donderdag 11 september 2025

Spyk

 


Dizze foto stiet dizze wike yn Op 'e Skille.

In foto fan Spyk en foar de tekst dy't der bij stiet 

hat Gerben fan de Skille mij benadere

"omdat hij heard hat dat ik dêr mear fan wist"



Wat is it gefal? 

Bij myn speurtocht nei it ferline fan pake Hessel 

kom ik der efter dat hij hjir berne is.

Dat fertel ik de hjoeddeiske bewenners (Klaas en Louisa)

en sadwaande komt Gerben bij mij út.

Louisa nimt kontakt mei mij op

en sa sitte wij op in woansdeitemoarn

mei allegear âlde papieren op tafel

dy't in grut stik fan it ferhaal fertelle.

Ik mei yn maksimaal 200 wurden iets fertelle oer de foto

mar dat is te min foar it hiele ferhaal

Dus it hiele ferhaal, 

foar safier bekind, stiet hjir


Adfertinsje yn krante

Ut dizze adfertinsje (1888) stiet yn feite alles wat it west hat.

Der stiet ek dat it al 70 jier yn gebrûk is.


1888

De gelokkige eigner wurdt R.J. Jongema dy't it al hierde, want yn ........


1914

 

.......nimt Jan Yntes Hofstra  it timmerbedriuw oer en lit dat no myn oerpake wêze. Myn heit is nei him

neamd.

Lang kin hij dêr sels net fan genietsje want yn  1915 komt hij te ferstjerren

It bedriuw wurdt trochsetten troch de widdo en de bern.

De adfertinsjes yn de krante sizze genôch


Ien fan dy bern wurdt ek timmerman en dy ferhuzet mei syn gesin nei Wjelsryp

1942

It spul komt leech te stean en yn 1942 komt timmerman Plantinga út Wurdum der yn

Dy wennet dêr oan 1970 sa ûngefear.

Der is fanôf dat momint gjin boubedriuw mear op Spyk


Wat sjogge jim op de foto

1. De Boalsertetrekfeart fanôf de brêge fan Spyk rjochting Easterlittens
2. In hûs flakbij de feart. Dit hûs is nei de oarloch ôfbrutsen, want de eigner fan doe woe gjin frjemde minsken op it hiem wenjen ha
3. De timmerwurkpleats is fan binnen noch aardich yn âlde steat. Sa stiet der bijgelyks de âlde wurkbank noch
4. De pleats  "op it hiem"stiet der al lang net mear. It wie ien fan de trije pleatsen fan de famylje Kingma
5. De feart nei de pleats ta rint dy't foar de wurkpleats rint, is tichtmakke yn 1942 troch myn pake dy't los arbeider wie 


Noch in pear âlde printen 









de Beatriks

 



In nij poppoadium yn Ljouwert

yn de Blokhúspoarte wêr't earder Poadium Asteriks wie

No al grutte belangstelling

Fan de 6 konserten al 4 útferkocht.

Bij de iepening en bij Paceshifters bin ik der bij

woensdag 10 september 2025

Wâldsein

 


Sa sjocht myn fytsrûntsje der út hjoed

Earst nei Wâldsein fytst

en doe frijwol alle strjitten troch.

In wettersportdoarp, dat binne net de moaisten om te fytsen

Safolle dearinnende strjitten omdat 

elkenien oan it wetter wenje wol

Fierders is it prima

Ik sjoch moaie steechjes

in sfearfolle dykje yn it sintrum

twa molens

en iepenbiere húskes (bij de jachthaven)

dinsdag 9 september 2025

Bakje bij....

 Ek dizze moanne wer in bakje bij yn Diggelfjoer




Boek

 


Oer Oasis en foaral oer de twa bruorren dy't net mei en sûnder elkoar kinne, 

is fêst al hiel wat skreaun. 

Dit nije boek is de muoite wurdich om it wat dúdliker foar eagen te krijen 

hoe't it allegear ûntstien is 

en wat er allegear misgiet 

en hiel soms ek wat goed giet.





Spyk


Bij tafal krij ik in boekje yn hannen

oer in famke/jonge frou dy't opgroeid op Spyk

Hja wennet dêr op in pleats 


It spilet begjin 1900 oant 1949

Yn dy tiid wenje der ek Hofstra's op Spyk,

dus ik bin benijd......

Ik fyn dêr neat fan werom yn it boek

It is mij wol dúdlik wêrom net.

Myn famylje is herfoarme en dogge de tsjerke oan yn Iens/Spannum

Dit famke wurdt stiif griffermeard opfieden

en dat betsjut "allinne mar omgean mei grifformearden"

De kristlike skoalle yn Itens, de kategesaasje yn Easterein

en ek de belidenis yn Easterein.

Troch it lân sa'n 4 kilometer oer in tsjerkepaad.

Nijsgjirrich is it ferkearing krijen

Har lettere man dy't yn Berltsum  yn de kost sit, skriuwt har.


Sij skriuwt werom



It is suver fermaaklik sokke teksten.

It is goed kommen úteinlik

Se binne troud en wennen letter yn Ljouwert


Dy H. Algra is fansels ek stiif grifformeard. 

Hij is letter de haadredakteur fan it Frysk Deiblêd.

en sit foar de ARP yn de Earste Keamer

en sa te lêzen wie hij mear fuort as thús.

Ik haw begrutsjen krigen mei dy frou,

want troch har "ûnderdanichheid" 

is se net echt oan libjen takommen.

Moai dat ien fan har bern dit boekje oer har skreaun hat.

Oer har man is genôch skreaun




vrijdag 5 september 2025

Tsjom om

 Ik haw in Tsjom noch in pear stikjes dyk iepen stean.

Wat efterôf strjitsjes



Gjin echte strjitte, mar it paad nei it hûs wêr't Piet wenne hat.


He, tocht ik, at  ik in skelpepaad op fyts oan de west kant fan Tsjom.
Dêr stiet de piip fan it molkfabryk noch
Wol in kopke lytser makke, mar hij is goed werkenber
Spitich dat nimmen dat monumint sjocht.
De âlde fabryk stiet der ek noch, mar dat is in ruine sa te sjen

Laakwerd, dat kin ik fan Spannum miende ik.
dit is bij Tsjom

Grind, dan fyts ik út mij sels al net hurd 

Hast 17 kilometer fytst en trije nije. Sjoch hjir

donderdag 4 september 2025

Syb

 Syb in dei bij ús

Gesellich jonkje

Trije jier 

Wij rinne sa as altyd nei de fiver

Einen bôle jaan

Wij rinne it trochpaad om

en Syb giet sa as altyd op syk nei de twa fytsen

fan syn neven Samme en Nyck


Hij wit it gelyk

It bin de ienige twa fytsen dy't al om draaid stean

Dat ha de jonges harren goed oanleard

dat dogge se bij ús op de oprit ek.....


woensdag 3 september 2025

Rinne oant de sinne

 



Sneontemoarn giet de wekker 4.30 oere

De sportbroek en draafskuon oan, 

Om 5.30 starte wij foar de 6 kilometerrin

"Drave foar de sinne (opkomt)"

Lâns de trekfeart nei Iens, 

mei de boat oer

en troch Skrok werom

Ik draaf mei Tsjeard en Nyck yn de 'trije generaasje formaasje'

Machtich dat dit kin en Nyck mei syn 7 jier draaft as in fearke

Jan Galema draaft mei ús mei 

en Berber Akkerman dy draaft de 10 kilometer

Iets earder fuort mar tagelyk oan.

Net op dizze foto, mar wol aktyf

Jellie en Samme

sij rinne de 6 kilometer

In moai evenemint


dinsdag 2 september 2025

Pikesyl en.....

 Ik doch wer in Wandrer ritsje

wêrfan ik wir dat iut net folle nije kilometers oplevert.

Folsgeare, Abbegea, Easthim en Drylts

Ik fyts oer Pikesyl


In moai dykje fyn ik dat.

Yn Pikesyl moat ik it lân yn, neffens myn programma

Dat doch ik

900 meter letter bin ik yn


Der stiet in moai nij hûs

mooglik dat dit boerd dêr it gefolch fan is

zondag 31 augustus 2025

Skrikfestival

Ik hoop dat jim krekt sa mij genoaten ha fan it Skrikfestival.

Net west?

In skande! In misser!

Foar 15 euro 8 bands sjen

en at je 65 binne, is it fergees

8 bands haw ik sjoen

en it hat gjin momint ferfeeld.

Tiid foar in praatsje hie ik hast net

want ik wol de muzyk belibje troch der nei te sjen.

Punk, reggea, hardrock, rock, psychedelyske rock en surfrock

it komt allegear foarbij 


It moaiste foar myn earen?

Angry Chair en Bleach

mar Crude, Velcro  en Captain J. Wright ek prima

FRee MInd Empire is net myn sjenre

en Royking en Zoekhetuitman is hearlike punk

mar it boeit mij maksimaal 20 minuten

De sfear op it terrein wie geweldich 

en ik hoop ek dat er genôch minsken west ha

om it nochris te dwaan.......

donderdag 28 augustus 2025

Poes wurdt robot

 It is net bêst mei dat AI,

soe ik hast sizze wolle.

Net bêst wat dy allegear kin

wol leuk om dat út te sykjen.



Us poes dy drinkt graach út de grutte wetterbak

Reinwetter, sij hat der ferstân fan.

Ik frege AI om der in robot fan te meitsjen.

It is drok "op de line" seit AI

dus efkes geduld graach.

Nei in pear minuten sjoch ik it rissultaat



Ik fyn it fermaaklik

en konstatear dat de stienen suver wer kleur krigen ha

woensdag 27 augustus 2025

Karaoka

 Us nostalgy aginda yn keamer 100

jout alle dagen in nijsgjirrige weromblik

Hjoed 27 augustus is dat


Al 45 jier is dit no dus al in "sociaal en muzikaal fenomeen"

ik sitear dat efkes, 

want at dat wurklik sa is, dat wit ik net.

Karaoka, it liket mij hielendal neat

Ik sjoch dat it Reade Hynder it no oanbiedt yn septimber

as in gesellich jûntsje út.

Ik hoop dat ik dan in moai boek ha


maandag 25 augustus 2025

De skeve toer

 Pisa hat in skeve toer

en dy hat Ljouwert ek

De Aldehou op it Oldehoofsterkerkhof.

Ik haw der noch nea yn of op west

en dêr komt feroaring yn sneon.

Mei Samme en Nyck klim ik nei boppen

oer smelle en skeve treppens.

De muoite wurdich want wij ha in moai útsjoch.










zondag 24 augustus 2025

Arcadia

100 dagen Arcadia sit der wer op.

Stikjeskriuwer Asing Walthaus freget him yn de LC ôf 

wêrom it mislearre is.

Ja wêrom? 

Krij dêr de finger marris op.

Foar mij is dúdlik dat it bij 90 % fan de Friezen bûten byld bleaun is.

At ik sis, ik gean nei Arcadia

dat moat ik altyd útlizze wat dat is en wêr dat is.

Ik haw der úteinlik 4 kear west

wêrfan de lêste kear op de ien nei lêste dei fan it projekt.

Sneon dus, op in jûntsje punk sjoch ik nei Pulse en Marysloogy.

Pulse is prima en miskien is dy oare band dat ek wol.

It pypte en kreake no út alle boksen

en omdat ik myn eardoppen yn de bûse fan de lange broeke sitten haw 

en ik yn de koarte bin,

is it net fertroud om langer as in healoerke te harkjen.





donderdag 21 augustus 2025

Foarlêze

Trije kear haw ik no foarlêzen yn it timmerdoarp yn Wommels

Dan kinne je sprekke fan in nije tradysje.

Dat foarlêzen fyn ik moai en útdaagjend.

It meast lestige is in goed ferhaal te finen fan in lyts kertier

It tema is dit jier Spelen.

Ik gean yn de byb op sneup nei in ferhalenboek

en kom út bij " Pechvogels en Prutsers" of oarsom

Eppo Hödehöde  fyn ik dêr, mei in ferhaal oer syn belibbenis

op de Olympyske Spelen fan 1928.

Ik fyn dat in pracht ferhaal

en it liket mij geskikt foar bern fan 9, 10 en 11 jier.

Liket geskikt, wat dat is it lestige.

At ik it as 70 plusser leuk fyn, 

is it dan wol gesikt foar sokke bern?

At ik foarlêzen haw, bij it kampfjoer

seit de iene nei de oare âlder

"sa lang stil kinne wij se net krije"

It is yndie in merakel.

50 bern, sa stil harkjend nei it ferhaal

wêr't fan alles bard.

It is en bliuwt bysûnder....

Fred Cartens makke wat foto's







Toer mei en sûnder bank

Ik krij wer in kaart út Manchester,

fan Gerrit Tjallema, in âld- Wommelser,

mar noch tige belutsen bij Wommels en de Fryske taal.

Dy kaart dus


Fan wannear dizze foto krekt is stiet der net bij,

mar ik kin it mij sa noch herinnerje,

en sa âld bin ik noch net.....

( Murk Vierstra jout oan dat de foto fan 1947 is, dankjewol Murk)

Op de kaart stiet:

"Dit wie in smout hoekje mei dy bank yn it beamtegrien. 

Mei hôfdowen en protters

En slakken!

Doe kaam de grutte kealslach.

En dy rare gevel fan de Jumbo".


Ik bin efkes nei de Terp fytst

en haw sa'n bytsje fanôf it selde plak in foto makke


Wat falt op?

De Wilhelminabeam  mei stek stiet der noch en falt mear op

De bank is ferhuze nei de brêge bij de Boalserterfeart

De toer hat in modern úthingel

De tsjerke is better te sjen fanôf dit plak

Ynformaasjebuorden wize de wei yn Wommels

Der stean gjin auto's op, dat is in wûnder

Gjin hôfdowen en fêst gjin slakken op al dy waarme stiennen


De bank bij de brêge wie beset,

oars hie ik dêr ek noch in foto fan makke.

De gevel fan de Jumbo bliuwt bûten byld

mar it moat sein wurde

Wij binne wiis mei de Jumbo, 

wat fan gevel dy ek hat.


dinsdag 19 augustus 2025

Labyrint

 


Ik fyts nei Westeinde yn Ljouwert foar wat nije kilometers

Westeinde is de wyk mei de Fryske skriuwersnammen,

ik sjoch dat it it Literêre Labyrint neamd wurdt

Ik tel 28 skriuwers dus 28 strjitten

Ik kin se allegear fan namme

útsein ien: Trui Jentink

Ik bin sa frij om te konkludearjen dat 

at ik har net kin, dan kinne jim har ek net.

Fandêr dizze link









Ik doch net alles yn ien kear hjir,

want ik wol fierderop yn de stêde ek noch meters meitsje

Noch ien kear hjir trochhinne en dan is dizze wyk  klear

zondag 17 augustus 2025

Op de brommer

 

It duo Roosmarijn út Arnhem

It kwartet Amonia Caramel


It is net de foto fan de band

dy't mij boeit

Nee, it is dy fotograaf lofts en dy brommer rjochts

Dy heare neffens mij bijelkoar

en se heare mear as in bytsje bij de Prinsetún konserten

Altyd stiet dy Yamaha dêr sa bytsje

en rint of sit de fotograaf dêr yn de buert

Oh ja, dy fotograaf 

dy bewarret de helm ûnder syn sjurt

tink ik, hoop ik......

Warstiens

 



Ik haw der faker west

dat doarpke dat je fanôf de dyk Ljouwert - Drachten lizzen sjogge

In dearinnend doarp, mei in bushalte.

Hoe moai wolle je it ha

De toer ynpakt

Warstiens

woensdag 13 augustus 2025

Tot de schijt ons doodt

Wij binne ûnderweis nei Aldberkeap

dêr is de Open Stal keunstrûte

Underweis komme wij troch Aldeholtwâlde

Dêr stiet de Filmtsjerke.

De Filmtsjerke is in projekt fan filmmakker Steven de Jong

Hij neamt it de filmkerk Wolvega

Dat is fanút kommersjele oerwagingen nim ik oan

dan hoege je net út te lizzen wêr't Aldeholtwâlde leit,

boppedat foarkomt it dat je yn de tizen reitsje mei al dy oare doarpen

mei Ald en Nij der foar 

Ik haw net folle mei films 

mar it is moai dat de tsjerke in bestimming hat.

Foar de tsjerke in grut filmdoek

mei dêr op in grappige sin









maandag 11 augustus 2025

Gesinskaarten

It sit der wer op

50.000 scans fan gesinskaarten mei mear as 300.000 nammen

binne digitalisearre.


It wie in fraach yn juny fan de Tiid 

om hjir oan mei te dwaan.

It wie moai kompjûter wurk

en it is spitich dat it no al klear is.

Mar ja wat wolle je ek as der lju binne 

dy't alle dagen mear as 300 kaarten ynfiere.

At ik op in dei 25 doch, fyn ik it al it al wer moai

Sa'n 400 kaarten ynfierd.

Yn septimber binne de gegevens op dizze kaarten te finen op Allefriezen.nl 





zondag 10 augustus 2025

Bybelsk ritsje

It is snein

Ik haw krekt 7 kilometer draafd 

en ferûnderstel dat it dêr bij bliuwt hjoed

wat de beweging oangiet.

Net dus, nei in bakje kofje mei appeltaart derbij

betink ik mij.

Fytse nei de pont fan Keimpetille 

en dan fia Frjentsjer en de Slachte werom

Krekt foar Wjelryp stiet de fjurkepisser.



Neffens it ferhaal wiene de Wjelsrypsters der goed yn

om spul de kop yn te drukken

Sij doofden it skeel,

sa as je dat mei yn it fjoerpisje ek dwaan kinne.

Mooglik hat dat "skeel dove " ek iets mei Nazareth te meitsjen.

Nazareth dat stiet fannemoarn op it doarpsnamme boerd

at wij Wjelsryp binnen fytse.

Ik krij in momintsje in lyts bytsje it sneinsgefoel

Bij it sportfjild is dat Nazarethgefoel fuort

Mar it sneinsgefoel bliuwt.

It giet oer yn it Sodom en Gomorra gefoel

It sportfjild is omtovere ta in kermisterrein 

mei tinten, springkjessens, biertinten, patatweinen,

oare hapkestrucks en noch mear biertintsjes

It liket de Snitswike wol

Dêr tuskentroch keatsend jongfolk

Net in pear, mar hûnderten....

Wat sil dat in moaie dei wurde mei dit ideale keatswaar 

en noch idealer bierwaar.


Nei it pontsje bij Keimpetille

komme wij úteinlik yn Lollum

Lollum, it eardere Sodom en Gomorra

It sneinsgfoel is hielendal werom

Op dizze snein kinne je in kûgel troch it doarp jaaie 

sûnder dat je in tsjerkegonger reitsje

It wie in moaie preek, seit de tsjerkegonger meast

ek al wie in sliepferwekkend ferhaal

It wie in moaie fytstocht fan 30 kilometer

en it jout mij ynspiraasje om dit stikje te skriuwen