vrijdag 16 september 2022

Lucht is fergees

 Lucht is fergees

de priis kin dus net de reden wêze 

wêrom fytsbannen soms sa leech binne.

Fannemoarn bij de jeugdtriatlon dwaande as frijwilliger.

Ik ferpleatste in fyts en it fielde

of stie dy op it izer.

Gjin lucht yn de bân en dan moat je as bern 5 kilometer fytse

tsjin in hurde wyn.

Ik helje de pomp fan hûs

en soargje der foar dat dit famke wol fatsoenlik fytse kin.

Sa kin ik ek bij de oare fytsen lâns

wylst de bern harren opmeitsje foar it swimmen.

Tweintich bannen pomp ik op, 

omdat er frijwol gjin lucht yn sit.

Tsjongejongejonge,...... tink ik lûdop

dat je as âlders net efkes de muoite dogge

om je bern in fyts mei te jaan mei hurde bannen.

Oan de priis kin it net lizze.....



Geen opmerkingen: