maandag 16 maart 2015

Autorutenskrabje


Gek wurdt ik er fan
dy waarberjochten fan Pyt P.
altyd mar wer
...en dat wurdt autorutenskrabje

ik wol it waar witte fan him
dat is syn berop miende ik
ik hoech net trije kear yn ien berjocht te hearen
wat oare minsken miskien dwaan moatte

dy witte sels wol dat at it friest
der in grutte kâns is dat de auto ruten ticht sitte mei oanslach
dat se miskien better earst de autoruten skrabje kinne
om wat te sjen

mar om hjoed oan te kundigjen dat it oare moarn wer autorutenskrabje is...
bah

krekt sa at hij simmers altyd ropt dat it barbekjoe waar is
wêr bemuoit dy man him mei

dus beste Pyt
alles goed en wol
ik skrabje nea de autoruten
en barbekjoen is ek net myn hobby
dus sis gewoan

wannear at it reint
en hoefolle graden it is

dan bepaal ik sels wol at ik
it reinpak of de wanten oandoch

ek dat hoechst net foar te sizzen



Geen opmerkingen: