maandag 10 maart 2014

Stoffel

Doe't ik fannemoarn betiid nei Snits fytste wie it kreas waar ûnder in opgeande sinne. In pear haskes seagen fernuvere om harren hinne. It like wol of daagden se mij út: sjoch hjir binne wij en wij binne net benaud (mear).
Goed 12 oere fytste ik werom en it wie noch altiten moai waar. Deselde haskes wiene der ek wer en ik koe hast mei harren fûskje. Se strielden noch altyd dat selde betrouen út. Of woene se sizze, ús kin neat mear oerkomme.
Tsjin healwei twaen stiene wij yn in lekker sintsje op de Foarbuorren ûnderweis nei de Martinitsjerke fan Easterein.  In lange rigele minsken.
Wat swart fûgelguod tsjin de tsjerketoer oan makke rûzje en se kraaiden as roeken. Geduldich skooden wij stapke foar stapke oer it brêchje, stapke foar stapke op it tsjerkepaad, stapke foar stapke nei de tsjerkedoar en stapke foar stapke nei Tine, Tryntsje, Sjoerd Teake, Siebolt en Joran.
Fertriet. 
Bij frou en bern.
Eltsenien seit syn wurden.
Wij ek.
En doe noch in pear stapkes.
Doe stiene wij bij de kiste.
De kiste mei Stoffel
Stoffel dy't er bij lei, sa't er wie.
Yn syn blau bûsgroen, mei syn pet mei aaien, mei syn Stoffel útdrukking.
Mar dan wol dea.
It wie as lei er dêr gewoan
sa fan: ik jou mij efkes del, dan kinne jim it oer mij hawwe.
Wij koene syn laits net mear heare mar wij koene dy laits wol sjen.

Meielkoar hawwe wij him betocht.
Yn wurd en muzyk.
Psalmen en the Dubliners, gesangen en You never walk alone.
Der waard praat oer Stoffel sa't wij Stoffel allegear seagen
Mar hoe't Stoffel echt wie?
Dat wit gjin minsk,
ek nei hjoed net.

Grutte bewûndering haw ik foar syn neisten dy't de moed hiene om wat persoanliks foar te lêzen of wat persoanliks foar te dragen, ja sels om wat te sjongen, wylst de emoasjes ús al troch de kiel draaiden.
Ferdoarje Stoffel, dit hie sa net moatten.
Wij misse dy no al.
En wij net allinne, ek dy haskes yn it lân en de roeken bij de tsjerketoer.
Sij hiene noch wol graach de striid mei dij oangean wollen.
En wij ik wol.
Ast it wollen hiest.

Doe't wij de tsjerke ferlieten, wie de sinne fuort.
In kâlde noardeastewyn stuts op.
It waard dizich oer it fjild.
It wie kâld wurden.

Stoffel, rêst sêft yn dyn Hartwert.
Ik kom gau ris bij dy sjen.





3 opmerkingen:

Anoniem zei

prachtig aant, echt prachtig.
ik ha alwer een trean in'e eagen.....

Anoniem zei

sorry, ber. is fan boudewijn.

Unknown zei

Prachtig geschreven ben er stil van