Ik hoechde fannemoarn net fier te rinnen
om wat moais te sjen.
Gelyk stoppe nei it foto's meitsje,
want de linker poat woe ek net echt mei
Ik hoechde fannemoarn net fier te rinnen
om wat moais te sjen.
Gelyk stoppe nei it foto's meitsje,
want de linker poat woe ek net echt mei
It boek oer Burchwert jout ek wat ynsjoch oer tal fan saken.
Sa sjoch ik dit stean oer 1960
Ik bin hast wol klear mei dy spreukenkalinder,
dy Fryske spreukenkalinder 2025.
26 dagen foarbij en de iene nei de oare taalflater
fljocht hjir troch it húske
Hokker Sjinees hat dit ding makke
freegje ik mij ôf.
It soe net kinne meie of kinne moatte
sokke flaters.
Ik haw in mail stjoerd nei de útjouwer
en krige dit antwurd:
Geachte heer Hofstra,
Betiden tilt it op fan de giele buorden.
Moai op tiid en op alle mooglike punten
wêr't de auto's lâns komme
In omlieding, se hawwe der in bealch fol wurk fan
om op it goeie plak de pylken en letters del te setten.
Safolle wurk dat je net dy muoite nimme
om dat foar fytsers ek te dwaan.
Fyts ik moandei mei myn goeie gedrach
binnentroch nei Burchwert
fyts ik troch Burchwert
kom ik bij de trekfeart bij it lêste hûs
en dan is it Ho......
In skrikstek blokkearet it paad.
In giel boerd seit dat Boalsert dy kant út is.
Dat is werom
rjochting Burchwerterhoeke....
Ik fyn in omlieding net slim
in stikje omfytse ek net
mar de wize wêrop se mei fytsers omgean wol.
Der fljocht in ders gefoel troch mij hinne.
Dus gean ik mar rjochting Hartwert
en fyts fia in suterich betonpaad
oer it hiem bij in pleats (Bargepels) oer de Kleasterfeart
nei Boalsert
Sneontejûn bliuwe de leafhawwers oer op it bluesfestival.
Nei Flavium en Livin Blues binne dêr kertier oer alven de Bintangs
Ik begryp dat wol as santiger,
dat je nei in lange jûn it net mear op fuottten hâlde kinne.
In stampfolle bak, dus hast gjin plak foar sitsjes,
boppedat gong it hurry-up tusken de optredens.
It publyk wie wol gemiddeld oan de âlde kant
en at je dit net wend binne is de tredde band krekt tefolle
Net foar mij, want ik kom just foar de Bintangs.
It is myn 13 kear dat ik se sjoch.
It begjint yn 1982 yn it Dielshûs
at ik sels mei organisear as bestjoerslid.
No stean se 42 jier letter yn it Bolwerk yn Snits
Ik stean bij Tiede
Wij hawwe it oer de sound,
dy hearlike slidegitaar
en dat wij sa net in band witte
dy't dit ek docht.
Hearlike hits as Ridin on the L&N, Mona Lisa
en Alright, Alright komme foarbij.
Prachtige ballads spylje se
meast skreaun troch Art Kraaijenveld
dy't mei 71 jier ferstoar.
Wij sprekke ús ferbazing en respekt út oer Frank Kraaijeveld
dy't neffens mij 78 is.
Hielendal ferkeard dus.
Hij is yn jannewaris 80 wurden.
80 en noch sa rocke mei in prima band.
Hoe't hij dat sa lang folhâlde kin
kinne jim lêze yn dit moaie artikel oer syn frou
Sjoch hjir
Yn Hichtum is de Schwartzenbergweg.
Dat wit ik sûnt 1978, want doe wennen wij dêr.
Sa'n fjouwer jier lang, mei in soad genoegen
Ik fyts dan ek graach troch Hichtum.
Yn Burchwert hawwe se ek in stikje Schwartzenbergweg sa te sjen.
Schwartzenberg komt fan ien of oare adelike famylje
dy't dêr wenne hawwe op de Wybrandastate.
Dy state is letter ôfbrutsen
en dêr is in grutte pleats foar yn it plak kommen.
Dy stiet er noch.
Oer de brêge oan de rjochterhân,
de pleats mei it hôf en de grêft der omhinne.
Dy adelike famylje hat wakker wat namme makke yn Fryslân
Ik freegje Chat GPT wêr't noch mear Schwartzenberg strjitnammen binne.
It antwurd:
De naam "Schwartzenbergweg" komt voor in verschillende plaatsen, vooral in Nederland. Enkele bekende locaties zijn:
1. **Amsterdam**: In de hoofdstad van Nederland bevindt zich een Schwartzenbergweg in de wijk Amsterdam-Zuid.
2. **Rotterdam**: Er is ook een Schwartzenbergweg in Rotterdam.
3. **Utrecht**: Deze straat komt voor in de stad Utrecht.
Daarnaast kunnen er ook andere kleinere plaatsen of wijken zijn die een straat met de naam Schwartzenbergweg hebben. Als je specifieke informatie zoekt over een bepaalde Schwartzenbergweg of een context waarin deze naam voorkomt, laat het me weten!
Ik bin fansels net tefreden mei dit antwurd.
Hichtum, dêr bin ik wis fan en Drachten neffens mij ek.
Dus sis ik tsjin yn de Chatboks: Ook in Drachten?
Ja, je hebt gelijk, er is ook een Schwartzenbergweg in Drachten, blablabla
Ik wit ek dat der ien yn Bitgum is, dus mar wer freegje
Ja, je hebt gelijk, er is ook een Schwartzenbergweg in Beetgum blablaabla
En Sneek dan freegje ik
Ja, je hebt gelijk, er is ook een Schwartzenbergweg in Sneek, blablaabla
Ik jou de moed op.
Ik haw gjin sin om alles foar te sizzen.
Om te fertellen dat der yn Balk in Schwartzenbergstrjitte is
Dat Fysk sil syn grinzen wol te boppe gean
April 2024 foar it lêst fuotballe.
De skuon noch efkes holden,
want miskien wurd ik ûnwennich fan dat oerke Efkes Balje.
Ik bin net ûnwennich nei 8 moannen.
Dizze wike kocht ik nije draafskuon
en ik haw mei klean en skuon in fêste rigel.
iets der yn, dan ek iets der út
Dy rigel haw ik sels oanpast yn 2025
Ien (pear skuon) deryn, dan twa pear skuon derút.
Foar klean jildt no it selde.
Dêr gean se yn de tekstylbak...
Der binne no 50 fytsers yn Fryslân
dy't ûnderskieden binne mei de Sulveren fyts.
In heech oanskreaune priis betocht troch de FNP.
Willem Bosma krige begjin jannewaris de lêste.
De lêste dêr liket it op,
mar Willem is/wie sjoernalist
en dy lit dat net samar oer syn kant gean.
In prachtich stik dêr't ik mij hielendal yn fine kin
en ek wol yn herken.
Dat is logysk want
yn 1998 krige ik de sulveren fyts
At dy ek fan sulver is,
kin ik sa net sa goed sjen
It is al efkes lyn dat ik him foar it lêst poetst ha..
"Fytser fan al den dei"
stiet der op,
andêr dat ik 365 dagen yn it jier fyts
en soms 366 dagen
At ik yn it ferfolch troch Beetstersweach fyts
sil ik oan it boek Abbingawâld fan Sj. van der Schaaf tinke.
It skynt sa te wêzen dat hij mei dit boek dat doarp,
mei al dy fritsen en fratsen fan minsken,
op it each hat, at er dit boek skriuwt.
It is fan 1947 dus giet it oer noch earder.
Al dy koarte stikjes oer minsken út it doarp soargje der foar
dat ik wer hiel lang oer dit boek doch.
Wat langer ik der fan genietsje kin wat better.
Yn 1999 komt der twadde printinge (dat is 52 jier letter)
en dan wurdt der oer sein dat "het nog steeds een lezenswaardig boek is".
k kin jim sizze no wer 25 jier letter is it noch altyd in pronkje.
Foar de leafhawwer fan it moaie âlde Frysk stel ik it tydlik beskikber
Ik haw op gym sitten
yn myn jonge jierren
Der stietmij noch bij in "optreden "op it keatsfjild
en in optreden yn it Dielshûs.
De koprol tink ik,
mear hat der foar mij net ynsitten.
Hânstân, it heucht mij net.
Oer dat optreden op it keatslân
fyn ik in krantestikje
út 1960
Ik fyts hast alle wiken wol in kear troch Lollum
Ik fyts dan ûnder oaren oer de Elshoutbuurt
Bij de namme Elshout giet mij net in ljochtje brânen
dus oant juster ta haw ik gjin idee
hokker boppe-ierdske betsjutting dizze man foar Lollum hân hat.
Dat wurdt ynienen oars
at ik it nijsgjirrige boek oer Burchwert op de kop tikje
Yn dat boek stiet in prachtich stikje fan dûmny Liuwe Westra
oer hoe't Burchwert krekt net griffermeard wurden is.
Dat hat mei Lollum te meitsjen sa lês ik.
De namme Elshout falt ek
en dan is myn nijsgjirrigheid der hielendal.
Ik wol graach mei jim dit artikel diele
Dat de Elshoutbuurt tusken de
herfoarme en grifformearde tsjerke leit
dat sil wol gjin tafal wêze.
Ik fyn it hiel tapaslik
Sneontemoarn eage it allegear wat wintersk
Dus it trekpaad mar efkes om
Rinnende
Hast gjin wyn en dan leit de trekfeart samar ticht
De fûgels sykje bij de fûgelwyk in plakje yn de lijte
De sinne komt wer moai op
Ik kin in protte minsken troch de muzyk.
Muzyk ferbynt
It is 2013 en 2018 dat ik yn Poadium Asteriks bin.
In optreden fan Claw Boys Claw.
Yn dat switterige âlde sealtsje boppe
is it beide kearen ien grut rockfeest
Wij gean út ús dak
en op ien fan dy jûnen tref ik Jan.
Ik kin him net echt
haw him wol faak sjoen
mar op dizze jûn genietsje wij beide
foaroan bij it poadium.
Jan út Itens.
Wij hawwe it der dy jûn noch efkes oer.
Nei dy dei sjoch ik Jan folle faker.
Bij de Jumbo bijgelyks
"bist der noch wolris op út"
is it begjin fan in meast koart petear.
Yn Itens bij de muzykjûnen
"moai dat wij der wer bij binne
en wat in goeie band"
sa hawwe wij it der wer efkes oer.
Mei de klam op efkes.
Wij wiene gjin lange praters.
Net tafolle wurden seit soms mear,
oer ús muzikale freonskip.
Wat in skrik dizze wike.
Earst al it berjocht dat der in man yn de sleat fûn is yn Itens
'Wa soe dat wêze?'
Dan de adfertinsje yn de LC.
Jan Flier út Itens,
noch mar 71 jier, is stoarn.
Harrebarre...
Wat in gemis foar syn famylje
en ik sil him op 8 febrewaris yn Itens ek misse.
Wêrom is in alkoholfrij bierke like djoer
of sels djoerder as in echt bierke?
Dat is de fraach boppe fan in artikel
dat ik tsjin kom op ynternet
Ik bin benijd en lês it
Dat ligt voor een groot deel aan het productieproces van de 0.0-drank.
Het grootste deel van de alcoholvrije dranken is gedealcoholiseerd, meldt het Voedingscentrum.
Dat houdt in dat alcoholvrije dranken op dezelfde manier worden geproduceerd als de alcoholhoudende variant, met nog een extra stap om de alcohol er weer uit te halen.
Jellie hat hast altyd in bidon bij de hân.
Yn 'e hûs mar foaral op de fyts.
Op de reesfyts en de elektryske fyts
pronkt in ljocht blauwe Frysman bidon.
At ik mei Syb fan twa bij de Opslach lâns rin
en ik sjoch de twa fytsen fan syn neefkes stean
sis ik: sjocht de fytsen fan Samme en Nyck.
Syb, dy't altyd earst goed sjocht
en dan reagearret seit
Nee, fyts fan beppe...
Nee, dit is de fyts fan Samme.
Fyts fan beppe....
Ik kin prate wat ik wol,
mar it bliuwt de fyts fan beppe
dy mei dy ljochtblauwe bidon
Op woansdei 3 desimber belje ik oan bij frou Ruiter.
Ik bin op stap foar de rubryk 'Bakje bij" yn Diggelfjoer
Frou Ruiter liket mij in moaie kandidaat.
Ik kin har al hiel lang en fia it digitaal kafee
en de kompjoeterkursus yn de byb
haw ik in protte wurdearring foar har.
Tiid foar in petearke
Hjoed, 6 jannewaris haw ik de famylje kondolearre
en haw ik thús fia ynternet
de prachtige, respektfolle ferhalen fan har bern en bernsbern heard,
yn de betinkingstsjinst.
Op 28 desimber is hja ûnferwachts stoarn.
Wat in skrik
Sa tryst, in frou dy't noch safolle koe en woe....
In kreaze tekst oer it drama fan Grins
It stiet dizze wike yn lannelike deiblêden.
Sa song ek it mei Boudewijn it yn 1966
(doe wie ik 12)
Abbingawâld is in boek út 1947.
It leit op de 'meinimtafel' bij Tresoar.
Ik nim it mei en hoop dat ik ferrast wurdt.
Mei Abbingawâld wurdt Beetstersweach bedoeld yn eardere tiden
De skriuwer hat dêr op it gemeentehûs wurke
en beskriuwt yn it prachtige stl yn geef, âld Frysk
alles wat er yn it doarp bart.
It jout in moai byld fan earder
en ik genietsje fan it Frysk
útsein wannear it op de kop stiet
In hoopfol begjin fan de dei
at ik fannemoarn op de Bieren fyts
In momint om bij stil te stean
yn dizze oer it ginneraal tsjustere tiid
Fytst en draafd hjoed
en mar ien kear wiet
at ik net skûle hie
Droech dus
It sifermatich produktyf jier 2024
8.400 kilometer fytst op in E fyts
3620 kilometer fytst op in gewoane bukfyts
322 kilometer draafd
518 kilometer rûn
48 nederlânstalige boeken lêzen
8 fryske boeken lêzen
2 E-reader boeken lêzen
91 bands ensf live sjoen
0 kear mei de hûn rûn
Doelen 2025
400 kilometer drave
mei as haaddoel de 10 kilometer Berenloop yn novimber op Skylge
2600 kilometer op fyts
7401 kilometer op E bike
400 kilometer rinne
Wandrer
Doel is te fytsen oer 75 % fan alle diken/fytspaden yn Fryslân
It sit no op 35%, dat is 4.379 kilometer
Doel foar 2025 is op 60 % te kommen
Gemeentechallenge
Ik haw sûnt april 2020 yn 75 % fan de Nederlânske gemeenten fytst
Doel foar 2025 is 90 %
Postkoadeschallenge
Dizze challence is nij.
Fanôf april 2020 haw ik 41,65 % fytst
Doel foar 2025 is 75%
It wie wat maklik om it Delta glêsfeselnetwurk oan te skaffen
Superfluch ynternet en fergees oanlein, wie it lokkerke
Yn jannewaris 2024 sletten se it oan.
Ik hie Ziggo ek noch efkes oanhâlden
sadat ik fergelykje kin.
Delta is in tsjinfaller
Hielendal net supersneller as Ziggo.
It jier is om en yn myn agenda
stiet alle lange tiid: Delta opsizze.
Dat is noch net samakllik.
Fia ynternet en harren supersnelle glêsfezel kin dat net
Ik moat belje
Dêr bin ik net gerêst op en nim mij foar
dêr in healoerke foar út te lûken.
In healûrke is te min.
Keuzemenu 'opsizze"
dan frees ik it slimste
dy komme as lêsten oan bar.
Nei 36 minuten in dame oan de line
Ik jou de gegevens op.
"Dus opzeggen"
"Waarom"
'Omdat Ziggo better is'
"Ik zet u in de wacht dan komt er zo een kollega die dit regelt"
Wer 3 minuten wachtsje
De kollega:
"Mag ik uw gegevens"
"Ik zie het, dat pakket, dat gaan we regelen,
ik zet u even in de wacht, 1 minuut,
dan krijgt u een collega die dit kan afhandelen"
1 minút is bij Delta 4 minuten
want nei 4 minuten krije ik de ôfhandelkollega:
"Mag ik uw gegevens"
Ik hâld it net mear.
"Gegevens? die heb ik al twee keer opgegeven
bovendien ben ik nu 44 minuten aan de lijn,
en nog steeds zonder resultaat".
Dat stiet menear net oan.
Hij falt mij yn de rede dat "ik kalm moet zijn'
oars kin hij it net oplosse.
Ik jou noch in kear op dwingende toan oan dat......
tút...tút....tút
Menear Delta hat de ferbining ferbrutsen.
Dêr sit ik dan nei 48 minuten.....
Ik wol fan dat Delte ôf, dus mar wer besykje
Nei 19 minuten wachtsje de selde prosedure.
Earst de frou mei de selde fragen
dan wer minuten wachtsje in man
mei deselde wurden,
"ik zet u in de wacht voor een collega om het af te handelen"
nei 8 minuten de ôfhannelkollegea oan de line
In frou, alderfreonlikst, krekt as mij.
Nei twa minuten is it beslikke
Nei 1 oere en 22 minuten bin ik fan Delta ôf.
Dat wij no in ûnderdiel binne
fan in fierstentegrutte gemeente moat in oorsaak ha.
Wêrom hawwe wij net op tiid ferkearing socht mei Wûnseradiel
om mei Boalsert as haadstêd in moaie gemeente te meitsjen.
Wêrom net?
Wat is der mis gien yn it ferline?
Ik haw it fûn.
It kin net oars as oan dit ferhaal lizze.
Ik begryp it skeel mei Wûnseradiel en Boalsert no hiel goed.
Wûnseradiel as saneamde "grappenmakker"
en Boalsert as útfierder
Yn 1959 is it dus mis gien
......ik der út
dat haw ik altyd sein, at ús bern om in hûn freegje.
It is al lang dúdlik, ik haw neat mei hûnen.
Ik wurd der ûnrêstich fan.
Rinne mei in hûn ?
Ik tink net dat dat er ea fan komt.
Dit wykein hawwe wij in útfanhuzer:
in hûn, in jonge hûn, drok dus.
Jellie gong der mei te rinnen
en ik prate wat mei him.
Del, del en sa
Silke is net wend oan in trochgeande dyk te wêzen
dus wat beweging dan is it opstean ek koekeloere
Is it hûn, dy't foarbij komt
dan is it wat mear dan dat.
En ik....
Ik sit er bij en meitsje in moaie foto
fan in leave hûn
Sygrid van T Zet skriuwt prachtige koarte fersen.
Fersen mei gefoel foar taal.
Meast yn it Frysk mar ek wol yn it Nederlânsk.
Ik folch har op Facebook
en sij ferrast mij alle kearen wer.
Sygrid wie dit jier ek op it Skrikfestival
mei in ferhaal en in pear koarte fersen
Op 22 desimber stiet dit prachtige fers op har side
Ik "pik" it mar efkes yn de hoop
dat mear minsken har folgen gean.
Sa sjocht it programma derút
op myn lêste muzikale feessie 2024,
Net in ferkeard feessie liket mij de Frisan Metalnight ta
It is de 20ste kear en ik haw der noch net earder west.
It is drok yn Neushoorn,
sa drok dat efkes letter op de doar it buordstje "útferkocht" stiet
wylst it ek noch fergees is.
Wat in moai feest
Krinten?
Kronol, fol fjoer mei in tige enersjike sjongeres
My Minds Mine, wat in hearlike sound, meislepend,
de eardopkes hiene der wol yn kinnen
Brainbasket, woh, ik hâld dus fan death metal,
die mar wer bliken.
Geweldich optreden
Oaren?
Drôvich hat pech mei it lûd,
Earst fierstente sêft en dan in gitaar dy't hieltyd skrast
Bildtstar lekkere hardrock mei fjoer en al,
mar it miste de echte dynamyk dizze kear
Mei Deafened to Death en Dimaeon is ek neat mis
De bustiid ropt mij ta de oarder.
Helaas, moat ik trije bands misse
Mar miskien is 7 wol genôch...
Dy lju fol Qbuzz hawwe it noch net op oarder
Neat die it op it stasjon en yn de bus
In fergees ritsje nei Wommels
![]() |
| wol wat spitich dat er altyd ien mei in keale kop foar mij stean giet, it glinstert sa |
De Miss ferkiezing is oan de ein kaam.
Notabene nei Swarte Pyt
Wat is der mis mei swarte Pyt?
Neat
Wat is der mis mei Miss?
In hiel soad.
Beoardielje op úterlik,
je opmeitsje om moai te wêzen,
popperich gedrach fertoane
en yn in wrâldsje komme dy't ferkeard is.
De ferkiezing sportman, sportfrou, sportploech fan it jier,
fuotballer of atleet fan it jier is ek sa iets frjemds.
Kieze tusken
in auto koureur dy't kompleet ôfhinkilk is fan syn team en de elektroanika
In hurddraafster, dy't it op eigen krêft docht mar de snelheid net hellet fan in auto
In reesfytser dy'mei gefaar foar eigen libben alle risiko nimt op in brike libbensgefaarlike baan
In hurddraafster dy't op de 100 meter as in speer giet,
In swimster dy't frijwol neat sjocht
It is gjin dwaan om dêr ien út te kieze
en talrike oaren teloar te stellen.
Taalferoaret, oars is it in deade taal.
"Brugwachter gaat heen"
at ik dat lês tink ik oan it slimste.
Mar it falt ta
Hij giet fan Tsjerkwert nei Wommels
In hiele ferbettering sis ik dan.
Wij dogge in slach troch Gaasterlân.
Op de fyts.
Tusken de beammen waait it iets minder
Bij Nijemardum jout Jellie oan
dat hjir in de Weerd lizze moat
Yn har herinnering hat se hjir doe west op begraffenis.
Jellie is in Holtrop mar de Weerd fan memmekant
It klopt dus.
Yn 1970 stoar Theunis nei in ûngefal, 41 jier âld
wylst syn frou Hilda (nei in sykte) mar 34 wurden is.
Ik haw thús wer hiel wat út te sykjen
want mei de famyljerouadfertinsje yn de LC fan doe
kin ik jûnen foarút.
Dat hawwe je at je lykas Theunis
út in gesin fan 11 bruorren en susters komme
![]() |
| de foardoar |
![]() |
| de efterdoar |
At de pakesizzers fuortgean
dan sizze wij faak
"see you later alligator"
sûnder ús ôf te freegjen wêr't dat wij komt.
Op de kalinder De tijdloze mei allegear muzyknijtsjes
stiet op 12 desimber in aardich ferhaaltsje oer Bill Haley en the Comets
Hij skriuwt it liet net
mar omdat it flopte yn in eardere útfiering
sette hij it op nij op de plaat yn in heger tempo
In moai filmke fyn ik
at je betinke dat it begjin is fan de rock 'n roll
Dat is lang lyn, in krystpakket krije.
As frijwilliger bij de byblioteek yn Wommels
wurd ik dêr mei ferrast.
Net in bon mei koade en dan wat útsykje op ynternet
nee.....
gewoan in doaze mei alles
wat wij oars net keapje.
Allegear hearlik tink ik
Ik hoop al dat wij wat help krije.
Mei de oare frijwilligers haww wij dan sa'n noflik oerke
mei kofje/tee, gebak, wat sûkelade
en in taal bingo,
want dat heart fansels mear bij in byb as in siferbingo.
Oh ja, ik bin de ienige manlike frijwilliger