dinsdag 8 augustus 2023

Freule Clara is werom

Dat haw ik wol faak

dat ik betink hoe soe immen it fine

at dy no noch libbe.

Hoe fersteld (ferbjustere) soene myn heit en mem wêze

at se no fanút harren grêf yn Iens nei Wommels fytsten.

It fytspaad  bij de feart wie der al yn 1998 en 2000

mar al dy feroaringen yn it doarp yn dy 25 jier?


Hjoed fyts ik troch Wommels

en slingerje mij en paad tusken frachtautos 

en noch mear frachtautos 

dy't de Terp, it keatslân en it Bosk 

befoarriede mei fan alles

Ik tink oan freule Clara

dy't hjir sa'n 125 jier troch it doarp kuiere.

Clara dy't begien wie mei earmoede

en nije huzen bouwe liet yn Wommels

Clara dy't graach woe dat de jonges keatsten

en dêrom prizen beskikber stelde foar it jongesekeatsen


Dy Clara dy soe no troch Wommels kuierje moatte

te  begjinnen op de Freuleleane.

At se de brêge oer is

soe se dan skrikke?

Skrikke fan al dy wite tinten, dy blau/wite kassa's

en dy no noch lege biertanks

dy't fan de frachtauto takele wurde op de Terp?

Soe se skrikke fan al dy piskruzen om en bij de Terp, 

dy't ús doarp stankfrij hâlde?

Soe se skrikke fan dat selde taferiel yn it Bosk?

Skrikke fan al dy swarte stekken, dy tribunes, 

op om it keats- en sportfjild hinne?

Skrikke fan dy keatsmuorre foar har freulewenten?

Soe se it mei ôfgrizen oansjen 

en graach gelyk werom wolle yn har grêf?

Of soe se grutsk in slach om it fjild dwaan,

efkes yn de bestjoerstinte sitte wolle

neist de foarsitter en de kommisaris fan de kening?

en dan mei in brok yn de kiel sizze:

Sa hie ik it net betinke kinnen

\mar it is moai..........




Geen opmerkingen: