vrijdag 11 maart 2022

Fegetarysk

 Twa pakesizzers útfanhûs.

3 en 5 jier. Gesellich.

"Werom binne jim net fegentarysk" freget hij fan 5.

Bam, in drege fraach 

wylst ik dwaande binne it pak veganfla iepen te meitsjen.

Ik sit efkes mei de mûle fol "fleis"

Wat moat ik dêr no opsizze?

Wij dogge ommers ús bêst al,

mei sa no en dan in stikje fleis minder.

Ik tink nei oer wat te sizzen

Ik kom net fierder as.......

Dat wij opgroeid  binne mei fleis ite

en dat wij froeger net iens wisten dat er fegetariers wiene

Dat wij in stikje fleis op syn tiid wol lekker fine

Dat wij learden dat je mei molke mear mânsk wiene

Dat wij hearden ha in aai der bij hearde

en mear fan dy reklame drog redenen...

"Oke" seit er 

mar ik haw net it gefoel dat ik it goeie antwurd jûn haw.




Geen opmerkingen: