Novimber stiet op Amelân de keunst sintraal.
Hûnderten grize en keale koppen
ride yn harren eigen auto,
gean mei de elektryske Arriva bus,
of ferpleatse harren op de hierde elektryske fyts
it eilân oer nei ien fan de 40 lokaasjes
wêr't keunst útstald is.
Alles is keunst,
en sa fytsten wij yn trije dagen it hiele eilân oer
op ús eigen fyts sûnder ûndersteuning.
Wij seagen op alle lokaasjes
en de foto's dy't ik dêrfan makke komme letter.
Wat op dizze acht foto's stiet,
is dêr altyd te sjen
Oan de waadkust dit prachtige keunstwurk |
Yn it bos efter Hollum in minitaferieltsje |
mei poddestuollen en kabouters |
De mûne bij Hollum draaide tafallich en makke de Amelander mostert. .... Wat kin mostert dan rûke/stjonke..... |
In klinkerpaad bij Nes dat útriden is en plak makket foar in hiel soad heale klinkers... |
Foar de safolste kear wiene wij dik tefreden oer ús oernachtingsplak bij Nes |
It natoermuseum yn Nes is dêr altyd moai |
Moai sein op de terminal yn Nes |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten