woensdag 28 mei 2025

Lûd en fjoer

 Hardcore freed is in begryp wurden foar ús

In kear as 8 yn it jier is dat in "hurde muzyk" feest yn Neushoorn

Op freed fansels.

In simpele formule

Trije bands en de Arena fan Neushoorn foar 5 euro

en foar de leafhawwer genôch om te beuken.

Ik hâld foaral fan de enerzjy 

dy't it útstrielt en mij jout 

At wij kinne gean wij

Freed gean Tsjeard en ik wer.

Changing Tides komme ek.

Nea fan heard, mar dat wurdt wol oars.

Eardopkes net ferjitte fansels.

Wat in gewledige band en wat in enersjyke sfear







dinsdag 27 mei 2025

Wommels oan See

It tema fan de Wommelser feesten is dit jier

'Wommels oan See'

Dêr  is fêst wol wat fan te meitsjen foar de leafhawwers.

De hiele folder is skreaun mei dat tema yn de efterholle.

Mar de muzyk falt wat út de toan.

Want Faam en Butterfly klinkt wat it selde.

Dat hie Seewolf wêze moatten

of The Waterboys 




maandag 26 mei 2025

Spannende aksje

 Ik haw neist myn de Jong E-Bike

en in E-bike út Sjina

Op dat ding fytse is in feest.

Mar leafst 10 kilo lichter.

Mar hoe lang dat ding him goedhâldt is fansels de fraach.

Gjin service, gjin ûnderhâld, 

want hij komt streekrjocht  út in doaze.

Dat ding haw ik sa'n 9 moanne 

en 4500 kilometer mei fytst.

Mar mei Sjinezen witte je it nea.

Ik haw soarch oer it ferfolch, oer de akku.

At dizze tenein is, is der dan wol wer in nijenien te krijen

want dy Sjinezen dy feroarje produkten samar

of ûntwikkelje samar wer nije.

In lange ynlieding om te fertellen hoe't it gie tmei de oankeap.

3 jannewaris 2025 bestel ik ien bij Sprinter.nl

De ienige saak dy't in losse akku oanbiedt.

Ik haw in grize fyts en bestel in grize akku

Begjin febrearis noch gjin akku

dus stjoer ik in mail

"Problemen mei de levering" it duorret noch efkes

Begjin maart noch gjin akku

"Problemen met de levering, het duurt nog even"

Begjin april noch gjin akku

"Zal even navraag doen bij de inkoopafdeling"

"Nog steeds problemen met de levering, wij weten niet hoe lang nog"

Midden april stjoer ik wer in mail 

Noch altiten sûnder ferwyt

Ein april haw ik myn nocht

Ik stjoer in sinyske mail, mei in ferbitterde toan

Ik krij lichte eksuses mar noch gjin akku

Begjin maaie stjoer ik mail mei in lilke toan

"Wij gaan er achteraan"

Ik sjoch op harren webside 

dat se de akku noch altiten oanbiede 

en de swarte hawwe is op foarrie.

Ik stjoer in mail, ik wol de swarte wol ha......

Nei twa dagen in berjocht.

De levering kan geschieden.

Nei in wike noch neat ûntfongen

Underwilens haw ik ek efkes op ynternet sjoen 

hoe betrouber it bedriuw is.

Dêr wurd ik net bliid fan.

Allegear negatyf en der is sels immen 

dy seit dat se fajiet binne

Wer in mail en dan...... 

krij ik berjocht fan DHL 

dat sij in pakket oanbean krigen hawwe fan Sprinter.

Sneon wie it safier.

De akku is der.

No kin ik einlik "in review"skriuwe

wêr't se net bliid fan wurde.


zondag 25 mei 2025

Keunst yn Littenseradiel

Der wie wer in hiele keunstrûte útsetten 

yn ús gemeente Littenseradiel.

Tefolle om yn ien of twa middeis te besjen.

Wij keazen dit jier foar ien doarp: Reahûs.

Trije lokaasjes en it wie wakker moai

Wij fytse nei in pleats wat efterôf

en sjogge dêr keunst fan in ferskaat oan ideen en materiaal.

It efterein fan de pleats hat in natoerlike útstrieling

en wat der hinget of stiet komt goed ta syn rjocht

It giet der bij keunst net om dat je it moai fine

it giet er om dat it je oansprekt.

Dizze prachtige gesichten sprutsen mij oan.

Se binne makke troch Teresa Takes




Wat mij ek oansprekt is dit nivelefticht taferieltsje

Sa fyn, sa lyts, sa moai betocht en makke 



Dan is der in ûntwerpstudio

wêr't prachtige kaarten makke wurde 

mei grappige tekeningen.

Dêr hawwe wij mar in pear fan kocht.

Sjoch hjir


Bij de tsjerke



Foar de tsjerke leit in fyts mei ferfblik

It is de oanset nei it ferhaal fan Pieter Bootsma



It is goed om earst efkes op dizze wepside te sjen.




Dizze fyn ik sa moai. Sjoch de tekst dy't hij oanjout as herinnering oan syn jeugd yn Turns





Prachtich om te sjen......

Moai ek dat wij dêr persoanlik útlis krigen fan Joop Bootsma, in omkesizzer fan Pieter



zaterdag 24 mei 2025

Utstellers

 Trochpakkers binne it net

dy lju dy't de regearing foarmje.

Utstel is it biedwurd




Het kwam met een aanzet tot een plan...

Tryster kinne je it net omskriuwe

Rinne

 


De earsten stean der

De kommende tiid wurde der noch mear pleatst.

Nim dyn tillefoan mei en rin in rûntsje troch it doarp

en besjoch foto's fan earder op dyn tillefoan 

en lês de nijsgjirrige ynformaasje


Muzyk op strjitte

Freed in lekkere muzykjûn hân as ûnderdiel fan it strjitfestival yn Ljouwert. 


Pulse is wer goed sa as ek al op it Skrik Festival yn 2024



Mocks hat in stevige set mei de ienige echte jierren 70 drumsolo.
In boeiende band



Poppa Jay and the Holy Rollers is lekkere muzyk en fermaak,

Se wiene ek alris yn Wommels op it Nacht fan de Nacht festival

Lekkere muzyk en mei troch in orizjineel mûlripe sjonger ek noch grappich



Bij Orange Skyline kinne de fuotsjes fan de strjitte want dat is wol dûnsbere muzyk. 

It klonk prima, hoewol it net hielendal myn sjenre is



Myn slotstik is foar Jeroen en Emiel fan de Hûnekop. 

It wurdt dêr ek noch gesellich op de Eewâl want in 'bytsje rûch yn de bek' 

en gesellige deuntsjes falle goed yn de smaak bij it wat jongere publyk 

wêrûnder pakesizzer Roan

Op Facebook noch wat filmkes


woensdag 21 mei 2025

Moarnsfytser

It rûntsje moarns is hiel betiid 

dizze wiken mei it moaie waar

Deade boel op moandeitemoarn

Meilahuzen sintrum net berikber op tiisdei

Hurde wyn op woansdei


Skaad en beamtegrien

 ij fytse in middei yn it gebiet tusken Garyp, Eastermar, de Pein, Aldegea en Earnewâld.

In moaie rûte foaral tusken skaad en beamtegrien.

Sa't wij hjir ûnbidich grutte stikken lân sjogge yn de greidhoeke

is dat dêr oars.

Oersichtlike stikken lân

mei beamwallen der om hinne

Moai om te sjen

foar in inkele dei

Want,at ik hjir yn de greindhoeke dropt wurde soe

dan soe ik altyd sjen kinne wêr't ik bin

at ik omsjoch nei in toer.

Dêr net, it liket op elkoar

de beammen stean yn it paad

en in tuorke is net maklik te finen




Tusken Eastermar en de Tike

Tusken de Pein en Aldegea

Yn Aldegea

vrijdag 16 mei 2025

Stokbôle


De Frânsen ite de stokbôle meast net yn ien kear op.

Dat moat wol, oars binne se net mear te iten.

Spikerhurd of taai en sa droech as ........stokbôle.

In stokbôle is altiten krekt te grut.

Dat fine se no ek yn Frankryk

Mei dy sifers oer it wetter wat er foar nedich is

soe ik sizze wolle

se kinne wol in moai stik lytser

donderdag 15 mei 2025

Strip fan neat

Ik haw lekker fytst tiisdeitemoarn

Betiid fan hûs op wei nei Friens en Flânsum

Kofjetiid wer thús 

Yn de brievenbus leit in stripboekje





Ik nim de muoite om it troch te sjen

Wat in ûnsin, hat dy baptistengemeente rûnbrocht.





Frijwilligerswurk

 Woansdeitemoarn de helpdesk bemand

yn de byb

De belangstelling wie minimaal


Middeis de boarterstún hast ûnkrûdfrij makke





Untploffe

Hoe is it mooglik?

Woansdeitejûn goed 22.00 oere

ûntploffe der trije stadions

Dat fan FC Groningen, omdat se gelyk spylje

Dat fan PSV, omdat se no gewoan kampioen wurde kinne

Dat fan Feyenoord, puntferlies fan Ajax levert altyd wille op

en no ek noch de ferminderde kânsen op it kampioenskip.





