Ik rop 22 april mar út ta Tulpendei,
want wij fytsten de tulpenroute yn de NOP
en bij thúskommen en it foto's argiveare
seach ik dat wij ek ferline jier
op 22 april
in tulpenroute fytst ha,
ek yn de NOP
it soe wat flau wêze om de foto's fan ferline jier te brûken
hoewol der hast gjin ferskil te sjen is...
dat wie dan ek de konklúzje fan ús nei ôfrin:
lekker fytst
in soad grize fjilden sjoen
mei hjir en dêr wat tulpenfjilden
fansels wie der ek wer in "tulpenbelevingscentrum"
mei hûnderten ferskillende blommen
dy't se allegear tulp neame
hoewol se mear op roazen lykje
en sels de namme Melrose hawwe
It "belevingscentrum" bij Creil yn de buert
is foaral ek it fette bek iters plak
foaral foar dy minsken dy't bekomme wolle
fan al dat yn en útstappen fan de auto
om bij elk fjild wat foto's te meitsjen
Fytsers wiene der dizze kear net folle
De wjukkelmasjine is der ek wer
foar dy lju dy't yn 7 minuten alles fan boppen sjen wolle
Geen opmerkingen:
Een reactie posten