donderdag 11 september 2025

Spyk

 


Dizze foto stiet dizze wike yn Op 'e Skille.

In foto fan Spyk en foar de tekst dy't der bij stiet 

hat Gerben fan de Skille mij benadere

"omdat hij heard hat dat ik dêr mear fan wist"



Wat is it gefal? 

Bij myn speurtocht nei it ferline fan pake Hessel 

kom ik der efter dat hij hjir berne is.

Dat fertel ik de hjoeddeiske bewenners (Klaas en Louisa)

en sadwaande komt Gerben bij mij út.

Louisa nimt kontakt mei mij op

en sa sitte wij op in woansdeitemoarn

mei allegear âlde papieren op tafel

dy't in grut stik fan it ferhaal fertelle.

Ik mei yn maksimaal 200 wurden iets fertelle oer de foto

mar dat is te min foar it hiele ferhaal

Dus it hiele ferhaal, 

foar safier bekind, stiet hjir


Adfertinsje yn krante

Ut dizze adfertinsje (1888) stiet yn feite alles wat it west hat.

Der stiet ek dat it al 70 jier yn gebrûk is.


1888

De gelokkige eigner wurdt R.J. Jongema dy't it al hierde, want yn ........


1914

 

.......nimt Jan Yntes Hofstra  it timmerbedriuw oer en lit dat no myn oerpake wêze. Myn heit is nei him

neamd.

Lang kin hij dêr sels net fan genietsje want yn  1915 komt hij te ferstjerren

It bedriuw wurdt trochsetten troch de widdo en de bern.

De adfertinsjes yn de krante sizze genôch


Ien fan dy bern wurdt ek timmerman en dy ferhuzet mei syn gesin nei Wjelsryp

1942

It spul komt leech te stean en yn 1942 komt timmerman Plantinga út Wurdum der yn

Dy wennet dêr oan 1970 sa ûngefear.

Der is fanôf dat momint gjin boubedriuw mear op Spyk


Wat sjogge jim op de foto

1. De Boalsertetrekfeart fanôf de brêge fan Spyk rjochting Easterlittens
2. In hûs flakbij de feart. Dit hûs is nei de oarloch ôfbrutsen, want de eigner fan doe woe gjin frjemde minsken op it hiem wenjen ha
3. De timmerwurkpleats is fan binnen noch aardich yn âlde steat. Sa stiet der bijgelyks de âlde wurkbank noch
4. De pleats  "op it hiem"stiet der al lang net mear. It wie ien fan de trije pleatsen fan de famylje Kingma
5. De feart nei de pleats ta rint dy't foar de wurkpleats rint, is tichtmakke yn 1942 troch myn pake dy't los arbeider wie 


Noch in pear âlde printen 









Geen opmerkingen: