zondag 12 november 2023

Minskenstriid- Minskenlibben (12)

 Marten de Boer fan Easterein is  yn de sechtiger jierren

sloalmaster en letter haad fan de Herfoarmde legere skoalle yn Wommels.

Marten, dy't ik letter bij SDS ek tsjinkom 

en wêr't ik noch wolris mei fuotballe ha

hat ek wat mei taal en skiednis en Frysk

Hij skriuwt in boek oer Hinnaarderadiel

en ik fyn it wakker nijsgjirrich.

It boek leit nea fier fuort 

want sa no en dan sykje ik noch wat op

wêrfan ik tink dat it yn dat boek stiet.

It boek wer in kear yn de hân

betsjut altyd wer stikjes lêze.




zaterdag 11 november 2023

Taalbuorkje (11)

Ik haw altyd niget oan taal hân.

In opstel meitsje is myn favorite fak op de legere skoalle,

It wurdt meast wurdearre mei in heech sifer.

Wierskynlik bin ik dêr net ûngefoelich foar

want it motivearret mij om mij yn de taal te ferdjipjen

De Fryske taal fansels, de taal fan myn hert.

Ik harkje nei taalprgramma's op radio Fryslân

en sneup wit ik hoe faak yn dit boek om

Efkes Taelbuorkje fan H. Tjepkema

Bij it folgen fan de kursus Frysk , A, B en de akte

ûntstiet "de fanatike Fries" sa't se mij no karakteriseare




vrijdag 10 november 2023

Hawt der bart (10)

 Ien fan de earste Fryske boeken dy't ik kocht

is Hwat der bart fan Piter Boersma

Jim sjogge oan Hwat dat it noch de tiid wie fan de âlde stavering.

Ik haw it boek twa kear lêzen

omdat ik nei de earste kear tocht, 

wat haw ik mist, hoe sa in moai  boek?

"Wêrom skriuw ik net in boek"

gong der doe troch mij hinne.

Mei wat mear spanning, wat mear aksje.

Mei oare wurden, ik fûn neat oan it boek

mar sette it wol op myn list 

foar it heljen fan de Afûk akte.

Dat mûnling eksamen is in bijsûnder barren 

want de eksaminator is ......Piter Boersma.

Hoe en wat wit ik net krekt mear.

Ik haw de Afûk akte helle.....







donderdag 9 november 2023

In lolly

 



De learkrêften fan de skoalle fan Nyck en Samme

hawwe in studzjedei

Dat betsjut foar pake en beppe oppasse

en nimme wij se mei op stúdzje nei in museum

Wij sette ôf nei it Waddemsintrum op Koarnwertersân.

Se hawwe dêr fêst goeie bedoelings

om it bern nei de sin te meitsjen,

mar dydaktysk klopt der neat fan.

Op it dokumint wat se krije steane 12 printsjes mei fisken

"Sykje se op en at jim tenminste 5 hawwe krije jim in beleaning

In lolly, seit de gasthear der bij.

It is net sa , dat dizze bern nea snobbersguod krije

mar in lolly  wurket as in katalysator.

Op syk nei de fisken wurdt it doel

en it leafst sa fluch mooglik.

Wij moatte muoite dwaan om it tempo derút te heljen

en harren de kâns te jaan om mear te sjen

op ien fan de safolle skermen mei opdrachten 

en spultsjes  te betsjinjen

Sûnder foarútsicht fan in lolly

hiene wij dêr wol twa oeren omdangele

no krapoan in oere.

In lolly, gjin goed idee.

Fraach nei ôfrin at se it leuk fûnen.

Jaaaa, dat wol en se hawwe it net iens oer de lolly



De ring fan it ljocht (9)

 Yn de jierren 70, 

sammeleYpe Poortinga in protte folksferhalen

dy't hij yn twa boeken útbrocht.

Ik haw se doe mei nocht lêzen.

Ik kom der no net mear trochhinne.

Ik haw beide boeken en doch se net fuort.

Ik kin se wol nei in boekenmerk bringe of 

oanbiede bij in kringloopwinkel,

mar ik frees dat se dêr hiel lang lizzen bliuwe

want wa hat hjir yn dizze moderne tiid noch belangstelling foar.

Dan kinne se better mar bij mij op souder lizze




woensdag 8 november 2023

Voordeliger per dozijn (08)

 It boek  "Voordeliger per dozijn"

is al hiel lang yn myn besit.

