Surival is in groeiende sport.
It is ûntstien yn it doarp Beltrum yn de Achterhoek
Wij hawwe it dan oer 1988.
Yn 1991 wurdt de Survivalrun Bond oprjochte
en der binne dan sa'n 300 leden.
Anno 2024 binne der sa'n 50 trainingsorganisaasjes
mei sa'n 10.000 leden.
Yn Fryslân is der in klup yn de Knipe, Koatstertille
en Bitgumermûne.
"Survival is in no-nonsens sport foar oanpakkers en trochbiters,
Bûtensporters dy't harren grins graach ferlizze"
Snein bin ik yn de stêd Grins, wêr't in survivalrun is.
Ik bin gjin grinsferlizzer en seker gjin trochbiter,
it meidwaan lit ik oer oan soan Tsjeard en syn maat Jan Galema
Hûnderten dielnimmers yn ferkate kategorien
fan jong oant âld.
Kreas yn de skjinne sportklean en skjinne skuon geane se fan start
as bargen komme se wurch en kâld werom.
Tsjeard docht 8,5 kilometer mei wit ik hoefolle hindernissen
en Jan docht syn earste run fan 5 kilometer
Ik rin it diel fan it parkûr wat op en del
kom ek ta 8 kilometer, kâld mar wol skjin
en meitsje wat filmkes en foto's.
Survival is foaral ek wachtsje op in oar
Wat in trochsetters binne it yndie,
wêrbij de spierkrêft yn de earmen en skouders flink testen wurdt
Beide komme oer de finisj mei it reade bantsje
(at in hindernis net goed trochrûn is, moat je it bantsje ynleverje)
en nei in waarme dûs en wat alkoholfrije drankjes
hawwe se noch energjy om nei Drachten te gean
want dêr stiet yn Iduna middeis om 5 oere
Pro-Pain op de planken.
Dat is in hardcore metal band út Amearika
en wat soargje se foar in geweldich konsert
Ta beslút, as groet oan de band
moat de earm omheech mei de pink en wiisfinger omheech
Dat slagget mij wol,
mar de twa sporters net mear
Geen opmerkingen:
Een reactie posten