Sneon wer in moaie dei bij de triatlon yn Wommels.
Mei Pieter en Christine yn it Parc fermé
It binne de Fryske foarlêswiken.
Brecht sit yn Skearnegoutum op it pjutteboartersplak
en sij frege mij om foar te lêzen.
Graach......
Fan Brecht krige út namme fan alle bern in moai kadootsje mei in geheimke yn it ear....
at ik wer fuortgean op de fyts, stean se mij bij it stek út te wuiven
Yn Snits wolle se in iepenloft swimbad.
Dat meie se fine.
Dat yn ús fierstente grutte gemeente Wommels en Wytmarsum al sa'n swimbad hawwe,
makket neat út,
want dat is net in opsje foar Snitsers,
lês ik yn de Ljouwerter Krante.
"Want dat neemt weer reiskosten met zich mee".
Ja sa kinne wij der ek wol in pear.
Wij wolle hjir wer in gemeentehûs,
want no bringt dat reiskosten mei at je der hinne moatte
om wat op te heljen.
Wij wolle hjir in teater en popseal, w
ant no bringt dat reiskosten mei
at ik dêr hinne wol
Wij wolle hjir it sikenhûs ek wol ha,
want no bringt dat reiskosten en parkearkosten mei
at je dêr hinne moatte
Wij wolle boppedat ek in oerdekt swimbad,
want at je fanôf oktober swimme wolle
dan bringt dat wol reiskosten mei.
Ik bedoel mar....
Fan myn fêste kaartskriuwer út Manchester
krige ik wer in moaie kaart.
"In nijsgjirrich kaartsje foar jo"
stiet er op de efterside.
Mr. Natural fan Robert Crumb
Dankjewol Gerrit Tjallema,
de badman hat wol wat fan immen
dy't ik kin
Ik lês op dit stuit in boek fan Hakan Nesser.
In prachtich boek,
wêryn it oer in boekenresinsjeskriuwer giet.
Fan de 100 resinsjes dy't hij skriuwt foar in krante
binne der 75% negatyf.
Bewust negatyf.
Negatyf betsjut dat hij de skriuwer oan de grûn ta ôfbarnd.
Ik tink hjir oan
wylst ik wat skriuwe wol oer it iepenloftspul fan Jorwert.
It leafst bin ik altyd loovjend.
Ik haw mij ferskuorrend fermakke,
ik haw mij de bûsen útskuord
lake om al dy prachtige taalgrappen.
mar dat is allegear foar it skoft.
Nei it skoft haw ik neat field.
Argewaasje miskien oer al dat geweld.
In boek mei sjitterij, ik stop gelyk
In film mei geweld, ik hoech it net te sjen.
In iepenloftspul mei geweld,
ik hie wol fuortrinne wollen
Dat leit net oan de spilers of oan it dekôr
want dat wie wer geweldich.
Dat leit oan myn ôfgryslike hekel
om nei geweld te sjen.
De skoallen binne wer begong
raze de doeken ús ta.
Oppasse, dat is de warskôging oan oare dykgebrûkers.
Fannemoarn op de fyts nei Boalsert
Bewust lâns it trekpaad
om sa mei de skoallebern op te fytsen.
Miskien wol bedoeld om dat nostalgyske gefoel
fan 1966 werom te krijen
doe't ik as brêgepiper nei Snits fytste
De earste lei al op de dyk
foardat ik op it fytspaad wie.
De triennen yn de eagen
mei in stik as wat meifytsers der om hinne.
It liken mear triennen fan skamte of skrik
dan fan pine.
Yn in optocht nei Boalsert.
Groepkes fan fjouwer of fiif.
It trekpaad is tige geskikt om efter elkoar te fytsen
neist elkoar is it in bytsjes krekt sa as op it balk
wêr't je it evenwicht hâlde moatte.
It gie goed.
De E-bikers holden wat yn en de echte fytsers (lykas ik hjoed)
koene it goed bijsloffe.
Bij Boalsert gie it wer mis
Wer ien oer de wrâld
Giet goed sei er tsjin mij en oaren.
Fytse dat is noch net sa maklik.
Se hawwe gjin idee wat him ôfspilet yn de grutte minskenwrâld.
Blokkeare en de A12, dêr hawwe se noch nea fan heard.
Dit is gewoan harren paad.
At ik ien skiep oantrún paad te meitsjen folgje de oaren ek.
Dat seit de siswize.
Ik kin ek in oar paad kieze.
Dat doch ik dan mar tusken Boazum en Dearsum.
Bliuwt myn fyts ek noch frij fan skieppestront......
Der binne sa'n 337 gemeenten yn Nederlân.
Sûnt 2020 fytsten wij troch 219
Dizze wike diene wij in slach yn Grins en Drinte
Dêr leine noch wat gebieten wêr't wij net sa faak komme
Wij fytsten dizze rûte sa'n bytsje
De gemeenten Hoogeland, Eemsdelte, Midden Groningen,
Oldambt, Veendam, Pekela, Westerwolde, Stadskanaal
Borger Odoorn, Emmen en Assen
waarden in proai foar ús yn in fytstocht fan 4 dagen
mei 450 kilometer totaal
In prachtige rûte, foaral Grins is bijsûnder moai.
Drinte kaam ús goed út mei al dy beammen.
Skaad wie ús grutte freon.
De lêste dei 140 kilometer fan Emmer Compascuum nei Wommels.
Op twa eilannen nei, is it noarden no klear
![]() |
Samme ûnderweis nei de bel |
![]() |
Samme liedt de bel |
![]() |
| Nyck 5 jier, ûnderweis nei boppen |
![]() |
| Nyck hellet de bel ek |
![]() |
| Samme hinget 53 sekonden yn de touwen |
![]() |
| tegearre op de tank |
![]() |
| Beide yn in wetter skooter |
![]() |
| Klimme en klauterje |
![]() |
| Yn de tank |
Op 'e Skille is in regionaal krantsje
dat om de 14 dagen ferskynt yn de Greidhoeke.
Genôch redaksjoniele stikken om it in nijsgjirrich blêd te neamen.
Der binne in oantal fêste kollums,
dy't ik beide net lês,
de rest lês ik wol.
Der is noch in fêst ûnderwerp
dat sa stadichoan myn ynteresse ek ferlern hat.
Dat is it yntroduksjeferhaal fan in koach.
"Al wer in nije koach", tink ik dan.
"Wer ien dy't fanút in eigen minne erfaring
it ljocht sjoen hat,
en no koach wurden is op dat ûnderdiel".
It AD kopte dizze wike ek al oer de koaches
Neffens dit oersicht binne is op 218 ynwenners ien koach yn Fryslân
Yn Wommels hawwe wij dus sa'n 12 koaches nedich,
mar der sit noch rek yn at ik sjoch nei de sifers fan Utert
Skrik net, dit wurdt in posityf stikje
oer Skrik
In festival, opsetten troch de jongerein fan Wommels
en omkriten.
In moaie lokaasje, dy't prachtich oanklaaid is.
Allegear noflike minsken dy't dizze jongeren stypje
troch der te wêzen.
Foar de bern wat ferdivedaasje
foar de mage in fette hap
foar de toarst lekker kâld bier
en foar de earen twa live bands.
Ik wie wer bliid mei de rock
en dizze twa jonge fans ek
![]() |
| Lofts pakesizzer Nyck en rjochts in Stonesfan |
At it myn tiid is, sjoch ik noch efkes ta
hoe de jongelju noch los gean
op in kreas gearstald playlist mei dancemyzk.
Sneintemoarn opromje
9 oere haw ik te hearen krigen.
Minne tiid wierskynlik
want der is net ien.
Om kertier oer njoggenen ek net.
It is net oars,
se rêde it fêst ek wol sûnder mij,
ik gean nei hûs.
Dêr sitte wij dan mei syn allen
te sjen nei it keatsen
Op it affysje stiet PC froulju
myn each sjocht meast in oar nivo.
it liket sa oan it begjin fan de middei wol ledenkeatsen.
Wat in meager nivo.
Der binne noch mar in pear toppers.
It tuskenspul is om te janken.
Op de boppe stean is foar froulju in dreech plakje
te dreech
Yn de finale makke foaral de boppespylster it ferskil.
Marit Zeinstra dy't alles hat
en wit wat se docht
Louise Krol dy't werom slacht, at se der bij kin,
mar sûnder idee
Hoop dat Sjanet Wijnia in goeie bopp-spylster útsocht hat
dan hat se folgjend jier wer kâns.
It is de tiid fan de Fryske sporten
Dus nei it keatsen yn Frjentsjer en Wommels
it skûtsjesilen yn Starum en de Lemmer
en it fierljeppen yn Winsum
Moaie keatserij,
prachtige silerij
mar it hichtepunt
letterlik en figuerlik
is de sprong fan Rutger Piersma mei 21.06
Einpikefel fljocht mij oer de rêch at ik dat sjoch
Miskien wurdt dat noch wolris in útdaging.
Lâns alle 222 gekste plakken fan Nederlân fytse
sa't dat beskreaun wurdt yn in boek.
It boek leit thús altyd foarhannen
want it bliuwt nijsgjirrich.
Hjoed fytse wij troch Blesdike.
"Rustpunt" stiet er oanjûn
en wij binne ta oan in bakje.
It docht bliken dat it "Rustpunt"
bij in kamperplak is.
Net samar in kemperplak
mar in moaiste plak fan Nederlân yn 2023,
neffens "deskundigen" út de hiele wrâld
De kofje is prima, de stoel sit noflik
it is der skjin, it 'útsicht is goed
en de eigner is freonlik.
Dy titel jildt dus ek foar dit Rustpunt
Wij stappe wer op de fyts
en sjogge tusken de beammen in bousel
Ik moat mij al raar fersinne
at dit gebou net yn myn boek
"222 Allergekste plekken van Nederland" stiet
Tiisdeitejûn is der in lêzing yn de haven
"Lêze foar de Freule", in moaie tradysje.
In geweldige foarlêzer hawwe se útnoege:
Sjoerd Bottema lêst in bijsûnder ferhaal foar.
Oer it ferhaal binne de mieningen wat ferskillend
mar ik haw mij fernuvere.
Foar de lêzing kinne wij genietsje fan de Freulesjongers.
In sjantykoar mei net allinne sjantys op it repertoir.
ik hear ek keatsferskes.
"Komst út Littens, Rie bij Berltsum
Moddergat of komst út Baard"
Dy earste sinnen komme mij bekend foar.
Thús sykje ik in cd op,
want is dat net in ferske dat ik skreaun haw
foar it 100 jierrich jubileum fan de Freule yn 2002?
Dat haw ik wol faak
dat ik betink hoe soe immen it fine
at dy no noch libbe.
Hoe fersteld (ferbjustere) soene myn heit en mem wêze
at se no fanút harren grêf yn Iens nei Wommels fytsten.
It fytspaad bij de feart wie der al yn 1998 en 2000
mar al dy feroaringen yn it doarp yn dy 25 jier?
Hjoed fyts ik troch Wommels
en slingerje mij en paad tusken frachtautos
en noch mear frachtautos
dy't de Terp, it keatslân en it Bosk
befoarriede mei fan alles
Ik tink oan freule Clara
dy't hjir sa'n 125 jier troch it doarp kuiere.
Clara dy't begien wie mei earmoede
en nije huzen bouwe liet yn Wommels
Clara dy't graach woe dat de jonges keatsten
en dêrom prizen beskikber stelde foar it jongesekeatsen
Dy Clara dy soe no troch Wommels kuierje moatte
te begjinnen op de Freuleleane.
At se de brêge oer is
soe se dan skrikke?
Skrikke fan al dy wite tinten, dy blau/wite kassa's
en dy no noch lege biertanks
dy't fan de frachtauto takele wurde op de Terp?
Soe se skrikke fan al dy piskruzen om en bij de Terp,
dy't ús doarp stankfrij hâlde?
Soe se skrikke fan dat selde taferiel yn it Bosk?
Skrikke fan al dy swarte stekken, dy tribunes,
op om it keats- en sportfjild hinne?
Skrikke fan dy keatsmuorre foar har freulewenten?
Soe se it mei ôfgrizen oansjen
en graach gelyk werom wolle yn har grêf?
Of soe se grutsk in slach om it fjild dwaan,
efkes yn de bestjoerstinte sitte wolle
neist de foarsitter en de kommisaris fan de kening?
en dan mei in brok yn de kiel sizze:
Sa hie ik it net betinke kinnen
\mar it is moai..........
It wie in prachtige jûn
mei in stevige set fan the Rumjacks
en in meisjong oere fan Dropkick murphys.
Prima regele dêr en in hearlike sfear.
En at the Kilkennys ' daar in het kleine café' sjonge
dan witte je dat de Ierske jûn tige slagge is.
Us pakesizzer Samme (hij is al 7) mocht ek mei.
Wat hat er genoaten dêr foaroan
yn de sône fan de befeilgers fan syn favorite Rose tattoo.
In pear kear in boks fan de sjonger en gitarist en......
de setlist mei hantekens bliuwe foar altyd yn syn herinnering
en yn dy fan syn heit en mem en syn pake.
Dankjewol Veenhoop Festival foar dizze prachtige jûn.
Mei al dy fleurige muzykfreonen koe it ek net mis gean.
Wij komme miskien wol wer ris
at er wer sa'n geweldige band is.
Wat er noch bijkomt wie it feit
dat wij der op de fyts hinne koene
4 kilometer fan it terrein kampearden
en noflik hast foar de wyn werom fytsten
Sa fit as wat......
It is tiisdei.
Moarn is de PC
Hjoed sjoch ik te faak op Buienradar, Weeronline en Meteored
Se jouwe allegear it selde byld.
Rein en net sa'n bytsje ek.
Wat sil ik dwaan moarn?
Thúsbliuwe is gjin opsje.
Wietreine litte is ek net oantreklik.
Foar de buien of nei de buien
Op de fyts of op de fyts
Bliid dat de PC kommisje oan de ein fan de middei my helpt
It begjint net foar tolven
dus kin ik de swierste buien fanút hús besjen.
Ik kin sels earst op jierdei bij dochter Hildau.
It sil letter wol efkes droech wurde
dus iterstiid dy kant mar út.
De weromreis makket net folle út.
ik haw ljocht op de fyts
dus de lêste slach wol ik feitlik wol sjen.
Earst fregen wij alles oan Google
Dat kin no ek oan Chat GPT.
Dy soe alles witte en kinne.
En fluch.
Ik die de proef op de som
Ik frege
Maak een routebeschrijving voor een wandeling in Wommels . Wat is er allemaal te zien. Vertel iets over de straten, de wijken en de oude gebouwen. Wat zijn de bekende inwoners (geweest). Een rondje van 5 kilometer
Ik krige dit as antwurd
ChatGPT
Routebeschrijving
voor een wandeling in Wommels (5 kilometer):
Deze wandeling neemt je mee door
het schilderachtige dorp Wommels, waar je kunt genieten van de historische
straten, charmante wijken en prachtige oude gebouwen.
Startpunt: Dorpsplein Wommels
Tijdens
deze wandeling krijg je een goed beeld van het idyllische dorp Wommels, met
zijn rijke geschiedenis, prachtige oude gebouwen en aantrekkelijke straten en
wijken. Geniet van de wandeling en de mooie omgeving!
Ik winskje jim in moaie speurtocht
In slach troch Wjelsryp brocht mij bij de Frjentsjerterfeart
It dykje rint dea.
Ik kom út bij in heechhout
In opfallend moai heechhout fan beton
Op de side fan it doarp Wjelryp lês ik letter dit
Bovendien is er een fraaie ronde betonnen brug over de Frentsjerter Feart, die het buurtschap ’t Heechhout ontsluit.
Sa, dan wit jim dat ek.
Hoewol sommigen wisten dit al
en witte miskien wol mear te fertellen