dinsdag 30 december 2008

Ik haw it helle

Dit moat in posityf stikje wurde oer de 11 stêdentocht: It grut teatraal aventoer fan Tryater, sa't it omskreaun wurdt. Grut is it seker, teatraal is it betiden ek mar in avontoer fûn ik it net. Ik haw genoaten fan de prachtige lokaasjes dy't se útsocht hiene, fan twa geweldige stikjes toaniel (yn Winaam en Hylpen) wêrbij wij sieten te frekken op de tribune mar meisleept waarden troch it ferhaal fan de riders.
Ik haw mei nocht sjoen nei it betiden net hielendal goed fersteanbere toaniel yn de Noardertsjerke yn Snits. Yn Harns waard ik ferrast oer de sjow fan de lûden dy't it iis en de riders meibringe. Ik miste lykwols de echte klou of it hichtepunt. Mei dûnsteater sûnder tekst haw ik neat. It seach der leuk út yn Dokkum, mar ik waard der kâld fan (-3). Ek fan de twadde foarstelling yn Harns haw ik kennis nommen. Yn Sleat kaam bij mij it gefoel dat ik mij bij de poat nommen litten hie. Dat fûn ik kits.
In posityf stikje? Ja dochs. It wie seker leuk om mei te meitsjen, it wie geweldich regele allegear. Mei safolle minsken op paad en wij hoegden nauwelijks op elkoar te wachtsjen. En wachtsjen dêr haw ik in hekel oan.
En yn de bus dêr hiene wij meastal de koptillefoan op mei ferhalen en lûden fan de 11stêden. En dat wie mar goed ek, want ik moat der net oantinke at wij dy net hiene, dan hie ik de hiele dei harkje moatten nei twa efter ús sittende froulju dy't it de hiele dei hiene oer harren bern: ik wit no alles fan se, ik wit dat se mei 6 jier al in fiterdiploma hawwe, in jastichtkrijersdiploma, in ôfwaskdiploma, in doartichterdoggersdiploma en in toskpoetserdiploma. At dy bern sa troch geane, dan hawwe se mei 10 jier al 4 kear safolle diploma's as ik mei 50. En tuskentroch hearde ik ek noch wat er der allegear yn it krystpakket siet en wat se dêr mei dien hawwe.
Leve de koptillefoan.

Geen opmerkingen: