dinsdag 25 februari 2025

Skoskerinner





De skoskerinner, 

sa hjit it boek dat Eppie Dam skreaun hat oer Henk Kroes

It boek is fan 2007.

In moai boek, foaral ek omdat Eppie Dam in goeie skriuwer is.

Yn it boek giet it fansels ek oer it wurk fan Henk Kroes bij it Fryske Gea.

Moaie haadstikken oer it Wiid, 

it rekreaasjepark bij Earnewâld dat er sanedich komme moast.

De rol fan Henk Kroes bij it Fryske Gea yn dy saak.

Bijsûnder is ek it ferhaal oer de natoergebieten yn Gaasterlân.

Moaie ferhalen oer Kroes syn lange-ôfstânsfytsreizen.

It fytse yn in groep en it moannen meielkoar oplûke, 

it boek jout oan dat it net allegear sa leuk wie.

Fansels giet it oer de 11stêdentocht, 

doe't hij iismaster of foarsitter wie, 

mar dat boeit mij minder want mei dy hiele 11 stêdentocht haw ik neat.

Ik haw it boek kocht bij Dorcas yn Boalsert foar 2 euro.

Foar in  symboalyske 1 euro wol it it wol wer kwyt.


Taheakke

In nijsgjirrich stikje fûn ik ek wol it ferskil fan miening mei de Vries






Geen opmerkingen: