zaterdag 28 april 2018

Bril



"Dat sjochsto ferkeard"
seit er wolris immen tsjin mij.
Net frjemd fansels
want ik mei dingen graach oars sjen.

Mar
om oan alle ûnwissichheid  in ein te meitsjen
like it mij dochs wol goed ta
om nei mear as 5 jier wer in besite te bringen
oan ien fan de safolle lannelike brillensaken.
Ien fan dy saken
dy't mij alle jierren der attent op makket
dat it al wer 2, 3 , 4, 5 jier lyn is
dat ik in bril kocht haw
en dat it foar myn gelok (en harren beurs) better is
dat ik wer efkes lâns kom.

"Al weer 5 jaar geleden",
is it earste wat mij ynwreaun wurdt
at ik sitten gean foar de eachtest.

Nei de eachtest
wurd ik ferrast mei de sin
"doet u deze maar even op"
en in grutte koptillefoan wurdt mij oerlange

Ik sjoch him oan,
ferbaasd dat se mei in koptillefoan
tsjintwurdich ek eagen teste kinne...
"Dat is voor de gehoortest",
sa andert de brillenman myn ferbaasde blik.

"Nee, dankje,
dêr bin ik hjir net foar,
boppedat haw ik dêr hielendal net om frege"

"Dat wilt u echt niet" besiket hij yn in lêste poging
mij ek in gehoarapparaat oan te smarren

"Nee, dankje, ik bin hjir foar in bril"

Fierders bin ik prima holpen
hoewol ik wol it idee hie
dat it it gebrûk fan ferskillende talen
net hielendaal goed oerkaam

Oh Ja,,,,de eagen wiene noch goed,
dus sis nea wer tsjin mij
"dat sjochsto net goed"

Geen opmerkingen: