Sa sjocht ús route der út de kommende dagen.
Wij fytse fan Súd Tirol nei Venetie
Sa no en dan set ik wat op twitter
en dat kinne jim hjirneist lêze.
Fanôf hjoed binne wij ûnderweis
Sa sjocht ús route der út de kommende dagen.
Wij fytse fan Súd Tirol nei Venetie
Sa no en dan set ik wat op twitter
en dat kinne jim hjirneist lêze.
Fanôf hjoed binne wij ûnderweis
Wij hawwe 5 pake- en beppesizzers.
It is in keunst om dy meielkoar op de foto te krijen
mar it is ús bern slagge.
Jellie wie jierdei en sij is wakker wiis mei dizze foto,
ik trouwens ek
Us fleurbringers:
Nyck, Brecht, Roan, Samme en Jelske
Nachts bushokjes ferniele
dat skynt moai wurk te wêzen.
Foar de safolste kear is dit hokje de sigaar.
It stiet op de romte bij de Ienserhoeke
De gemeente gietde rúten der net ynsetten
it hat gjin sin
dat is dúdlik wurden.
Iets oanplakke
dat hoege se aansens net mear te ferbieden,
dat kin net iens mear
Burchwert,
it moaiste doarp fan Fryslân in pear jier lyn.
neffens in sjury, wêr't ik seker net yn sit.
In slach oer it tsjerkhôf
dat stiet al lang op myn list "noch te dwaan"
Wij wennen trije jier yn Hichtum
en op ferieningingsnico hawwe de doarpen wol wat meielkoar.
Bekende nammen op stiennen komme je dan tsjin.
mar wat mij foaral opfalt is
dat er safolle stiennen binne
wêr't je de teksten net mear lêze kinne
of je moatte der op knibbels foar
mei in fergrutglês en wat fantasij
![]() |
Hé, dêr leit ús eardere buorfrou |
![]() |
Net te lêzen.... |
![]() |
Keunst op in tsjerkhôf, dat fyn ik moai |
![]() |
mei 20 jier ferûngelokke, dat stiet mij noch bij |
![]() |
namme kaam ik tsjin yn myn stambeam..... útsykje dus |
![]() |
Sa spitich , dat je dit mei grutte muoite lêze kinne |
![]() |
Himert, boer, FNP-er en dan is dêr dy bolle |
Sneon wie de triatlon yn Wommels.
Der wie net tefolle reklame makke,
want publyk mocht net op it terrein.
Wol bij de feart en wol oan de dyk.
Sa koene je de 134 atleten sjen.
Der is wer hiel wat ôfswitten....
Freedtejûn wie de triatlon foar bern.
De basisskoallen de Opslach en it Fûnemint
hiene de foarset dien mei wat trainingen
en no moast it wêze.
34 bern oan de start.
Swimme en dan nei de fyts,
oanklaaie en mei gong fuort
Dat wie ek de bedoeling fan ien fan de famkes.
Mar.......de fyts stie op slot.
Yn sân hasten wa't socht om heit of mem.
It kaam klear.
It kaaike lei yn it kuorke foar op de fyts.
Mei efterstân begong dy pechfûgel mei it fytsen
![]() |
Omklaaie en fuortwêze |
dat stel ik it tige op priis
dat der in melding dien wurdt yn it Frysk....
Faceboek begrypt dat.
Koroana hat in oantal saken feroare.
Lykas de routsjinst, dy't no faak yn besletten rûnte plakfynt.
Dat begryp ik wol.
Kondoleare en wer nei hûs,
sa giet dat hjoeddedei.
Yn dit gefal nei de tún mei de tablet.
Kerkdienstgemist der op
en sa koe ik de tsjinst fan frou Lanting folge.
De yndrukwekkende wurden fan Sake,
de ienige fan de 4 jonges fan frou Lanting dy't noch libbet.
"Do list mij hjir net allinne"hie se alris tsjin Sake sein
Frou Lanting ferstoar doe't Sake bij har wie,
moaier kin it net wêze.
Frou Lanting, dy't hiel wat ferlern hat yn har libben,
mar meast fleurich wie en foarút seach.
Grutte bewûndering foar dizze frou
en it die mij goed om de wurden fan Sake te hearen.
De preek gie oer Job en dat kin ik mij foarstelle.
Dy preek haw ik net útharke
dat duorre mij krekt efkes te lang
en gie mij tefolle oer Job.
Neist de bibelmuzyk wiene dêr the Bee Gees
en Robin Gibb
Wierskynlik har favorite muzyk...
Wij wiene in wykje te fytsen.
Sliepsek en wat klean mei.
Sliepe yn trekkershutten
5 kear mei de pont oer.
Bij Jonen
bij Millingen oan de Rijn
noch ien bij Millingen oan de Rijn
bij Genemuiden
en de meast bijsûndere bij Haerst
Haerst leit krekt boppe Swolle
en de pont giet oer de Vecht;
it Haerster pontsje
in krakkemikkich ding,
at je it fergelykje mei oare oerstekboatsjes
De boat wurdt letterlik mei de hân yn beweging setten,
mei twa klossen oan in tou
De oerstek kost 60 eurosinten
en goedkeaper hawwe wij it net meimakke
Ik wie op de PC yn Weidum.
De PC foar froulju.
De beste keatsters steane dêr op it fjild.
It is net allegear like spannend.
It ferskil tusken de smelle top en de brede rest is grut.
Te grut, fierstente grut.
Partoeren wurde fernedere troch it toppartoer dat wint
Letterlik en foaral figuerlik.
Wat in mislik gedrach fan dy twa yn dat toppartoer.
Manon S en Nynke S.
Sij gongen lykas de sympatike Marrit Zeinstra mei de krâns nei hûs
Der gongen 5 oaren mei blommen nei hûs.
Sij waarden tank sein foar harren bijdrage oan de PC oer safolle jierren.
Sij stopje mei keatsen.
Ik frees foar noch mear stoppers.
De twa eSSen drage dêr oan bij.
Sij fiere alle twa punten as stiet it 5-5 6-6.
Sij fleane alle kearen it heale fjild oer,
raze en roppe as healwizen
at se twa punten helje.
Mislik gedrach.
De lichting dy't er oankomt,
stiet der bij en sjocht der nei.
Ik sjoch it fjoerke wat er fêst is bij dy jonge famkes
gelyk al dôven.
Je soene gelyk ek blommen freegje en stopje.
Nee, sa komt it net goed
troch de mislik meitsjende fokus fan de twa eSSen.
No mar hoopje dat se foar it lêst wûn ha
mar ik frees it slimste.
Ik hoopje ek dat Marrit Zeinstra net meigiet yn dit gedrach.
Hup, alle oaren