moaie dingen sa lês ik.
- it betelle fuotbal yn Nederlân begjint
- de earste batterij op sinne-enerzjy komt op de merk!
- de simmer fan 1954 ( ik bin berne op 20 july) wie de wietste ea yn Nederlân
- de earste automatyk yn Nederlân en de earste Burger King yn Miami
- it earste elektryske filterkofjesetapparaat
- meccano (jonges) en punniken (famkes) is yn
- Brylcreem trouwens ek
- de populairste sjonger yn Nederlân is Eddy Chistiani
- de earste draagbere tranisterradio wurdt lansearre
- der is in alvestêden tocht en dat fine oaren hiel wichtich
- muzyk is net om oan te hearen, want per jier litte se in top 10 sjen en der is net in nûmer bij dêr't ik langer as 5 sekonden nei heard haw op Spotify.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten