maandag 26 september 2022

Boaz op AD

Dit wykein wiene de agraryske dagen yn Frjentsjer.

De namme dekt it gehiel fansels net mear.

It binne allegear aktiviteiten

en ite en drinke stiet foarop.

Der wie ek wat muzyk.

Ik hie mar twa nammen op myn listje setten.

De earste wie Boaz, 

de jonge (blues) sjonger út Harns.



Op it plein foar it stedhûs waard in in prachtich optreden.

It iene hichtepunt nei it oare.

Wat in stim, wat in útstrieling en wat in fine band.

In geweldige live útfiering fan dit nûmer wie it slotstik




De oare dy't op myn listje stie, haw ik oergean litten.

It soe net better wurde as dit

Geen opmerkingen: