zondag 6 februari 2011

Leech en heech

It waaide juster dat it rikke. Lekker fytse is dan net mooglik. Moai fuotbal ek net. Dochs like it mij goed om it fytsen en it fuotbaljen te kombinearjen troch op de fyts nei Snits te gean om de wedstriid WPB - Nijland te sjen.
Ik kin kieze út in oantal fytsen. It sil jim gjin nij dwaan dat ik de platste fyts útkeas foar dizze stoarmwyn. En dan soe it in kataai wêze moatte neffens in grut ferskaat fan "deskundigen" want "op in lisfyts ha je dochs gjin lêst fan de wyn". Ik freegje mij ôf at it sokke minsken nea bij de bokse ynwaaid at der hurde wyn is.

In streekderby fan twa ploegen dy't no ek noch yn de selde gemeente lizze. Wylst ik der hinne lisfytste naam ik mij foar de beoardielingslatte net te heech te lizzen foar it fuotbal wat ik ferwachtsje koe.
No haw ik wol in soad mar net hiel heech fuotballe, mar wat ik wol opstutsen ha fan treeners en lieders dat bij hurde wyn de bal leech bliuwe moat. Dat falt net altyd ta en it sil ek net altiten opgean mar at der doelberet lange hege ballen jûn wurde dan wit je wol dat it net heechsteand wie.
In inkele oanfal oer de grûn en krekt dêrút skoarde WPB. Nijland makke ek noch gelyk krekt foar tiid.
En dochs siet ik te wachtsjen op dy iene hege bal. Fan in kollega dy't bij Nijland fuotballet. Hij hie tasein om te besykjen de bal op de sporthal te sjitten. En dat is in flinke hichte.
It is him net slagge. In soad hege ballen sjoen juster mar de ultime bal wie der net bij.
90 minuten mei de kop yn de wyn stien. Yn de lijte wie better west mar fan dêrút wie it in stille pantomime. Ek al is it spul net heechsteand nettsjinsteande al dy hege ballen, de emoasjes laaie betiden wol heech op en dy wol ik graach heare.
Ferklomme lei ik mij nei 90 minuten wer del op de fyts en gelokkich hie de wyn dat ek wat dien.

Geen opmerkingen: