dinsdag 21 mei 2024

Swannen

 Ik rin fannemoarn oer Skrok

en sjoch dêr de twa swannen.

Ik neam se it aai- of âlderleas pear.

Sa sjocht it der út

Oeral sjogge je in swan op it nêst

mei in tasjoggende swan deunbij.

Ik tink dat it hjir ek sa west hat.

Moannenlyn wie der in nêst 

bij ien fan de fytsroasterbrechjes.

It like mij net in goed plak ta, 

sa flak tsjin it paad oan.

At se fûl op de aaien binne, 

blaze se se raar spul.

Fan de iene op de oare dei wie it nêst fuort

en lei der flakbij yn it lân in nêst

Ik tink dat it nêst troch minskehannen is ferpleatst

fanwege de feilichheid.

Ferstannich tink ik dan.

Net leuk, tink de swan dy't er opsitte moat

Hjir settelje ik mij net.....

It nêst liket noch altiten leech

en de twa swannen sitter der wat bij

as in aaileas pear

Op Skrok, sûnder in eigen nêst

Bij it Ienzer tunneltsje






Geen opmerkingen: