maandag 21 februari 2011

Kâld?

It noege hjoed net út om in flinke traap te dwaan op de fyts. In kâldkommer as mij moat him fersette tsjin syn eigen gefoel. "Skrale wyn", "temperatuur sa't dy fielt is 7 graden ûnder nul" binne teksten dy't ik leaver net hear. En dochs weagje ik mij de kjeld yn. Kom op. Efkes Skrok om, lis ik mij op. Op de bukfyts. Is minder kâld. Mar krekt foar Easterein, mei de sinne yn de kop beslút ik dat Meilahuzen om en fia Itens werom ek noch wol kin. Ik bin noch net ferklomme. Op it binnenpaad krekt foar Itens haw ik de smaak te pakken en beslút fia Rien nei Lytsewierrum te fytsen. Ek bij Rien pak ik it binnenpaad. Twa passanten op it smelle paad hoe is it mooglik. Lytsewierrum.



Se hawwe der lykas bij alle doarpen yn ús gemeente in piktogrammeboerd del setten en dêr wurd ik bij Lytsewierrum net waarm en bliid fan. In tsjerke en in tsjerkhôf. Fan beide gjin ferlet.



Der is mear romte op it boerd en dat hie kind want ik sjoch ek in oranje postbus en in bushalte. Dêr soe ik mear ha kinne.
Lytseweirrum bin ik gau troch, dus op nei it noch lytsere Greatewierrum:in streek sûnder fertier. Lâns de Slachte op nei Reahûs. Sinne en wyn yn de rêch. Hearlik. Fia it binnenpaad nei Easterein. De fearten binne skjin en de rotsoai dy't der útkommen is ferspraad oer it lân.



Utsein de fyts, dy't wierskynlik earne meinommen is om in lette feestgonger thús te bringen en helaas yn de feart smiten. Spitich, want hij is is der net better op wurden yn dy feart.

Yn Easterein soe it fytspaad nei Wommels in opsje wêze kinne, mar ik wol wurd hâlde. Dus Skrok om. It fjirde binnenpaad.



It skiere piktogrammeboerd yn Wommels jout oan dat dêr mear te dwaan is.
Thús haw ik ynienen nocht om allegear putsjes te dwaan bij hús om. Ik haw it net mear kâld.

Geen opmerkingen: