zondag 27 maart 2022

It wykein

 In wykein mei fariaasje

Sneontemoarn betiid nei de iepen dei bij boer Murk

Sjen en heare nei de fûgels en de lûden

In moai projekt fan Murk en it Agrarysk Natoerfûns

Roan wie efkes mei en sa waard it in moai útsje




Tusken de middei in ritsje nei Spannum

De Treffer is wer út en dan bring ik se bij Hendrik Eringa

dy't meast net thús is

of wol thús is mar net iepen docht foar in âlde rocker


Middeis in ritsje nei Easterein

foar de fuotbalwedstriid SDS 1 - Oeverzwaluwen 1

De winst mei 3-1 en hurd wurkjen die ús goed as Bunnikside




Jûns stie der bowlen op it programma.

Yn de Stolp yn Snits.

De lêste kear dat ik dat die, 

moasten wij de skoare noch sels bijhâlde op in briefke....

Dêr hiene de oare dielnimmers noch nea fan heard

(iets mei leeftydsferskil of sa)

Ik koe it noch en helle in skoare wêr't perspektyf ynsiet.

It wie in noflike frijwilligersjûn fan de Frysman



Sneintemiddei lekker fytse

lâns it moaiste keunstwurk yn Fryslân,

dat yn Bears stiet



Sneintemiddei wat letter nei de Bluescruis yn Easterein

en op tiid werom foar Formule 1.....





Geen opmerkingen: