dinsdag 22 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (7) - Broek

 Wij pikten Broek ek efkes mei

op de fytstocht om de Snitser mar hinne

De tsjerke oan de dyk, 

it tsjerkhôf mei de klokkenstoel dêr efter


yn 1616 wurdt de klokkestoel al neamd


spitich fan dy flaggemêst



in moai fers




skipper en keapman....wat soe dat wêze?

Jitze Grondsma, eardere IFKS skipper

wolle de neibesteanden harren melde?




Reze

It rezen is wer begong.

It wie it ôfrûne jier in fermaak op Ziggo sport.

No net mear.

It jild slacht foar master op 

en wij moatte der no foar betelje.

Der is dan alles te sjen, fan freed oant snein,

Dat is moai, mar ik haw genôch oan de rees op snein.

Dus op syk nei in fergese stream.

Sykje op twitter.

Slagge, 

en ik haw de rees noflik sjoen fia dizze link.


Benijd at dy der snein noch is....

maandag 21 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (6) - Goaiingaryp

 De Snitsermar om

en dan komme je tusken Terherne en de Jouwer 

mar leafst 4 klokkestuollen tsjin

Goaiingaryp, oan de iene kant in rekreaasjedoarp 

oan de oare kant it echte doarp.

Dêr stiet it klokkenhûs wat efterôf

net te ferwarren mei it restaurant mei de selde namme.

Oan dit klokkenhûs hinget de swierste klok

fan alle klokkehuzen yn Fryslân.

Syn namme Salvator.

Hij sloech 14.30 oere doe't wij der stiene












woensdag 16 maart 2022

Klokkestuollen yn Fryslân (5) - Loaiingea

Fjouwer klokkehuzen hân,

no de earste klokkestoel.

Loaiingea, dat lange "doarp" 

dat Reahûs foarbij begjint en einigt bij Snits

Jim kinne alles lêze oer dit moaie bouwurk

op dizze side









maandag 14 maart 2022

Littens

 In slach troch Littens mei Samme en Nyck

Dat betsjut foaral klimme en slepe mei hout.

Fan Broektille nei Littens en werom.

Simpel mar moai foar de bern.














zondag 13 maart 2022

Wat in sfear

Sneontejûn wer in kear op it fytske nei it Bolwerk yn Snits

foar in konsertsje.

It kin wer en dêr bin ik bliid om.

Hartstikkene bliid en al dy oare lju dy't er binne ek.

Wat in prachtige jûn mei Letz Zep, 

de tributeband fan Led Zeppelin.

De sfear komt der hieltyd mear yn en de band spilet fantastysk.

Al meardere kearen sjoen, mar sa goed as no noch nea

en sa sfearfol as no ek noch nea.





vrijdag 11 maart 2022

Fegetarysk

 Twa pakesizzers útfanhûs.

3 en 5 jier. Gesellich.

"Werom binne jim net fegentarysk" freget hij fan 5.

Bam, in drege fraach 

wylst ik dwaande binne it pak veganfla iepen te meitsjen.

Ik sit efkes mei de mûle fol "fleis"

Wat moat ik dêr no opsizze?

Wij dogge ommers ús bêst al,

mei sa no en dan in stikje fleis minder.

Ik tink nei oer wat te sizzen

Ik kom net fierder as.......

Dat wij opgroeid  binne mei fleis ite

en dat wij froeger net iens wisten dat er fegetariers wiene

Dat wij in stikje fleis op syn tiid wol lekker fine

Dat wij learden dat je mei molke mear mânsk wiene

Dat wij hearden ha in aai der bij hearde

en mear fan dy reklame drog redenen...

"Oke" seit er 

mar ik haw net it gefoel dat ik it goeie antwurd jûn haw.




donderdag 10 maart 2022

Klokkehuzen yn Fryslân (4) Greonterp

 Greonterp hat ek in klokkehûs.

Je kinne it net misse at je fanôf Blauhûs it doarp ynfytse.

In leech tsjerkhôf, mei mar ien grêf.

Je kinne dêr net mear begroeven wurde

It klokkehûs is fan 1822 

en alle oare ynfo is te lêzen op de ynfobuorden.

foar de minsjoggenden hinget der in fergrutglês.

Gerard Reve wenne hjir neist

en syn wêzen is noch te sjen op de muorre

op de stoepe foar en op de gevel fan syn eardere hûs

Dat wij op de muorre syn portret sjen kinne

hat te meitsjen mei it ferhaal dat hij

in twa meter hege muorre om syn húske sette liet

sadat der gjin ynsjoch wie.

De gemeente hat letter oanjûn dat dy muorre der wer wei moast

want it wie gjin gesicht yn dat lyte strjitsje

















dat wiene al wer 65 kilometers