De musea yn de súdwesthoeke sette yn novimber
de doarren wiid iepen
Foar elkenien, ek foar wa't it jild der net foar oer hat.
It is fergees. Trichtich dagen lang.
Foar mij de kâns om nei dy musea te gean
dy't ik noch net besocht haw yn ús regio.
Dat binne der mar in pear
en frjemdgenôch stiet it Jopie Huismanmuseum dêr ek bij.
Elkenien is fol lof en ik haw der noch nea yn west?
Dat klopt, op ien of oare wize haw ik net folle
mei dy "vodden en lompen" dy't hij skildere hat.
Nei de besite fan sneintemiddei is dat oars.
It museum hat in moaie audiotoer
mei de efterlizzende ferhalen bij hast alle skilderijen.
Dat sprekt mij tige oan.
It ferskaat oan skilderijen is sa grut
omdat it meigien is mei de ferskillende fases yn syn libben.
Prachtich, yn ien wurd
It wie it jild mear as wurdich.....
tsjin it leger |
de doar fan it húske |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten