Sneontejûn wer in kear op it fytske nei it Bolwerk yn Snits
foar in konsertsje.
It kin wer en dêr bin ik bliid om.
Hartstikkene bliid en al dy oare lju dy't er binne ek.
Wat in prachtige jûn mei Letz Zep,
de tributeband fan Led Zeppelin.
De sfear komt der hieltyd mear yn en de band spilet fantastysk.
Al meardere kearen sjoen, mar sa goed as no noch nea
en sa sfearfol as no ek noch nea.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten