woensdag 22 december 2010

Myn geheugen is noch goed

"Ik wil het graag even met u hebben over uw uitvaartverzekering, past dat nu", sa begjint justerjûn in frommes foar de tillefoan tsjin mij.

"Ik haw gjin útfeartfersekering, it bêste", is myn antwurd, wêrby ik dúdlik meitsje dat ik fierder gjin diskusje mei har oan gean wol. Ik wachtsje gjin reaksje ôf en lis de hoarn der gelyk op. Net smite mar lizze dat is fatsoenliker.
Dat se je wat oansmarre wolle is noch dêr oan ta, mar dat se suggereare dat ik dingen ha, dy't ik net ha, is in kwealike saak. Ik bin lid fan in begraffenisferiening, omdat ik opfied bin yn de sfear fan, at je net lid binne, kinne je de grûn net yn.

Fannemoarn krige ik fan de Lawei yn Drachten in mail mei de ûndersteande tekst.





En wêr doch ik in berop op myn geheugen. Ik haw gjin kaarten besteld foar Lenny Kuhr en bin der ek net west. Dêr bin ik wis fan. Myn (selektive) geheugen is noch goed. Dat fan de Lawei is gâns minder of soene se in kompjoeter de skuld jaan.

Oh ja: Myn geheugen seit wol dat ik op 23 jannewaris 2009 yn de Lawei wie bij Direct mei de Rockopera Tommy.

2 opmerkingen:

Memmetaal zei
Deze reactie is verwijderd door de auteur.
Memmetaal zei

Ekskuus! It wie wol deeglik in flater, net fan de kompjûter, mar fan my, krekt nij by De Lawei. Hie by fersin net de seleksje 'Lenny Kuhr 2009' makke, dêrtroch is de mail nei it komplete e-mailbesetân fan De Lawei stjoerd. Mocht Di-rect wer komme, dan lit ik it jo wer witte...!