" Hjir is Nix" stiet der op in buordtsje
yn de buert fan Arum, Kimswert en Peinjum.
Dêr hâlde wij wol fan.
Wij hawwe neat lizze litten
mar wol in ûnferjitlike herinnering meinommen
" Hjir is Nix" stiet der op in buordtsje
yn de buert fan Arum, Kimswert en Peinjum.
mar wol in ûnferjitlike herinnering meinommen
It is hjoed 50 jier lyn dat de seestjoerders ferbean wurde.
Veronica en Radio Noordzee wiene illegaal en stjoerden fanút see.
In ferdrach fan Straatsburg ferbiedt dat fanôf dat momint
Veronica, ik bin der mei op groeid.
Alle popmuzyk komt yn dy tiid binnen fia Veronica
Myn ferskillende transisterradios hawwe mar ien stjoerder
Veronica
Op ien fan myn plakboeken stiet dan ek net foar neat dizze sticker
Ik woe graach dat se bleaunen,
mar helaas de polityk net.
Hjoed stiet radio 5 yn it teken fan dy seestjoerders.
Foar mij herinneringen
oan dy stimmen en tunes
en fansels oan de muzyk út dy tiid
dyt gelokkich noch in hiel soad te hearen is op radio 5.
Bij Ajax giet it net sa goed.
Dat is foar de parse smullen
Der is altyd wat te skriuwen
Sa ek it AD
Sij skriuwe oer Bergwijn.
Lit mij begjinne , dat dat net myn favoryt is.
Ik fyn dat hij in mislike útstrieling hat
No sit menear it meast op de bank
want syn kwaliteiten komme der mar net út
de lêste twa jier.
Dêr giet dat stik oer
Hij soe feitlik ferkocht wurde moatte
mar hij kin syn fermiende kwaliteiten net sjen litte
want hij is of bleasseare of passeare
Dan lês ik yn datselde stik
dat hij 5 miljoen per jier fertsjinnet.
5 miljoen
5 miljoen per jier
It betelle fuotbal is siik, deasiik
De Swarte Kat hjit it dêr
en dat leit oan de Ronde Hoep
It is oan de Amstel en dêr binne ek noch in oantal boeren
Dy hawwe harren eigen molkepakken
Foarlêze is prachtich wurk
Foarlêze op it timmerdoarp
jûns bij in kampfjoer foar 50 harkjende bern
is echt "fet cool"
Yn in spesjale pelletstoel lêsde ik woansdeitejûn twa ferhalen foar
mei it tema "Op een Onbewoond eiland"
It twadde ferhaal gie oer twa bern
dy't op in timmerkamp west hiene
skipbreuk krigen op in ûnbewnne eilân oanspielden
en alles wat se op it kamp leard hiene
yn de praktyk bringe koene
It is in klus om op 75 % fan de diken fan Reahûs te fytsen.
Ik sit op sa'n 74 % en moat op syk nei in wat tagonkelike betonreden
dêr't ik wol komme kin.
Tongersdeitemoarn op syk nei 550 meter .........
It earste paad wie grind, los grind, net te fytsen
mar ik nim it risiko fan in fal.
100 meter binnen
It twadde stikje yn it lân einigt bij in bult modder
100 meter derbij..
It tredde stikje einigt foardat in blaffende hûn mij yn de kûten byt
50 meter derbij en gau útnaaie
It fjirde stikje is hast net te finen
en bringt mij mei muoite 100 meter fia in knoffelich paad fjirder
tusken maislân lofts, rjochts en foar
Dy rissultaten fan dit gedoch sjoch ik pas at ik thüs bin
en de gegevns ferwurke binne.
Sjit, sjit, noch 140 meter te gean
Nije wike in nije poging,,,,,
At ik Reahûs klear haw, hoop ik dat de kroech dêr iepen is
dan haw ik wol in Alpha bierke fertsjinne
Fan it grutte nijs wurde je hjoeddedei net bliid.
Ik sjoch der moarns tsjin oan om nei it nijs te harkjen.
Wat in ellinde mei al dat geweld tusken meardere lannen.
Gelokkich kin ik ek noch gewoan argewaasje ha oer lytse dingen
Nim no dat ferhaal oer de jarre yn Seelân
De kening en syn frou sille op wurkbesite yn Seelân.
No rûkt it dêr ornaris ferskriklik nei sipels
mar in amtner fan in gemeente hie betocht
om de boeren der op te wizen dat jarje net mei
at Willem en Maxima yn de buert binne.
De wurden dy't brûkt binne yn de brief
sjitte de boeren yn it ferkearde kielsgat,
Opskuor, wat sille wij no hawwe.
Seelân hat gewoan syn eigen geur
en dat is mei jarre, sipels en sâlt
Nee, ferbiede sa dat wie net de boadskip
"Der rekken mei hâlde, at it kin"
De boargemaster sjocht de jarrebui al hingje en
hij skriuwt in nije brief mei eksuses
"" Iets fan ferkearde wurden brûkt en it wie sa net bedoeld"
At foarhinne de boeren hjir bij Wommels begongen te jarjen
en de wyn stiet efkes ferkeard,
dan skeat ús mem nei bûten.
"De was moat yn, oars stjonkt alles nei jarre".
Tidens ús fytsreis sliepe wij bij "Vrienden op de Fiets"
Dat foldocht ús skoan.
Altyd wer ferrassende adreskes en gastfrije minsken.
Op ien fan de adressen sliepten wij yn in grutte loads
dy't ynrjochte wie mei tal fan âlde attributen.
Ien fan de earste tillefysjes
fan dy moaie âlde radios
âlde pannen, oar keukenark
en dizze prachtige typemasjine.
Net bêst dat wij dêr froeger meiwurken.....
Dit moaie boerd hinget oan boat
De priis is omheech gien
5 eurosinten mar leafst
Mei wat tape en in stift hawwe se de priis oanpast
Dat begryp ik wol.
In nij boerd kost wierskynlik krekt safolle
as de jierlikse mearopbringst
Ik haw sûnt april 2020 hast yn 75% fan alle gemeenten fan Nederlân fyst
It doel is 100 %
Dizze koarte fytsfakânsje levere wer 7 nije gemeenten op
![]() |
| De gemeente Voorst (grien) |
![]() |
| De gemeenten Renswoude, Scherpenzeel, Woudenberg en Uithuizen |
![]() |
| Landsmeer en Oostzaan |
Dêr wie der wer
it jierlikse romme rûntsje Iselmar,
Op moandeitejûn 20 oere betocht,
op tiisdeitemoarn om 9 oere fuort
It waar liket net sa gek, sjogge wij op Buienrader.
Net folle rein.
Wol in hiel soad wyn, docht letter bliken
mar dêr lette wij yn it foar net echt op.
Miskien hiene wij oars wol net fytst.
Wat in wyn, wat in tsjinwyn.
Earst nei Swol, it kin net op
Dan fia de Isel nei Ede
De wyn draait mei ús mei .
Tsjin wol te ferstean.
Fan Ede nei Oudekerk oan de Amstel
is it ek sykjen om lijte.
Sels fan dat lêste plak nei Heerhugowaard
hâldt it ek noch net oer.
De wyn is ynienen stiifwest
De lêste dei fia de Ofslútdyk is it
sa 't wij it graach wolle:
Foar de wyn.
Reinwetter?
Sa no en dan in buike
mei as djiptepunt Amsterdam nei Landsmeer
ien dikke bui
Wij hawwe bij it pont oer it IJ de reinjas al oandien
want de loft is sa skier as Yfke
De Prinsetún yn Ljouwert
is sneintemiddei faak it dekôr fan muzykoptredens.
In noflik plak, dêr bij de fiver.
Snein binne der fjouwer troubadoers
dy't de ferskes oer de tún klinke litte.
Der binne tal fan fêste harkers sa te sjen
want se binne klaaid fan hûs kommen
mei in kleed en in kuolboks
Se hawwe it goed betocht fan te foaren
want wij gean der wei mei dweiltrochwiete broeken.
Foar dat fuortgean hawwe wij twa optredens sjoen.
Graaflangraaf makke him mei skerpe teksten aardich drok
en dat mei ik wol lije.
Der sit fjoer yn syn optreden
Dat fjoer is gau dôve bij it optreden fan Alexandra.
Moaie stim dat wol
goed gitaarspul dat ek
mar oh hearken, wat ik net moai fyn bij troubadoers
binne dy swietsêfte ferskes.
Wij hâlde elkoar wekker en sette ôf foar
optreden 3 en 4.
Twongen, want wij moasten noch efkes nei it MCL
om efkes in koarte besite te dwaan.
Lâns de Swette werom
Tongersdei op 'e Lemmer hast in sinnestek oprûn
bij it skûtsjesilen
It plan om hjoed nei Winsum te gean,
foar it FK fierljeppen
moat dêrom de kuolkast mar yn.
Bankhingje mei Syb fan 2
dy't foar it earst fierljeppen sjocht.
"drave......klimme, klimme..... boem (in it sân)
of .....plons (yn it wetter)
Wij ha ús tige fermakke
Wat in boek.
Ik haw it noch net út
want in moai boek giet bij mij altyd langsumer
Dêr wol ik hiel lang fan genietsje
Alle dagen in stikje
Sa'n bijsûinder opset,
sa'n nijsgjirrich ferhaal
en sa moai skreaun.
