Ik tocht lit mij ris wat dwaan mei nammebuorden
![]() |
| It begjint fansels yn Baard |
![]() |
| Lâns de Ie kom ik út yn Burdaant |
![]() |
| Hjir fiel ik mij in jonge g(e)ast yn Aldegea(st) |
Foaral werom, foar de wyn
Ik fyts in rûntsje.
Dat doch ik wol faker.
Ik sykje wer wat dearinnende dykjes op
wêr't ik noch net earder wie.
Dat doch ik ek wol faker.
Ik sjoch in iensume picknicktafel.
Ik stopje foar in piipskoft
Dat doch ik faker.
In tafel foar mij allinne.
Dy sykje ik wol faker.
Op de tafel in tekst mei Qr koade.
Wat soe der efter dy koade sitte.
In liet, in gedicht, in ferhaal oer de omjouwing.
Neat fan dat alles
Sjoch hjir.
![]() |
| Mar gau wer op de fyts. Der sit mij neat dwers |
Ik moat der feitlik gjin oandacht oan jaan,
dizze nammebuordeterreur
Benijd hoe lang it duorret foardat it wer skjin is.
Wandrer myn fytsmaat stjoert mij nei de frjemste plakken.
Yn de buert fan Sint Nyk sjoch ik noch in moaie rûte lizzen
wêr't ik noch net erader west ha.
It giet moai, oant dit stek
Efter sit stek twa strjitten mei fakânsjebungalows
Alinne mei in koade kinne je der lâns.
Minder van Eysinga soe ik roppe wolle
Folle minder......
It lege midden troch.
Alles wat dearint is us paad.
18 kilometer nije kilometers (blau)
Suorein, Aalsum, Goatum, Birstum, de Bokkumer Omwei en Aldskou.
Dat klinkt hiel oars as in rûntsje Jirnsum, Grou, Akkrum, Jirnsum
![]() |
| Grou |
![]() |
| Grou |
![]() |
| Goatum |
![]() |
| Birstum |
![]() |
| Bokkumer Omwei |
![]() |
| Jachthaven Akkrum |
![]() |
| Fertutearze Aldskou |
![]() |
| Jirnsum |
De skoskerinner,
sa hjit it boek dat Eppie Dam skreaun hat oer Henk Kroes
It boek is fan 2007.
In moai boek, foaral ek omdat Eppie Dam in goeie skriuwer is.
Yn it boek giet it fansels ek oer it wurk fan Henk Kroes bij it Fryske Gea.
Moaie haadstikken oer it Wiid,
it rekreaasjepark bij Earnewâld dat er sanedich komme moast.
De rol fan Henk Kroes bij it Fryske Gea yn dy saak.
Bijsûnder is ek it ferhaal oer de natoergebieten yn Gaasterlân.
Moaie ferhalen oer Kroes syn lange-ôfstânsfytsreizen.
It fytse yn in groep en it moannen meielkoar oplûke,
it boek jout oan dat it net allegear sa leuk wie.
Fansels giet it oer de 11stêdentocht,
doe't hij iismaster of foarsitter wie,
mar dat boeit mij minder want mei dy hiele 11 stêdentocht haw ik neat.
Ik haw it boek kocht bij Dorcas yn Boalsert foar 2 euro.
Foar in symboalyske 1 euro wol it it wol wer kwyt.
Soms fiel ik mij gewoan noch 25 jier.
Ik dangelje no hast trije wike om mei in foet dy't net lekker rint.
Lit stean lekker draaft.
Isias yn de lofterfoet, is de diagnose
Dat hâldt mij dus dwaande
en flink ek
"dry needling" bij de fysio
en oefeningen dêr en thús.
Myn stive heupen dy't ik al hiel lang haw
krije no op de bealch.
Wat in gedoch.
Tefolle sitte is net handich
dus aardich minder efter it toetseboerd
Der wol op út at it wat past.
Muzyk yn Itens, it koe krekt
fuotbal yn Skearnegoutum, it slagge goed
blues yn Easterein, geweldige band (Luther's)
bakje bij foar Diggelfjoer, moai petear
Fytse, dat giet gelokkich wol reedlik goed
Isjasses, hoe krije je it
mar foaral hoe kom je der sa fluch mooglik ôf.
De sinne hat al aardich krêft,
foaral efter it rút fernimme je dat.
Bûten fernimme je dat ek at je op de fyts binne
en foar de wyn hawwe.
Nei Littens hiene wij yn é wyn
en fine wij, foaral ús fuotten, it kâld
mar dêrnei giet it werom at it slydjaget,
De Boalserter trekfeart
it iis leit der moai yn.
De einen hawwe harren strategyske posysjes wer ynommen
en soargje mei syn allen foar hiele grutte wekken.
Yn Littens stean wij stil bij de Iisbaan
![]() |
| hjoed moai iis |
![]() |
| dizze simmer grien |
Ik haw der hiel lang oer dien.
It boek "Al het blauw van de hemel"
It wie op lêst sa, dat ik twivele
"sil ik it wol of net útlêze"
In boek net útlêze doch ik wol faker
dan stiet it mij net mear oan
of at ik it idee krij dat ik in film lês.
Mei in boek ophâlde omdat ik it sa ôfgriislik moai fyn
dat is mij noch net earder oerkaam.
Wat in boek, wat in boek.
Ik sis der fierders neat oer
want ik wol neat ferklappe
mar leau mij: dit boek it geweldich
Sa'n moai boek haw ik noch nea earder lêzen
Taheakke: ik haw in e-pub ferzje, foar de leafhawwer
Sneon wie Syb bij ús,
de jongste pake- beppesizzer.
Hij is noch 2.
It wie wer in hearlik fermaak.
Fjouwer oere sette hij wer ôf.
Om seis oere komme Samme en Nyck.
Sij binne noch 8 en noch 6
Sij bliuwe sliepen.
Oare moarns komt Nyck bij mij lizzen.
"Pake, asto dea bist dan bin ik ek al âld"
"Dat soe moai wêze", sis ik.
"Pake, at ik bern krij, dan neam ik him Aant, nei dij"
"en Jellie, at it in famke is"
"Wat leaf fan dij".
Mar soe dyn frou dat wol goed fine,
want dy hat ek in pake en beppe",
besykje ik mei wat relativearing.
"Tsja", seit Nyck,
"miskien bliuw ik ek wol allinne,
dy drokte fan bern........."
"Witst al in famke , wêr'st mei trouwe wolst"
"Ja, Y of Y "seit er beret
Beide mei in Ygrek krekt as mij"
"Dat klinkt net Ygek, beslút ik ús petearke.
![]() |
| Mei Syb in slach rinne |
![]() |
| twa jonges en twa fytsen útfanhûs |
Dit stikje stie earne yn it AD
as ûnderdiel fan in grutter stik.
Jim kinne sels wol betinke wêr't it sa'n bytsje om giet.
In oandwaaning fan de nije tiid
Wat moast it wurde en wat is it wurden?
Moast it in stik wurde en is in boek wurden
of moast in boek wurde en is it mear in stik
Ik bin der noch net út mar ik haw it ek noch krekt net út
It tema makket wol nijsgjirrich,
it is dêrom dat ik trochlês.
Is it grappich?
Ja, dat giet
Is it fantasij?
Dat wol wat
Is it spannend?
Haw ik noch net field nei 165 siden
Is it oangripend?
Foar mij net
Mei oare wurden,
lêze dat boek mar dat hawwe jim net fan mij
De hiele wike siet ik yn jierren 60 muzyk troch NPO radio 5.
Ien fan myn favorite nûmers is Summertime Blues fan The Who.
Der is sûnt justerjûn in noch bettere útfiering bijkommen fan dit nûmer.
De útfiering fan FUC mei Daan Span as 'Daltrey'
wie in hearlike ôfsluter fan dy jierren 60 wike.
Of wie it al snein doe't FUC ús ek fermakke mei ûnder oaren Little Red Rooster
mei Pier Koopmans as 'Jagger'.
Mei noch twa hearlike bands dêr yn Itens (Historian en Milk & Alcohol)
wie it in tige slagge jûn.
Gjin filmkes makke juster
mar dit is dan as kompensaasje de twads beste útfiering fan Summertime Blues
Ik sjoch der alle dagen meardere yn de buert fan Wommels
en dan lês ik dat der ferline jier 356 minsken in print krigen
foar dizze oertreding
356 bekeurings, dat is minder as ien per dei.
Nee, de pakkâns is net grut
At je pakt binne, binne je hast in sukkel
Wat in drokte om de oerstreaming fan 1825
De "ferjitten"oerstreaming wurdt it neamd
Ferjitten?
Hoe komme se der bij.
Asing Walthaus skreaun in moaie kollum yn de LC.
It lêste stikje dêrfan stiet hjir ûnder
Oer de Fryske Spreukekalinder 2025 haw ik it al hân.
Ien stik argewaasje
Mar de argewaasje is no omslein yn nijsgjirrigens
Nijsgjirrich wat se no wer ferkeard dien ha.
De útjouwer jout ek oare kalinders út
Drints, Achterhoeks en Oersisels
Ik haw it idee dat dit stikje op de kalinder fan Oerisel pronkje moast.
Oh ja,
as spreuk stiet der dizze kear in froufreonlike siswize op,
wêr't ik noch nea fan heard haw:
Memmedei komt njoggen moannen nei heitenacht
It falt net ta om wat te organisearjen yn dizze tiid.
De betingsten wurde hieltyd stranger
en in gemeente dekt him foar fan alles yn.
Alle jierren it selde ferske.
Steapels papieren ynfulle
en mar wachtsje at in amtner yn ús fierstentegrutte gemeente
it goed fynt.
Dat moat oars sei de gemeenterie
en dus wurde der no stappen setten
Sneon yn de LC stie soan Tsjeard
út namme fan de Frysman,
de ienige hiele triatlon yn Fryslân,
mei wat amtners op it Reaklif
want sels sjen is better as úttekenje en útlizze op papier.
Appie Heyn en Jacob Jumbo fine it net nedich
dat op harren produkten de Nederlânske taal stiet.
It is goedkeaper om gewoan ien taal te brûken.
Dêr binne fansels tal fan taalorganisaasjes op tsjin
en ik ek.
Neffens mij is Brinta al begong....