maandag 24 juni 2019

Gjin foto

In stikje sûnder foto of filmke,
dat komt net sa faak foar.
It stikje giet oer Maarten
en de gekte dy't dat feroarsaakt.

In skoft lyn sette in frou op facebook
dat se "Maarten moe "wie,
neidat hij bekend makke hie
dat er in nije poging dwaan soe
om de 11 stêden lâns te swimmen.

Ik begryp dy frou wol wat,
mar mei dat fansels net lûdop sizze,
want Maarten swimt foar in goed doel
en hellet wer hiel wat jild op foar ûndersyk
en set it allegear yn de belangstelling.

Dus sis ik it mar net lûdop,
mar typ ik it hjir del:
Ja,
ik haw ferline jier twa kear west te sjen,
nee,
ik folch it dit jier net echt
en bin der ek net bij west.

Ik seach op twitter in reaksje fan immen:
"vreselijk dat iemand zich zelf zo pijnigt,
terwijl hij beter binnen zijn eigen politieke partij (VVD)
actie kan ondernemen om meer geld voor onderzoek vrij te maken"

At ik dit skriuw,
is hij ûnderweis nei Bartlehiem
oanmoedige op dizze moandeitemoarn
troch tiidsilers en skoalbern.

At er der is, sil ik sizze
moai dien Maarten,
tige tank foar dyn bijdrage oan ûndersyk nei kanker
en foar it fermaak datst miljoenen minsken jûn hast
en it yn de belangstelling setten fan ús moaie provinsje

Gjin foto dus
want ik bin der net bij west

Geen opmerkingen: