Der binne fan dy útsjes dy bliuwe je bij,
tink ik.
Dat útsje fan tiisdei dat soe ien wêze kinne:
Volbeat yn Ziggodome yn Amsterdam
Ik koe mei op in frijfallen kaart
tige tank baas fan Friso
om him nei de States te stjoeren
Mei Menno, Meinko en Ernst op tiid op paad,
hapke ite, sfear priuwe
en doe op nei de Ziggo dome
Dêrfoar moasten wij bij de Heineken Music Hall lâns,
Wat in begrutlike taferielen dêr.. echt tûzende jongeren stiene dêr oerenyn de rige
en yn de rein
te wachtsjen om nei binne te gean
Wij strûpten sa nei binnen ek al omdat it fouillearjen suksesfol ferrûn:
wij hiene gjin drank, drugs, wapens en oar ark yn de bûsen of op it lichem plakt.
it mobyltsje mocht wol mei
en dêr koe ik dan toch in pear foto's mei meitsje
Fan Crobot bygelyks..... in matich bandsje
Bin je dêr krije je in foto binnen op de tillefoan.. fan dochter Anne
spotten............"dyn ouwehear is der ek wer"
spotten............"dyn ouwehear is der ek wer"
Altyd goed fansels, in petearke mei in burdman (fan de Veluwe)
Airbourne en Volbeat fan...
fan Airbourne,
lekkere stevige stamprocken se komme net foar neat út Australie,
want dêr komt ACDC ek wei
en dat klinkt al krekt sa
Wij kamen foar Volbeat..
de Deenske band
nei in prima optreden yn de iepenloft yn Nijmegen dizze simmer
wiene wijnijsgjirrich hoe't it hjir wêze soe
It wie adembenimmend
hast twa oeren in werveljende show
dy't net in momint ferfeelde
sa strak, sa moai, sa hurd
it kin hast net better en hoecht net hurder
Nei ôfrin...
de adreline...net te leauwen
wij moasten earst in healoerke bekomme.....
wat in topband
Geen opmerkingen:
Een reactie posten