donderdag 26 september 2024

In gat

It is mar in gat

en sa hjit it ek: Stobbegat.

Op it doarpeboerd stiet wat oars, sels yn twa talen

mar it hjit Stobbegat.

It leit weistoppe, tsjin it kanaal oan

dat rint fan Terherne nei it Hearenfean.

It rint dêr allegear dea,

tk telde hjoed wer 89 dearinnende diken.

Yn de buert fan Stobbegea is in pontsje dat ferbining hat mei Akkrum.

Ik wol hjoed wat Wandrer kilometers meitsje

en sa bedarje ik dêr.

Werom nim ik noch wat stikjes

it Hearrenfean, Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en de Jouwer mei

It wie in moaie rûte, mar it hie wol wat minder waaie mochten

Ferline wike wie ik yn Fiifhûs, no tikke ik Twahûs oan


de fuotbalklup hjit FFS

In mûne oan it kanaal

gjin minske te sjen dêr

dit leit sels op in knooppuntenrûte

yn de buert fan Stobbegea leit Twahûs


woensdag 25 september 2024

It begjin fan de byb (1954)

 Ik haw in pear oerkes âlde kranten trochwest.

Dat doch ik op Delpher

"Wommels" is de sykopdracht

ik sykje fan 20 july 1954 (myn bertedei)

oant 1 jannewaris 1955,

der kommende hûnderten 'hits'

Ik haw der wat úthelle wat ik nijsgjirrich fyn

ik begjin mei de byblioteek.

Moai ferhaal, hoe't de byb yn Wommels kommen is





Ik wit noch dat ik yn myn jonge jierren

yn dy byb oan de Hottingawei west ha.

De byb sit no oan de Walperterwei

en ik bin dêr frijwilliger.

Fanôf 9 oktober help ik bij de kursus "Computeren voor beginners"




Bolwerk 50 jier

 Yn 2025 bestiet it Bolwerk 50 jier.

In moai feit.

Se freegje ynfo fan earder

omdat der fanôf 2005 in goed argyf is.

Ik wit sa wol dat yn ien fan myn earste plakboeken

in kaartsje sit fan it Bolwerk

It is fan 24 septimber 1977



It twadde kaarstje is fan kabaret Honoloeloe. It is ek fan 1977


Yn 1978 is Tsjoch dêr, it Fryske festival en ik bin der bij



maandag 23 september 2024

Echten


Echten is in doarp yn Drinte

Dêr stiet in prachtige âlde plaggenhut










Kleaster Bloemkamp

Wij hawwe der al earder west, 

mar doe wie net alles klear en iepen.

Snein fytse wij nei it eardere kleaster Bloemkamp 

ûnder Hartwert.

In dearinnende betonreed, 

mar sa't jim witte bin ik dêr slocht op.


Dit wie in yngong fan it kleaster

Efter dat muorke stiene de mânske gebouwen


Wat in bouwurk, 



de pleatsen fan no alle yn it neat



Iets fierder op de pleats fan Bouwstra mei in ynfohut




Trije broers út Wommels, lês ik dêr

noch wat diggelguod wat dêr fûn is



zondag 22 september 2024

Trije gemeenten der bij


Sa sjocht it rûntsje fan freed der út.

It doel is om lekker te fytsen

en foaral trije gemeenten trochkruse

Dat lêste slagget

Hoogeveen, Staphorst en Meppel kin ik ôfstrepe

Sit no op 75 % fan alle gemeenten yn Nederlân.

Wat ek altyd aardich is

om plaknammen tsjin te kommen

wêr't ik noch nea fan heard haw











 



zaterdag 21 september 2024

Keihurd

 



Moai festival yn Snits

'Kei hurd' hjit it

en it is yn it Bolwerk.

in stik as 10 bands fan middeis oan 't jûns.

Ik kin it net litte en fyts der hinne foar trije bands.

Stoma, 

Kronol (ferrassend goed) en 

Incursion Dementa

Foar dy lêste kom ik feitlik

Hearlik





Hieslum sa dea as in wjirm?

Is Hieslum sa dea as in wjirm?

Dat frege ik mij ôf.

Dus fytste ik der hinne.

Yndie, it rint dêr sân kear dea

Mar is it in dan in dea doarp.

Se hawwe dêr in muzyk buorkerij, mei in soachfunksje

se hawwe in kamping mei sa no en dan in festival

se hawwe in skitterjend fytspaad om it tsjerke hinne lizzen

se hawwe in ferhaal oer in delstoarten fleantúch

en Hieslum hat 9,54 kilometer oan diken

en dêr haw ik 56 % fan fytst

De rest wurdt him net,

in stek, in kowepaad, in hûn en in dongbulte

wiene blokkades

de reade linen binne it swarte diel binne net te befytsen










Lêsde of lies

De les wurdt mij lêzen,

en terjochte

Okkerlêsten joech ik oan dat ik in bepaald boek lêsde.

Op it momint fan typen, sloech de twivel ta.

Is it ik lêsde of ik lies....

Bij twivel gûchelje ik

in flater, 

want at oaren skriuwe fan lêsde 

dat hoecht dat noch net goed te wêzen.

Ik wurd op ôfstân yn de gaten holden.

Myn 'ansichtkaartstjûrdersfreon' wiisde mij hjir op.

Ik krige in nije kaart út Manchester

mei de 'warskôging' dat it lies wêze moat.

Yn it digitale Fryske hânwurdboek stiet it ek sa,

sjoch ik no ek.

Tenei sil ik dat rieplachtsje bij twivel.



vrijdag 13 september 2024

Taalkuier

In taalkuier yn Wommels, organiseare troch de biblioteek.

In kuier fan de byb nei it tsiismuseum.

Tidens dy kuier mocht ik iets fertelle oer de gebouen

dy't noch herinnerje oan de goeie âlde molkfabrikentiid yn Wommels

De tiid dêr foar en de tiid dêr nei.

Wat in prachtige jûn hawwe wij.

In stik as 10 minsken út in oare lân en in oare kultuer

en wat minsken út eigen doarp dy't helpe mei taalles.

Wij prate Nederlâns (dat is wenne)

en wij reitsje aardich yn petear meielkoar.

Yn it museum docht Ger van Putten syn ferhaal

en erfarings  oer tsiismeitsje wurde útwiksele.

Wat in moaie ynsichten komme oan de oarder.

Kin wol wer ris...







Triatlon


Dizze pion op de dyk

stie freedtemoarn bij de wynmûne fan Iens en Wommels

It wie it kearpunt fan de fytsers

dy't meidiene oan de jeugdtriatlon

Nei twa kilometer bealichjen yn de wyn op,

mochten se mei wat oanmoedings fan mij werom nei it swimbad

om dêr noch wat rûntsjes te draven.

Wat wie it wer in moaie barren.

Swimme, fytse en drave

Twa skoallen út Wommels en ien skoalle út Weidum diene mei

It giet net om winne, mar om it meidwaan

Nei ôfrin krije se allegear in kreas oranje teasjurt.



Vera

Vera yn Grins,

Net dat ik der faak kom

mar in moaie skiednis fan 50 jier popmuzyk 

dat is prachtich.

"Niets zo leuk als een band op het juiste moment zien en horen"

stiet der yn de tekst yn dit artikel

Dat kin ik ûnderskriuwe.

"Idles", no wrâldferneamd 

dy seach ik dêr yn 2018 op in gewoane tongersdeitejûn.

Dat fielde doe sa bijsûnder

en dat wie it dus efterôf ek.




Speak

 Dit jier gjin Jorwert iepenloft foar mij.

Ik bin net fan de mjoesekuls,

better sein ik moat neat fan dat soarte fermaak ha.

Jorwert kiest der dit jier foar dus op syk nei alternatyf.

Arum

Baarderbuorrenbosk

Nea west, 

mar wat in moaie lokaasje

Wat in hearlike sfear bij it stik Speak.

Om te gnizen fanwege it bisarre ferhaal 

en de moaie, faak dûbele teksten.

Om te janken fanwege it tryste ferhaal

Mei oare wurden it wie fan alles wat.

Lekkere stevige muzyk wat wol ik noch mear.

Yn Aryn spylkje se ien kear yn de trije jier.

Ik sjoch der no al wer nei út.










woensdag 11 september 2024

Himelbestoarmje


Dit is de Beech 18.

Der binne 9000 fan makke en der binne no noch 250 yn registrearre

Dat stiet op Wikipedia.

Ik haw noch nea fan in Beech 18 heard.

Oant juster

Doe krige ik wer in kaart út Manchester

Tjallema wol mij dêr yn ha.

Ik wit net,

want ik wol de himel noch net bestoarmje

Noch lang net.




 

maandag 9 september 2024

Fiifhûs

Fiifhûs

ik wit wêr't it leit, mar der hinne fytse dat bliuwt mar der bij.

Oant snein, at ik op de fyts nei Blauhûs gean

om bij it fuotbaljen te sjen.

Under de reek fan Wolsum, 

leit oan de Boalserterfeart Fiifhûs.

Ik fyts der hinne 

en kom bij in in streekje huzen.

Ik sjoch gjin bijsûndere dingen.

Thús  sjoch ik noch efkes op ynternet

at Fiifhûs ek in ferhaal hat

sa't elk doarp dat hat.

Ja dus.

Nijsgjirrige side oer Hantsje Zijlstra


Neiskrift

Krige in tip troch oer de doku fan NPO 

Sjoch hjir



woensdag 4 september 2024

Norman

Sosjaal, belutsen, konkreet, ûndernimmend, 

humorfol, yn foar in diskusje,

mar boppe alles in famyljeman, 

dat is

Norman

 

ús sweager, troud mei Tineke, Jellie har sus

Ik learde him kennen yn 1978.

Hij wenne yn Alkmaar en wij yn Hichtum.

Wij skreaunen elkoar earst brieven

yn it Bokwerders

Dat is ús kompromy




Hij neamde himsels Jan de Hollander

Frysk prate is der net bij, mar hij ferstiet it wol (sa'n bytsje)

ek al is hij berne yn  Noard Hollân en wennet hij dêr 

Mei Norman yn de famylje komt der dynamyk.

Gjin Hollânske bluf mar diedkrêft

It famyljewykein op in kamping, no al hast 25 jier,

is útgroeid ta in bijsûnder Holtrop barren

en mei Norman der bij ûntwikkelt it him hieltyd mear.

Nijjiersdei, in buorrel meielkoar?

Gjin probleem it kin wol bij harren yn Frjentsjer,

wêr't se no al lange tiid wenje

In wykein fuort mei de seis Holtroppen en oanhing

Norman regelt  mei en geniet der fan.

In moaie herinnering (2018) is ek ús muzykjûn yn Amsterdam.

Dropkick Murphys yn Afas Live.

Tsjeard en ik nimme Norman en syn soan Martijn mei.

Wij drinke foar, wij drinke nei en dêr tuskenyn rocke wij.

Norman bedarret yn it pit en wit net wat him oerkomt.







Amsterdam noch efkes yn


Ein maaie is hij der noch bij op it famyljewykein yn Elsloo

Hij set tinten op foar de bern, 

sa't er dat altyd dien hat sa'n wykein.

It kost him in soad muoite dat sjogge wij allegear,

mar foar Tineke en de bern en bernsbern stiet hij altyd klear.

Ek de famylje kin altyd op him bouwe.

Ien fan syn  spesjaliteiten is de reade wyn útsykje 

en yn it wykein priuwe.


Op 1 septimber 2024 is Norman stoarn nei in koart sykbêd.

Noch mar 78 jier.

Ik sil him misse, 

wij sille him allegear ferskriklik misse.






jongkeardels, hij en ik









zaterdag 31 augustus 2024

Wite sokken

In stik oer wite sokken

dy hawwe wij allegear hân

dat wie wat oars as dy swarte, donkerblauwe of grize.

wite sportsokken dat it west

Wite sokken, it stie sportyf.

en je koene se oeral bij drage 

at it mar net yn de sandalen wie.

Dat wie as flokke yn de tsjerke.

No lês ik dat wite sokken der wer ynkomme.

Ik haw gelyk sjoen

at ik noch wat fan dy eardere wite sokken 

yn myn sokkela lizzen ha.

Dat is net sa.

Dy haw ik allegear brûkt om de fyts skjin te meitsjen.

Wite sokken

jim sille mij der net wer yn rinnen sjen.

Ik haw lêsten 12 pear deselde (donkerblau) sokken  kocht

dêr kin noch hiel lang mei ta.