It tink dat it in ôfskreaun boek fan de bieb is.

It is ek it ienige boek dat ik folle faker as ien kear lêzen haw.

Fermaaklik boek, foar mei op fakânsje.

Oer in húshâlding  mei 12 bern

dêr't de heit altyd dwaande is om út te finen

 hoe't dingen effisjint dien wurde kinne yn syn húshâlding

It winkeljen, it ôfwaskjen, it waskjen ensafuorhinne




dinsdag 7 november 2023

Lân loft en see (07)

Tusken de âlde boeken fûn ik ik noch in prachtich boekje 

fan Tsjebbe Hettinga.

Ut 1973.

Persoanlik kocht fan Tsjebbe. Op de Kliuw bij Tsjerkje.

It boekje is útjûn yn eigen behear.

Begryplik want wa sjocht it op dat momint sitten

 yn sa'n literaire boeresoan fan de Burchwerterhoeke.

Neist de tagaonklike fersen falt op 

dat it yn in pracht hânskrift skreaun is 

en dat it fol stiet mei adfertinsjes.

De dichter hie it bedriuwslibben nedich

Foaral yn Snits  hiene se fertrouen yn de opset, 

want neist de hjir ôfprinte foto's fan it boekje

 stiet der moaie adfertinsje yn fan "de Witte Kat",

omskreaun as : intieme sfeer, 

voortreffelijke hapjes, 

heerlijke koffie.

Letter kocht ik ek noch in twadde bondel fan him

en miskien ek noch wol in tredde, mar dy kin ik net mear fine





Seure

 


Jim ha gelyk at jim sizze 

dat ik wolris seur oer ús fierstentegrutte gemeente.

Ik jou se no in komplimint

Se pleatse in laadpeal sûnder dat wij der om freegje

Dat is nij foar mij, mar ek foar oaren

Ik sitear ien fan dy oaren fanôf Facebook


Je blijft je verbazen en blijft lachten hier op het Swingoerd.

Staat er opeens een pispaal 🙈😂

Wie heeft dat nu weer bedacht ? Het wordt gewoon gedaan !

Niemand hier op de buurt die een electrisch voertuig heeft en nu ook nog een parkeer plaats minder ! 

Parkeren is hier dus nu niet meer mogelijk, ja natuurlijk het kan wel maar bij controle €140 boete !


Der komme reaksjes op.

Hoesa hat net ien in elektryske auto?

Der ûntstiet in diskusje mei ûnkundige reaksjes

oer hybride auto's en sels oplade of oan de peal

Gelokkich hat ien der wol ferstân fan

en blike der twa auto's op de buert te wêzen

dy't wol oan de peal kinne/moatte

It is wat.

Gewoanwei komme fersjenningen

pas at je der hiel lang om seure

No is de fersjenning der al

en wurdt der ek wer seurd.

Ik bin der bliid mei,

miskien gean wij no wol foar in hybride auto

at wij wat oars moatte

Tanksij in peal dêr't wij net om frege hawwe as beurt





Fretsucht

It skilderij wat mij it meast ferraste

yn it Jopie Huismanmuseum wie dizze

De "Vraatzucht" wie der dus ek al yn 1968.....





maandag 6 november 2023

Bokwerd (6)

 Tusken myn jonge jeugd en de folwoeksenheid

binne net folle boeken yn myn kast.

Lêzen beheint him ta it lêzen

fan de ferplichte boeken op skoalle

"De herberg met het hoefijzer"

en de "Donkere kamer van Damocles"

steane mij noch bij.

Ik fyn fan letter twa boekjes fan Bokwerd.

Rink van der velde skreau alle wiken

in stikje yn de Ljouwerter Krante

oer it gean en stean fan de Bokwerteres

De tekst is fermaaklik

en om it ferfryske Hollâns 

scheuren wij nu nog onze buizen uit.




Jopie

 De musea yn de súdwesthoeke sette yn novimber 

de doarren wiid iepen

Foar elkenien, ek foar wa't it jild der net foar oer hat.

It is fergees. Trichtich dagen lang.

Foar mij de kâns om nei dy musea te gean

dy't ik noch net besocht haw yn ús regio.

Dat binne der mar in pear

en frjemdgenôch stiet it Jopie Huismanmuseum dêr ek bij.

Elkenien is fol lof en ik haw der noch nea yn west?

Dat klopt, op ien of oare wize haw ik net folle

mei dy "vodden en lompen"  dy't hij skildere hat.

Nei de besite fan sneintemiddei is dat oars.

It museum hat in moaie audiotoer

mei de efterlizzende ferhalen bij hast alle skilderijen.

Dat sprekt mij tige oan.

It ferskaat oan skilderijen is sa grut

omdat it meigien is mei de ferskillende fases yn syn libben.

Prachtich, yn ien wurd

It wie it jild mear as wurdich.....





tsjin it leger

de doar fan it húske






zondag 5 november 2023

Bibel (5)

Bij it ferlitten fan de legere skoalle

krije bern in bibel, better sein in bibeltsje.

Myn ferbazing giet net oer wat er ynstiet

mar hoe't it mooglik is 

om safolle ferhalen, safolle tekst

yn sa'n lyts boekje te krijen.

Hoe tin kin in bledside wêze

dat it him goedhâldt.

No al 57 jier lang.

It ienige boekje dat ik net útlêzen haw,

sterker noch, it ienige boekje

dêr't ik frijwol neat yn lêzen ha.

Dat wurdt him no ek net mear.

It tema hat net myn ynteresse

en de letters binne te lyts.

Ik haw der gjin emoasjoniele bining mei

mar smyt it net fuort



zaterdag 4 november 2023

Dik Trom (4)

 Novimber beoeknmoanne

Alle dagen in boek út myn eigen kast


Toen Dik Trom een jongen was - C. Joh. Kieviet

At de Pietje Bell boekensamling kompleet is

moat der wat oars komme.

It wurdt Dik Trom.

Twa boeken haw ik yn de kast stean 

en ik herinnerje mij dat as moaie boeken.

Gjin Kameleonboeken dat hie ek kinnen

mar dy sparre broer Hessel.

Dy haw ik dus wol allegear lêzen doe

mar net yn besit



vrijdag 3 november 2023

Pietje Bell (3)

 Novimber is de boekenmoanne bij mij

Ek dizze boeken steane yn eigen boekenkast


Pietje Bell is weer aan de gang - Chr. van Abcoude


Sân Pietje Belle boekjes yn de kast,

dat seit wol wat.

"Wat moat dy jonge op de jierdei ha?"

"Doch mar in Pietje Bell boek"

Sa sil it gien wêze yn 1964 en 1965.

It iene jier krije ik der 4, 

it oare jier 3.

Prachtige boeken doe.

Der skynt no ek in film te wêzen.

Dy haw ik net sjoen.

Fansels net.

Ik bewarje leaver dy herinneringen oan it lêzen





donderdag 2 november 2023

De tweeling van de Vinkensteeg (2)

Novimber,
30 dagen oandacht foar in boek út myn eigen kast


De tweeling van de Vinkensteeg - M.A.M. Renes - Boldingh

Dit is in boekje út 1963.

Ek no wer krigen fan it Krystfeest.

Ik tink dat yn dy tiid de boeken fan it Krystfeest

de ienige boeken binne dy't wij krije.

Neist dy appel en in reepke neffens mij.

At it in moai boekje is, wit ik net mear




woensdag 1 november 2023

De wilde jagers (1)

Ik rop novimber út ta de moanne fan it boek

Tritich dagen lang jou ik oandacht oan in boek(je)

dat yn myn boekenkast stiet.

In boek(je) dat ik net gau fuortdwaan sil


De wilde jagers - W.G. van der Hulst

It kin best wol sa wêze

dat dit myn earste boekje is.

Krystfeest 1960 stiet der yn.

Ik bin dan seis.

Lêze is dan it begjin yn klas ien fan de Herfoarme legere skoalle

Tidens de koroanatiid haw ik mei pakesizzer

thús oan it lêzen west.

Hij is dan 6 en hij koe it aardich goed lêze.



dinsdag 31 oktober 2023

Sybren

 Sa no en dan kom ik him tsjin

Sybren Wassenaar

At ik yn de buert fan Winsum fyts,

fytst hij dêr ek.

Altyd in groet, hast altyd in praatsje

"Wat hiene wij se moai te pakken"

Ja, Sybren dat wie machtich

"Ik haw jim moai holpen"

Ja, seker Sybren

"Fryslân Cup en sij net"

Skitterjend wie dat Sybren

"ik sei al tsjin harren, ik kom jim noch wol tsjin"

Do hast wurd holden Sybren,

dêrom stiest ek op de foto


It sit sa.

Sybren hie mei de 35+ fan Oosterlittens

nei Harkema west.

Striid om de Fryslân Cup 35 +

It seizoen 1994-1995

It gie der nochal hurd en gemien oan ta

en Oosterlittens ferlear.

Wij fan SDS 35+ helje de finale

en moatte tsjin dat selde Harkema Opeinde.

Op in bijfjild fan Cambuur

winne wij mei 5-2

Sybren is der bij.

Hij is noch blider as ús

krige fansels ek in bosk blommen

en dêr herinnert er mij alle kearen oan.




vrijdag 27 oktober 2023

De ein

 


Ik kom dizze foto tsjin yn it srgyf

Us âlde poes 

dy't yn maaie der ynienen net mear is,

sjocht fuotbal

Nei Ajax, dat ek mei de lêste jier dwaande is

as topploeg

dinsdag 24 oktober 2023

Scumbash

 Noch mar 50 jier âld

en der net mear bij wêze.

Ik skrik op sneontemoarn

at ik syn namme stean sjoch

op de ferkearde side fan de Ljouwerter Krante

Jan Rinse Blanksma, man, heit en soan fan.

Hij wenne yn Easterein en ik wenje yn Wommels.

Ik seach him net folle, feitlik nea.

Dochs haw ik ien geweldige herinnering oan him.

15 febrewaris 2014

reizgen wij tegearre nei Rotterdam

nei it earste Scumbashfestival.

Dat wie in machtige en lange dei.

At ik myn ferslachje fan doe no wer lês

dan fiel ik de muzyk fan dy dei wer.

Jan Rinse dy't mij kennis meitsjen liet 

mei de Toy Dols en UK Subs

Dankjewol Jan Rinse

Sjoch hjir



Taalfersmoarging

De 4 is in ûnskuldich getal.

Net hillich, gjin ûngelok of sa

Mar

sûnt begjin dizze iuw is dat feroare

De 4 is de grutste taalfersmoarger.

Ik hoech it net út te lizzen

at ik dizze trije foarbuylden jou

Healthcare4Oekraine

Radio4all

Brouwer4U

Letters en sifers en Ingelsk

wa betinkt soks 

vrijdag 20 oktober 2023

De Ywert

 


Yn Wikel stiet in gebou mei de namme 

De Ywert

Ik bin der noch net efter wat dat is.

Reuny

Fan 1999 oan 2008 wurke ik bij de gemeente Snist

Dat wie doe noch in oersichtlik gehiel

Fiif jier lyn hiene wij in reuny yn de Bakkersdochter

Ofrûne tongersdei op 'e nij.

Gjin taspraken, gjin spultsjes, gjin nammebuttons op, 

neat fan dat alles

Gewoan efkes prate mei wa't je wolle.

Yn dy jierren dat ik op it stedhûs wurke

fytste ik op in lisfyts.

Dy njoggen jier haw ik altyd trou myn wenwurk ferkear 

op dy lisfyts dien.

Hús - stedhús 13 kilometer,

werom it selde of iets mear

want wat fariaasje yn de rûte is better

Fan de âld kollega's dy't mij tongersdei  oansprutsen

frege elkenien: hast de lisfyts noch? 

Dat ik it burd ek noch haw, koene se sjen

oars hiene se dat ek frege, tink ik.

De lisfyts haw ik dizze simmer ferkocht

mar ik wie wol de fyts,

al holp Bosch mij wol tsjin de hurde wyn


Hans yn Wommels

Hans de Booy stiet de ôfrûne tiid wat yn de belangstelling. 

In sjonger dy't de measten kinne fan Annabel. 

Hij is wat oan legerwâl rekke en dat stiet sûnt koart yn in "biografysk portret", 

dat him stypje moat wat ynkomsten te krijen. I

k haw it portret lêzen dan wol skand. 

Wij hiene yn 1983 yn it Dielshûs in primeur.

It earste optreden yn Noard Nederlân. 

Om wat ynkomsten binne te krijen organisearden wij konserten   

De waan fan de dei regearde soms 

en neffens it boekingskantoar soe  in "topper" as Hans de Booy

 foar in grutte tarin soargje kinne, 

want elkenien song Annabel, het wordt niets zonder jou. 

Dat wie ek sa. 

Mar leafst 600 man neffens de Ljouwerter Krante.  

Finansjeel in goeie jûn mar muzikaal net. 

De resinsje moandeis wie striemin.  

It optreden yn it Dielshûs krige dan ek gjin ferfolch.  

Why Not stie yn it foarprogramma. 

Dat moat hast in hichtepunt west ha foar dy band yn dy tiid foar 600 man publyk




woensdag 18 oktober 2023

Hjerst fytse

Moandei
Der moat in auto nei de Lemmer brocht wurde
Krekt wat foar ús.
De fytsen efterop nei de Lemmer ta
en op de fyts nei hûs.
Net streekrjocht
mar oer stikjes dyk wêr't ik dit jier noch net west ha.

In ritsje fan 57 kilometer
wêrfan 22 nije kilometers

De tocht giet ek oer Sleat
Normaal moat je dêr útsjen foar samar oerstekkende rinners
no hawwe wij frij paad.
en kinne om ús hinne sjen wat dêr te keap is
en te sjen is







Wij sjogge dat yn Snits de hjerst begjint


vrijdag 13 oktober 2023

Twa lêzingen

 It liketwol de wike fan de lêzingen

Twa kear nei de Tiid yn Boalsert

In lêzing oer Ynje. 

It ferhaal fan in soan fan in Ynjegonger 

en in soan fan in Molukker.

It idee is prima, liket mij sa ta,

de útfiering liket nearne nei.

Gjin ferhaal, mar wat lossen stikjes

op basis fan emoasjes.

Ik bin yn it skoft fuortgien

mei it idee dat ik as soan fan in Ynjegonger

dit better dwaan soe.

Twadde lêzing giet oer de skiednis fan it fuotbal

yn de Súdwesthoeke

Jack de Vries, argifaris bij de Tiid

nimt ús mei oan de hân fan foto's en filmkes

oer de oprjochting fan de klups yn ús gemeente

nei legendaryske wedstriden

en bekende fuotballers

Ynteraktyf, want de tahearders wurde útnoege

om yn te heakjen en oan te fullen

Mar leafst twa en healoere boeit it

fan begjin oan ein.


Kryst

 



Yn Rothenburg oan de Tauber,

dat is oan de Romantyske strasse, 

is it djiptepunt fan de reis

It is 28 septimber en de winkels foar kryst

binne der al klear foar.

Wat in rotsoai.


woensdag 11 oktober 2023

Rûn

It Schnitzerzentrum yn it Lechdal

is de muoite wurdich

In soad bisten mar ek minskenkoppen

wurde fan hout makke










 



De holle is rûn
wêrtroch it tinken
de rjochting feroarje kin

dinsdag 10 oktober 2023

Syb en Maarten


Sneintejûn sitte wij yn Balk, yn Poadium Gorter.

Wij sille ús ferrasse litte troch Syb en Maarten,

Sij dogge de muzyk fan Simon & Garfunkel.

It is útferkocht, krekt as it middeikonsert.

Bij de earste klanken fan Sound of Silence

bin ik ferrast, mjiskien wol ferbjustere.

It klinkt as in klok

Alles dêrnei ek.

It ferhaal fan  Paul en Art 

wurdt om en om ferteld troch Syb en Maarten.

It is foaral Maarten dy't in prachtige wize fan fertellen hat.

It ferhaal, de muzyk en de stimmen

it is in topjûn.

De sfear sit der ek aardich yn bij it publyk,

dat thús skynber allegear de CD thús hat.

De twa artysten belûke it folk der ek aardich bij

en oars docht it folk it sels wol.

Sa'n jûn is it safolste bewiis 

dat der neat boppe live muzyk giet

ek al binne de bylden op You Tube sa echt

en it lûd fan Spotify geweldich is






Stanzach

 



Mochten jim in hotel sykje

oan de Lech

en jim binne yn de buert fan Stanzach

dan kin ik jim ferwize nei dit hotel.

Romtlik, gastfrij, freonlike minsken, 

grutte keamers, moai útsicht fanôf balkon

en prima moarnsiten en jûnsiten.