op earste krystdei,
in eintsje rinne
no, ja in eintsje...
ik fyn it in hiel ein
at it mear as in kilometer is.
![](https://blogger.googleusercontent.com/img/b/R29vZ2xl/AVvXsEjW575ktT-05VqR8tPqPjicriYxckgwTCCq3sg9QtX71fVNj5on3_KS_q46Pge8Q_nCQgjktdWACjBTvYjs-kx0jqo524pw-60v8MAAC2qotACbnrhvpY7xD86XDpxO0BAuoWwjgv596cYa/s400/2015-12-25+12.52.16.jpg)
Starum begjinne wij
wêr't je wol "in kûgel troch it doarp en de haven jeie kinne"
soe Rients Gratama wol sizze
Oan de oare side fan Starum leit de ferlitten jachthaven
mei de boatsjes fan de minsken dy't
de skiepkes (figuerlik) en it skipke (letterlik) op it droege ha
De flaggemêst op it Reaklif liket sa wol in wynmûne
![](https://blogger.googleusercontent.com/img/b/R29vZ2xl/AVvXsEgZCCmOgx_ecIs9dW-kmumMBIQ4ixZV7EEeTA3TC0otf0UByPLFaBuZhIpfl72uNOcl3iBHP8ZO9okd1J4PZ3OAPHXRoN-fWg2PxXQXeCvHxcYp_9_aLXXytxLb_xw7V5_k3Jukpmhv5P97/s400/2015-12-25+13.43.17.jpg)
Op dit terrein wie yn 2015 de start en de finish fan de Frysman.
Op 9 july 2016 is de twadde edysje. De muoite wurdich om efkes te sjen.
Op wei nei it pittoreske Laaksum, mei in fiskboer dy't earste krystdei fiert
Nei Laaksum komt er gjin ein oan Warns, wat in lang doarp is dat.
In kreas rûntsje (dat fûnen wij beide) fan 13 kilometer en noch fit ek nei de tiid
Geen opmerkingen:
Een reactie posten