At it tsjuster is,
sjoch je net folle
dat is de erfaring dy't wij ûndergean
yn Burchwert,
it doarp fan Tsjêbbe Hettinga
At it tsjuster is
dan giet it mear om lûden en klanken:
de smid mei syn klappen op it ambyld
de skries mei syn sjongen op de hikke
de klompen dy't klappe op de dyk
de trekker dy't oanslacht
it hynder dat fan him heare lit
en de toer dy't slacht
Burchwert is tsjuster
en wij erfare dy neare nacht
en dy lûden
yn moai lokaasjeteater
"stroffeljend" rinne wij troch it doarp
mei help fan blauwe ljochtsjes
as paadwizers
fan de tsjerke nei de smid
fan it hynder nei de iisbaan
fan in koar nei de klompen op de brêge
fan in prachtich keunstwurk nei it korps
it wie in moaie jûn
mei in respektfol begjin yn de tsjerke
mei gedichten en sjongen
In moaie jûn mei
in yndrukwekkend slotakkoard
yn it lân efter de pleats wêr't Tsjêbbe grut wurden is.
Foto's sûnder flits fansels
want at Burchwerter it ljocht úthâlde moatte
dan kinne teaterbesikers it net hieltyd efkes opdwaan
Op de weromreis
falt it ús op
hoe ljocht it is
bij de Boalsertertrekfeart
troch twa fytslampen........
Geen opmerkingen:
Een reactie posten