donderdag 29 augustus 2024

Jarre

Fan it grutte nijs wurde je hjoeddedei net bliid.

Ik sjoch der moarns tsjin oan om nei it nijs te harkjen.

Wat in ellinde mei al dat geweld tusken meardere lannen.

Gelokkich kin ik ek noch gewoan argewaasje  ha oer lytse dingen

Nim no dat ferhaal oer de jarre yn Seelân

De kening en syn frou sille op wurkbesite yn Seelân.

No rûkt it dêr ornaris ferskriklik  nei sipels

mar in amtner fan in gemeente hie betocht

om de boeren der op te wizen dat jarje net mei

at Willem en Maxima yn de buert binne.

De wurden dy't  brûkt binne yn de brief

sjitte  de boeren yn it ferkearde kielsgat,

Opskuor, wat sille wij no hawwe.

Seelân hat gewoan syn eigen geur

en dat is mei jarre, sipels en sâlt

Nee, ferbiede sa dat wie net de boadskip

"Der rekken mei hâlde, at it kin"

De boargemaster sjocht de jarrebui al hingje en 

hij skriuwt in nije brief mei eksuses

"" Iets fan ferkearde wurden brûkt en it wie sa net bedoeld"


At foarhinne de boeren hjir bij Wommels begongen te jarjen

en de wyn stiet efkes ferkeard,

dan skeat ús mem nei bûten.

"De was moat yn, oars stjonkt alles nei jarre".


Geen opmerkingen: