maandag 11 december 2023

Dwinger

 


De jiske auto yn de jierren 60 mei syn fjouwer mannen

ik sjoch it sa noch foar mij.

Palsma, de sjoffeur, Eisma, ynfal sjoffeur, Bakker en Boersma,

alle fjouwer wennen se yn Wommels

en trije dêrfan sels op de dr Sipke Stapertstrjitte.

Sij leegje de swiere amers en wat der neist leit yn de wein

Wat se sels brûke kinne, lizze se fansiden.

Yn myn byld binne it earst net allinne de jiske-amers

mar ek de húsketûntsjes, dy't yn in karre lege wurde.

De rotsoai giet nei de dwinger, 

dy't krekt bûten Wommels leit

oan de Boalserterfeart.

Der is yn dy tiid minder kwetsbere rotsoai as hjoeddedei,

mar alles komt wol bijelkoar.

Sa no en dan wurdt it opbaarnd, dat mei dan noch.

De tiid feroaret.

Hinnaarderadiel giet op yn Littenseradiel (1984)

en konteners hawwe dan de jiske-amers al ferdreaun.

It smoargens giet nei Aldehaske of Harns om ferbaard te wurden.

Wat oerbliuwt is de dwinger, dêr oan de Boalserterfeart

Altyd maklik om wat oerstallige rommel del te smiten

sa riddenearret de gemeente Littenseradiel.

De fierstentegrutte gemeente Súdwest Fryslân fynt dat net 

Sij brûke leaver in oantal grutte terreinen

yn en bij harren stêden.

De dwinger yn Wommels wurdt ôfsletten 

mei in stek en dat is it.

De rommel bliuwt lizzen,

it strewelleguod groeit en groeit

en ûntnimt it sicht fan de Wommelsers 

dy't fanôf it trekpaad skodholjend fan in skande sprekke.

Sa'n moai plak oan it wetter en dan sa fersloere litte.

De jeugd ûntdekt de dwinger.

It stek is al net mear sa ticht as earst 

en boppedat wat soe dat no sa'n stek

Sij meitsje hutten want der is hout en oare rotsoai genôch.

Dan ynienen is der panyk.

Yn oktober 2023.

Soe it allegear wol sûn wêze dêr op de dwinger?

Leit er net skealike rommel foar bern.

Sels wij krije in brief op Swingoerd.

Fan de GGD

Der is neat oan de hân 

mar it terrein wurdt wol hermetysk ôfsletten.

Hutten sille fuorthelle wurde 

en fierders hat it de oandacht fan 

ien fan de fierstente grutte laden

fan ús fierstentegrutte gemeente


It is hjoed 12-12

De hutten steane der noch.......






Geen opmerkingen: