Heech wetter dat hawwe wij hjir ek alris hân yn Wommels.
Yn 1918 moast de boatferbining
Boalsert - Ljouwert oanpast wurde
Heech wetter dat hawwe wij hjir ek alris hân yn Wommels.
Yn 1918 moast de boatferbining
Boalsert - Ljouwert oanpast wurde
De klokkestoel fan Hoarnstersweach is boud yn 2007
neidat de eardere stoel yn 1977 ôfbrutsen is fanwege houtrot.
De klok hat in skoft yn Mildaam west,
mar sûnt 2007 werom yn Hoarnstersweach
Geniet fan it beskieden klokkestuoltsje fan Hoarnstersweach
neist de tsjerke fan 1621
Dit stiet tongersdei yn de Ljouwerter Krante
Ien fan de "veertien" bin ik.
Wij hawwe in noflike jûn hân
At it der wat op liket dan stekke wij graach oan bij in RUSTPUNT
Moandei like it der op,
better sein it is top yn Klein Groningen.
in rêstpunt tusken Hemrik en Wynjewâld.
In krease bank bûten en in prachtige binnenromte
om te sitten en sels in bakje kofje út de automaat te heljen.
Sels in húske is oanwêzich,
Ofrekkenje foar de kofje of gebrûk fan húske
kin mei de Q koade
Dit is echt in foarútgong
Op myn list stiet Wynjewâlde,
mar it is Wynterp
It earste leit oan de oare kant fan de provinsjale dyk
en Weinterp oan dizze kant.
Wij fytsten in moaie ein te fier.
De stoel yn Weinterp is oars net ien dy't je maklik oer de kop sjogge.
In grut bouwurk om te sjen
mei mar leafst trije klokken
![]() |
| is der dan ien dy't seit, dit is net lêzen foar Aant |
Lucht is fergees
de priis kin dus net de reden wêze
wêrom fytsbannen soms sa leech binne.
Fannemoarn bij de jeugdtriatlon dwaande as frijwilliger.
Ik ferpleatste in fyts en it fielde
of stie dy op it izer.
Gjin lucht yn de bân en dan moat je as bern 5 kilometer fytse
tsjin in hurde wyn.
Ik helje de pomp fan hûs
en soargje der foar dat dit famke wol fatsoenlik fytse kin.
Sa kin ik ek bij de oare fytsen lâns
wylst de bern harren opmeitsje foar it swimmen.
Tweintich bannen pomp ik op,
omdat er frijwol gjin lucht yn sit.
Tsjongejongejonge,...... tink ik lûdop
dat je as âlders net efkes de muoite dogge
om je bern in fyts mei te jaan mei hurde bannen.
Oan de priis kin it net lizze.....
Ik bin sljocht op sifers.
Oersichten en statistiken, kom mar op!
It CBS is foar de sifers
en sij hawwe betroubere sifers.
Ik fertrou dy sifers yn alle gefallen
Der is no wer in oantal tema's moai yn byld brocht.
Klik op it plaatsje en jim kinne it sels sjen
In foarbyld?
De tsiis
Dizze adfertinsje stiet yn april 1918 yn de Boalserter Krante.
Wêrom dêr sa'n haast bij is
docht in pear wiken letter bliken
Van der Woude hie der alle belang bij
om de doazen en blikken mei te nimmen yn it boelguod
It wite tsjerkje fan Hemrik dat kin ik wol.
In opfallend ljocht gebou op hichte.
Dat dêr njonken in klokkestoel stiet
is mij net earder opfallen.
Yn de tsjerke is ek sliepplak
en de klok yn de stoel wurdt alle dagen noch lieden.
Om 12.00 oere set in frijwilliger him efkes skrap
om de klok op gong te helpen.
At de klok it ritme te pakken hat, kin it mei ien hân..
Earbeskermers op is in goeie saak.
Wat in lûd !
Wij binne der om 12 oere dat treft......
![]() |
| Bij it tsjerkhôf ek noch in grêfkelder fan de famylje van der Sluis |
Ik socht ynformaasje oer de klokkestoel yn Beetstersweach.
Wêr soe dy stean, tocht ik fan te foaren.
Grut is myn skrik at er op ynternet stiet
dat hij op it terrein fan Lyndensteyn stiet.
Lyndensteyn, skoalle Lyndensteyn?
Dêr haw ik jierren wurke en nea in klokkestoel sjoen.
No wit ik wol, dat ik dêr nea omrûn tusken de middei, mar dochs.
Wij fine him.
Ik skiterich klokkestuoltsje
oan de oare kant fan it gebou.
Jong fan leeftyd, min yn de ferve.
Ik helje wolris Winsumer nútsjes bij de COOP.
Hurd mar foaral lekker sâlt.
Ik tink net dat er no noch Winsumer salve te krijen is
lykas yn 1918
Nijbeets dan kinne jim wol,
lykas Beetstersweach
Dêr tuskenyn leit Aldbeets.
Wat (heare)huzen, wat pleatsen
en in ferskûle tsjerkhôf mei klokkestoel.
It tsjerkhôf hat wat avontoerliks.
Wat ferhegingen, de fundaminten fan in tsjerke
wat famuljegrêven fan adellike famyljes,
âlde ûnlêsbere grêfstiennen
en in klokkestoel dy't er pas yn 1987 stiet.
Moai dat der dúdlike ynformaasje te lêzen is