It hie in Skandinavyske triller wêze kinne
Te lien yn de byb fan Wommels
Hjoed is it woansdei
Merke yn Warkum
Moai foar Jellie net foar mij
Ik fyts mei nei Warkum
en nim mij foar om foar
myn 'Wandrer' útdaging it Heidenskip te 'feroverjen'.
Yn it foar thús de rûte makke
mei mar leafst 12 dearinnende betonpaden.
It is in ûntdekkingsreis fan komsa.
Fan it Helspaad nei it Paradyske,
fan Lytse Wjirm nei it Turfhúske,
fan Skerven fan it Skar nei de Wolvetinte
en fan beppe's hikke nei Jantje 104.
Underweis sels twa noflike 'bekomplakjes'
en mei de wiisheit fan in swerfstientsje
nei 86 kilometer wer thús.
Mar 10 kilometers wêr't ik noch net earder fytst ha [myn wandrer risseltaat]
mar it is in geweldige rit.
It is dizze simmer drok op it fytspaad tusken Boalsert en Wommels.
In protte toeristen meitsje gebrûk fan dit paad.
Neat mis mei.
It is wat smel, mar it kin mei wat fatsoen.
Wat net aardich is binne de twatsjillers mei moters
dy't hieltyd faker op dat paad jakkerje.
Ik haw it noch efkes opsocht.
It is net tastien.
Ik tink dat ik lju dêr op oansprekken gean.
Der stiet gjin rûn boerd
dus........
Helaas wurde dy net fatbikes noch as fytsen besjoen
It is wat mei de pisserij bij it Dielshûs
tidens en nei de Freulepartij
at je frou binne.
Je keapje foar minimaal 13 euro oan munten
(dan hawwe je der mar leafst 4)
en at je dy munten omsette yn bier
dan moatte foar elke kear dat je pisje 75 eurosint betelje.
Je kinne it ek ôfkeapje foar 2,50 of sa.
It is op syn minst skandalich
dat je bij in horekagelegenheid in drankje drinke
of in pear mear, sa as it gewoan is op de Freulepartij,
dat je dan betelje moatte foar it pisjen.
De mannen hawwe in fergees piskrús ta harren beskikking.
Ik bin der wis fan dat betelje foar mannen gjin opsje is.
Dan wurdt it in plakje sykje bij in hage wat fierderop
of miskien wol hiel tichtbij.
Froulju,
wêr binne jim mei in lykweardigens gefoel
Sis der wat fan, it liket op fleanen
dat jild betelje foar it pisjen
Pyt Postma mocht tiisdeitejûn foarlêze op de jûn foar de Freulepartij.
"Lêze foar de Freule" hjit dat barren
en der kaam wer flink folk op ôf.
Yn Pyt syn ferhaal sieten aardich wat nijsgjirrige en herkenbere jeugdherinneringen.
Pyt hie it ek oer de strjitnammen yn Wommels
dy't ferwize nei it keatsen.
As oanfulling wiis ik noch efkes op in nijsgjirrich ferhaal dêroer.
De heide yn bloei, kopt de krante
Hiel betiid, is de ûnderkop.
Men hat it oer Bakkefean
Jellie mei graach oer in bloeinde heide
dus stappe wij op de fyts yn Nijbeets
Mei in moaie "Wandrer"rûte fyn ik it prima
Bij Bakkefean sjogge wij strookjes heide
Bij Wynjewâld sjoch wij in fjild heide
dat net echt yn de bloei stiet
In prachtige rûte fierders
mar heide....
Wol wer in moai blommenfjild om it mais hinne
Fytse mei in doel
Dat is hjoed efkes om de hoeke sjen yn Wytmarsum
wêr't de jongespartoeren harren foargenerale hawwe.
Ik tref it
At ik kom moat Wommels de twadde omloap keatse.
Sij winne en ik haw in byld wat de kwaliteiten binne
Ik hâld net rekken mei in huldiging
mar mei in goeie lotting
troch wat mindere tsjinstanners te treffen
en in kear stean te bliuwen
soe in priiske wol mooglik wêze kinne
Foa twaén wer nei hûs
om de earste wedstriid fan it skûtsjesilen te sjen optv en ynternet
Hoop net dat it ferfolch ek sa giet.
Gjin spanning is funest foar dizze sport
Ik sjoch him noch
yn myn herinnering
It keatskanon
makke troch frijwilligers.
foar de jeugd fan KF Wommels
jûns traine mei dat ding
de ballen fleane as kûgels
útslaggers wurde better
opslaggers binne net mear nedich.
ik tink hjir oan
wylst ik sjoch nei de heale finale op de pc
twa keatskanonnen stride tsjin elkoar
de iene bal rint noch hurder as de oare
de folgjende bal hat noch mear effekt
de maten wurde ûndergeskikt
it keatskanon is de baas
kanon T wint
kanon GJ jout belies
Keatsen 2024
en wij fine it prachtige striid
it hichtepunt fan de dei