Wêr is begong dat fûleindige ferlangen fan Jellie
om de 11 stêdentocht te fytsen op pinksternoandei?
Se jout sels dizze wike it antwurd.
"It is 50 jier dat ik út Israel werom kaam
en dy simmer de 11 stêdentocht fytste
mei heit, broer en dêr in freon fan.
Op in gewoane fyts, op in gewoane sneon,yn gewoane klean.
It wie ôfsjen, mar it slagge"
Dêr moat it yndie begong wêze
en hat it him trochsetten
neidat ik yn har libben kaam
en wij meardere kearen de tocht fytst hawwe
Ik bin op tiid opholden
mar Jellie net.
Ek yn 2024, nettsjinsteande in lichem dat net fit is
hat se it wer presteard.
Respekt foar it trochsetten.
en mei in laits oer de finisjstreep
25 registrearde tochten fanôf 1977
5 fan earder dy't net registreard binne
en ien yn 1974 op dy oare dei
Geen opmerkingen:
Een reactie posten