Freonen op de fyts


Sûnt 2003 lid fan Vrienden op de Fiets

Totaal no 114 adressen hân foar in nachtje sliepe mei moarnsbrochje.

Frijwol alles yn Nederlân,

mar sûnt dizze fakânsje ek twa yn Belgie der bij.

Wij hawwe ek al twa yn Dútslân hân.


 

woensdag 14 mei 2025

Beatriks

 






It bêste nijs dat sneon yn de Ljouwerter Krante stiet !

dinsdag 13 mei 2025

Het smoarge gat

 


Sneintejûn sjoch ik it berjocht dat de Haringvlietbrêge

fan middeis 14 oan jûns 19.00 oere ticht is fanwege in steuring.

Krekt in wike lyn, 

op sneontemiddei fytse wij oer dy brêge.

Middeis in oere as 14.15.

Dat hie wat west, 

oan de oare kant fan de brêge, 15 km fierderop

leit ús sliepersadres.

Dêr haw je gjin alternatyf.....

Het Vuile Gat is de bijnamme

Dy namme docht it ear oan.




maandag 12 mei 2025

Arena

 


Nei 14 dagen  fakânsje

(10 dagen fytse en 2 dagen bekomme)

is it wer tiid foar in muzykje

Nei Neushoorn yn Ljouwert

Wat in jûn.

Molstone klinkt as Deep Purple

en dat stiet mij tige oan.

(Klaas Hingst docht it slachreau)

The Ayreon Project is in muzykfeest fan komsa

mei wit ik hoefolle muzikanten

en wit ik hoefolle instruminten

en wit ik hoefolle ferskillende muzyksjenres.

Machtige jûn.

vrijdag 9 mei 2025

79%

 


Dat nim ik dan wer moai mei

at ik in rûntsje Nederlân doch.

12 gemeenten der bij,

foaral yn Brabân, Seelân en Súd Hollân.

Ik sit no op 79 %.

Mei sa'n grinsrûte kom je ek regelmjittich yn Belgie.

Dat is te sjen.

Ik sit dêr op 5 %

Ik haw it idee dat de weryndieling yn Belgie noch begjinne moat





donderdag 8 mei 2025

60

 


Nei de Berkwertertunnel stie okkerlêsten dit ferkearsboerd.

Dat is raar, tocht ik.

Alle diken sûnder fytspaad binne 60 kilometer yn ús gemeente.

Ik skriuw op 17 spril in mailtsje nei de gemeente

dat dit net goed is.

Op 6 april krij ik antwurd


Geachte meneer Hofstra,

Wij hebben naar de situatie gekeken en wij geven u hierin gelijk.
Dit betekend dat het bord van 'einde zone 60' weg gaat en er een bord 'zone 60' voor terugkomt.

Bedankt voor uw oplettendheid!

Met vriendelijke groet,

Team Verkeer


Op 8 maaie fyts ik der wer lâns


Kompliminten foar dizze flugge ôfhanneling

Nee, it is net sa raar

dat je yn in fierstentegrutte gemeente wenje.

Grinsrûte

 


Oan in moaie fytstocht is in ein kommen.

De grinsrûte tusken Belgie en Nederlân folbrocht.

Mei Tsjeard en de jonges meiriden nei Eysden

en dêr de rûte oppakt.

Dan wer yn B. dan wer yn N.

Wij binne hiel wat grinzen oergien.

Rêstige paden, hast altyd.

It wie in fytsfeest.

De rûte begong yn Eysden

en einige yn Cadzand.

Wij hiene prachtich waar dêr.

Dan stean je yn Cadzand  

en moatte je wer nei hûs.

Yn 4 dagen dagen dien, 

mei in hurde kâlde noardenwyn

10 prachtige dagen

en neffens Jellie wie it totaal 805 kilometer

8 kear sliept bij freonen op de fyts

en 1 kear in appartemint fia Bookin.com



maandag 28 april 2025

Oer de grins en werom

 



It soe samar wêze kinne 

(nee, it is wis)

dat wij de kommende dagen de reade line fytse

It is de grins fan Belgie mei Nederlân 

en dat bochtet aardich faak oer de grins

Maondei sette wij ôf bij Eysden

en dat leit ûnder Maastricht

zondag 27 april 2025

Byld

 



Prachtich, 

in oar wurd haw ik net 

foar dit byld dat bij it âldereinhûs stiet 

yn Weidum

dinsdag 22 april 2025

De ein of de nije wurklikheid

Ferline jier like Aaipop der in ein oan te meitsjen.

It wie úteinlik in 1 april grap

Dit jier like it of wie it net as in grap sjoen

Twa grutte tinten en in harkerseal

se wiene meast leech.

In "bytsje" minsken, in bytsje sfear

Twa kear nimt it meast hiele jonge folk 

wol de muoite mei syn allen nei de muzyk te gean yn de tinte.

Bij De Doelleazen en The Bounty Hunters

Foar in muzykleafhawwer lykas mij 

is der gelokkich noch wol oars en wat moais te sjen

In geweldich optreden fan Fegebart.

Hearlike sound mei in krêftich sjongen.

In band mei útstrieling

Janjakobus Seunnenga yn de Harkersseal

mei syn bijsûndere teksten en presintaasje

Lieten oer froulju en de dea,

sels syn eigen dea besong er mei gefoel

Foar de dea koene wij ek telâne 

bij de metal fan Stoflik Omskot

Prima optreden, mar dat sjênre past mij wol.

It slagge De Greideroaskes ek net 

om de lju yn de tinte te krijen

nettsjinsteande de enerzgy 

dy't foaral sjonger Hille der ynstuts.

Ik sjoch ek bij fan Batsum, Sletten en Skraal.

It ferrast net.

Ferrast wurd ik wol troch Something Else,

In lekkere sound mei de karakteristike stim fan Else van der Grift.




No mar hoopje dat de skea net te grut is

en dat er fertrouen is yn de takomst.

want it foar mij is al sa'n 25 jier 

in moai ritsje op peaskemoandei



zaterdag 19 april 2025

Beam sûnder tûke en blêd

 

Dizze beam stiet  flakbij Lollum,

ik mei wol oer sokke beammen






donderdag 17 april 2025

80 jier befrijing

 Woansdeitejûn 16 april fierde Wommels

80 jier befrijing.

Oerdei in protte Wommelser flaggen oan de muorre

en jûns in rintocht lâns oarlochslokaasjes

Der binne yn Wommels gjin oantinkens 

en dat komt omdat er "net safolle bard is" yn dy 5 jier.

De rintocht begjint yn it Dielshûs

en bij it Reade Hynder wurde bij steande holden troch Pyt

ferklaaid en pratend as in Dútser

Er sagt dass dy Deutsers ein goed plak hatten yn it kafe

mit snapkes en bratworsten

is war da better wie auf dy Hofkamp


Pyt siet alhiel yn syn rol....prachtich!



Bij de Hofkamp stie in eardere tsjerke en  doe in gymlokaal

wêr't se earst sliepplak hiene


Dit wie yn myn skoaljongestiid it gymlokaal

Dit wie myn herfoarme skoalle dy't dêr bij stie.
Ik haw dêr 6 jier opsitten mei genoegen







Wij rûnen lâns it tsiispakhûs

en sjogge dêr in moaie filmke oer de molkstaking fan 1943

Wij heare yn de opkeamer fan it earder gemeentehûs

it ferhaal fan de boargemasters dy't net allegear fan Oranje holden.

Wij rinne nei in gebou op de Hottingawei

wat tsjinst die as distribúsjekantoar

Dêr is in oerfal pleecht, bonnen binne meinommen

mar represailles fûnen wol plak ( op oare plakken)

Wij krigen ynsicht yn it iten fan doe 

en dêr siet net folle fariaasje yn

Wij seagen bij it plak wêr't de Kanadezen 

harren deljoegen foar in lyts momint

foardat se trochreizgen nei Peinjum

Wij koene ta beslút noch harkje nei twa koaren yn de tsjerke

Dat haw ik ien liet dien, 

want it Championsleague partijtsje tusken In Dútske en Italiaanske klup,

tusken in Spaanske en Ingelske klup

dat woe ik net misse

De jûn soarge foar in prachtige loft




In prima jûn mei nijsgjirrige ferhalen en prima regele

Dat er miskien wol 200 minsken de route rûn hawwe seit genôch.

MIddeis hawwe de bern fan de herere groepen dat ek al dien.

Hulde, organisaasje.


Verbazing wie der bij mij en wat oaren

dat er twa kear sein is dat Wommels bekend stie om syn NSB-ers

" Der wiene hjir in soad NSB-ers", waard der sein


Wêr't dy   stellige útspraak weikomt, begryp ik net.

Dêr bin ik wol nijsgjirrich nei.

It is úteinlik sa dat der in hiele minne dokumintaasje is fan de NSB-ers

Op ynternet wurdt oeral oanjûn 

dat der gjin komplete betroubere oersichten binne






woensdag 16 april 2025

Luchthapper

 


Ik fal oer de sin, 

"dan troosten wij ons graag met iets zachts, dat ook een beetje krokant is". 

Ik wist net dat dat sa wie.

Luchthappers neame wij dy dingen