Sosjaal, belutsen, konkreet, ûndernimmend,
humorfol, yn foar in diskusje,
mar boppe alles in famyljeman,
dat is
Norman
ús sweager, troud mei Tineke, Jellie har sus
Ik learde him kennen yn 1978.
Hij wenne yn Alkmaar en wij yn Hichtum.
Wij skreaunen elkoar earst brieven
yn it Bokwerders
Dat is ús kompromy
Hij neamde himsels Jan de Hollander
Frysk prate is der net bij, mar hij ferstiet it wol (sa'n bytsje)
ek al is hij berne yn Noard Hollân en wennet hij dêr
Mei Norman yn de famylje komt der dynamyk.
Gjin Hollânske bluf mar diedkrêft
It famyljewykein op in kamping, no al hast 25 jier,
is útgroeid ta in bijsûnder Holtrop barren
en mei Norman der bij ûntwikkelt it him hieltyd mear.
Nijjiersdei, in buorrel meielkoar?
Gjin probleem it kin wol bij harren yn Frjentsjer,
wêr't se no al lange tiid wenje
In wykein fuort mei de seis Holtroppen en oanhing
Norman regelt mei en geniet der fan.
In moaie herinnering (2018) is ek ús muzykjûn yn Amsterdam.
Dropkick Murphys yn Afas Live.
Tsjeard en ik nimme Norman en syn soan Martijn mei.
Wij drinke foar, wij drinke nei en dêr tuskenyn rocke wij.
Norman bedarret yn it pit en wit net wat him oerkomt.
Amsterdam noch efkes yn |
Ein maaie is hij der noch bij op it famyljewykein yn Elsloo
Hij set tinten op foar de bern,
sa't er dat altyd dien hat sa'n wykein.
It kost him in soad muoite dat sjogge wij allegear,
mar foar Tineke en de bern en bernsbern stiet hij altyd klear.
Ek de famylje kin altyd op him bouwe.
Ien fan syn spesjaliteiten is de reade wyn útsykje
en yn it wykein priuwe.
Op 1 septimber 2024 is Norman stoarn nei in koart sykbêd.
Noch mar 78 jier.
Ik sil him misse,
wij sille him allegear ferskriklik misse.
jongkeardels, hij en ik |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten